Oprop Anita Andriesen Priis

Anita Andriesen paste op Fryslân. Har missy: de romtlike kwaliteit beskermje. Nei har ferstjerren yn 2008 rôp de provinsje Fryslân de Anita Andriesen Priis foar Romtlike Kwaliteit yn it libben. Dy oeuvrepriis wurdt fan ‘t hjerst foar de twadde kear útrikt. Oant en mei 9 septimber 2013 kin elkenien in persoan, organisaasje of (wurk)groep nominearje foar de priis.

‘Romtlike kwaliteit is in liedend prinsipe yn it Streekplan fan Fryslân’, lit deputearre Hans Konst yn in brief witte. ‘It hjoeddeiske provinsjale belied is der noch hieltyd op rjochte om dy kwaliteiten te behâlden. Yn it útfieringsprogramma Streekplan is romtlike kwaliteit dan ek ien fan de wichtichste spearpunten. Mei de Anita Andriesen Priis wolle wy dat ûnder de oandacht bringe by de ynwenners fan Fryslân.’

Tema

De Anita Andriesen Priis hat dit jier as tema: ‘Werstrukturearring en Transformaasje’. De belibbing fan besteande romtlike struktueren hat twa kanten: de wurdearring foar it besteande en it gefoel fan sekerheid dat it ferline jout, