‘Over zoveel jaar behoren wij tot de historie van de stad’

Publisearre op 25 augustus 2015

ELSKE SCHOTANUS – 

De Tynje, dêr wie Elske Riemersma, yn 1956 berne yn Amsterdam, as dochter fan in ‘weromkommer’, doe’t sy seis wie, te wenjen kaam. Oars as de measten fan har leeftiidsgenoaten soe sy nei it fuortset ûnderwiis lykwols net yn Fryslân bliuwe. Nei har HAVO-diploma oan it Nassau Kolleezje op It Hearrenfean helle te hawwen ferhuze se nei Baarn om dêr in HBO-oplieding te dwaan. Se wurke yn Haarlem by in jongerensintrum en, as bijscholing yn it wolwêzenswurk folge sy in oplieding fotografy, film en fideo.

Doe’t Elske sels oan bern ta wie, wist sy dat se dy yn Fryslân krije woe en ferhuze se nei Ljouwert dêr’t se as freelancefotograaf oan de kost kaam. De skiednis soe him in generaasje letter werhelje, want ek har dochter teach fuort, út Fryslân wei, mar ek sy besleat werom te wollen. Wêrom kiest derfoar werom te kommen? Dy fraach yntrigearre har en foarme mei oanlieding foar de útstalling ‘Dit is míjn plek, Kinderen en hun lievelingsplek in Leeuwarden’ dy’t no freed 28 augustus yn it Historisch Centrum Leeuwarden, iepenet.

 

Ljouwert sil oer in pear jier Kulturele Haadstêd wêze, mar hoe is de stêd foar de bewenners sels? Hoe ís it libben hjir eins?

 

Dit is míjn plek
Tritich bern binne portrettearre op harren leafste plakje en dêrmei jouwe de útstalling en it boekje dat tagelyk mei de eksposysje útkomt in byld fan it Ljouwert fan no. Elske is der drok mei. Hienen de âlden al tastimming jûn foar de eksposysje, no’t der boppedat in boekje komt, moat se harren foar in twadde kear beneierje, dat se is se allegear oan it mailen en beljen. Dat docht se thús, want op har wurkplak oan de Zuidergrachtswal yn Ljouwert – de Fotofabryk – is dizze hite julydei net te wêzen. Op tafel leit in steapel A-fjouwerkes mei kleureôfbyldings, op de boppeste stiet in famke, briltsje op, yn kleanmakkerssit sittend tusken strewelleguod.

‘Ljouwert as stêd is bot feroare. Ik wie nijsgjirrich hokker bern yn hokker wiken wenje. Ik ha op fjouwer skoallen west dêr’t ik mei groepen bern yn petear gie, dêrneist ha ik fia facebook en de Huis aan Huis in oprop dien. Op dy manier kaam ik oan twaentweintich jonges en famkes; de oare acht ha ik sels socht. Ik hie heard dat bern yn Camminghaburen in moaie hutte boud hienen, dat ik socht dêr om dy hutte, mar dy wie nearne te ûntdekken.’

‘Sa rekke ik yn petear mei in frou dy’t mei de bernewein kuiere en dy’t fertelde dat har soan graach yn ’e boskjes siet en oesa fan de natuer hold. It wie sa’n moai ferhaal, dat ik frege har oft ik him fotografearje mocht. “Er zijn dieren”, hie it jonkje sein doe’t er my mei nei syn plak naam en ik ha him portrettearre mei in kiker op ’e noas dêr’t er bisten mei spot. Ien fan de bern hie fan kleefkrûd tafels en stuollen makke en der wie in jonge dy’t ûnder in brêge fotografearre wurde woe.’

‘It binne plakken om te boartsjen, mar opfallend faak joegen bern ek oan dat sy dêr ta rêst kamen. Stedsbern sykje toch de natuer yn de stêd op: parken, boskjes dêr’t skûlplakken boud wurde. Dat blykt ek út ûndersiken: bern ha de natuer noadich. Der wie in famke, dêrmei strúnde ik troch de struken dêr’t sy in hutte ha soe. Op in stuit sei se: “En hier is het”, mar ik seach hielendal neat. Der wie ek neat, dat ik fotografearre har sittend op de grûn, tusken twigen dy’t justjes oer har hinne bûge, mar in hutte wie it beslist net. Oaren wiisden my derop dat it just hiel moai wie, sa’n famke dat derfan oertsjûge is dat har fantasij echt is.’

 

… dan wie ik Little Joe …
‘Oft ik as bern sa’n plakje hie? Nou, nee … ja, safolle …’ Yn Elske har eagen ferskine stjerkes. ‘De souder by de skuonmakker op ’e Tynje, dêr rûkte it sa apart en dan boarten wy Bonanza en wie ik Little Joe. Dan makken wy hynders en yn my hie ik it gefoel as wie ik op ’e prairie.’

Op ien fan de foto’s stiet in twalling, Ids en Haije, beide in knikkerpûde yn ’e hân, makke fan waskhantsjes, in byld fan alle tiden dat by eardere generaasjes werkenning opropt. ‘Hoe boartsje bern? Wannear hâldt it op? Dêr wie ik benijd nei. Elastiken twist wurdt nergens mear dien, meske pikke likemin. En wêrom wurdt op it iene plein al knikkere en op it oare net? Fan de iene op ’e oare dei is it knikkertiid, mar wa begjint dermei? Ik woe de spanning dy’t it knikkerjen bringt werjaan, hie iets yn ’e holle. Sei ien fan de twalling: “Ik vind rekenen eigenlijk veel leuker dan op de foto”.’

‘Mei’t de útstalling oer de iepenbiere romte giet, binne de bern bûtendoar fotografearre, los fan harren sosjaalekonomyske achtergrûn. Ik ha yn in soad buerten west, sjoen hoe’t it strjitlibben dêr is. Dêrmei is de stêd foar my boeiender wurden. Mei de kaart yn de hân wie ik yn Aldlân, mar dan noch moast ik minsken op ’e dyk freegje om in adres te finen. Ljouwert sil oer in pear jier Kulturele Haadstêd wêze, mar hoe is de stêd foar de bewenners sels? Hoe ís it libben hjir eins?’

 

Hoe boartsje bern? Wannear hâldt it op? Dêr wie ik benijd nei.

 

‘Bern binne meast posityf oer harren omjouwing, sjogge der fan alles yn. Is Ljouwert foar de ien grut, foar de oar is it in lytse stêd, “Alleen leuk als er kermis is”. Of it reint der fierstente faak. De teksten by de foto’s binne fan harren sels. Jout de ien op de fraach “Waar woon je over tien jaar?”as antwurd “Bij papa en mama”, in oar siket it yn Amerika of is fan doel mei it sirkus de wrâld yn te gean.’

Doe’t it Ljouwerter sintrum foar de keunsten Parnas, dêr’t Elske Riemersma les joech, ticht gie, sette sy yn 2012 yn it pân fan de eardere ‘boekbinderij en kantoorboekenfabriek’ Scheepstra op de Zuidergrachtswal, no in bedrijfsverzamelpand, útein mei de Fotofabryk dêr’t kursussen, lêzingen en workshops jûn wurde en útstallingen te sjen binne. As bedriuw woe sy it goed dwaan en sy makke it ta in libben sintrum foar amateurfotografen. De doka fan Parnas ferhuze mei, dêr kinne kursisten ek yn it digitale tydrek noch leare barytprinten te meitsjen.

Mei fototentoanstellingen, festivals en oanmeldingen fan jongeren foar keunstakademys blykt de lannelike belangstelling foar de fotografy as keunstfoarm enoarm. De Fotofabryk spilet op dy ûntwikkeling yn. Dêrby wurket Elske gear mei de Popakademy dy’t achter de Fotofabryk leit en mei de NHL. ‘Mar doe woe ik sels wer kreëarje. Al langer hie der it plan west om wat mei it Historisch Centrum Leeuwarden te dwaan en ynienen wie der dit idee.’

Se sjoerde har plan yn konsept nei it HCL. Geart de Vries en Hester Postma hienen optein west. Elske bewarret de bern har kontaktgegevens en is fan doel har oer tsien jier op ’e nij op te sykjen om fêst te lizzen wat der fan har wurden is. Dêrmei giet de fotosearje benammen oer de takomst, ûngebrúklik foar in gearwurkingsprojekt mei in ynformaasje- en aktiviteitesintrum rjochte op de skiednis. Of sa’t ien fan de âlden fan de portrettearre bern it ferwurde hie: ‘Over zoveel jaar behoren wij tot de historie van de stad.’

 

No freed 28 augustus om 16.00 oere iepenet de foto-eksposysje ‘Dit is mijn plek, kinderen en hun lievelingsplek in Leeuwarden’ yn HCL. By de iepening wurdt ek it earste eksimplaar fan it fotoboekje ‘Dit is mijn plek’ presintearre. Dit fotoboekje sil tegearre mei de nijste útjefte fan de Moanne as ‘special’ ferskine en ferstjoerd wurde oan al ús abonnees.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels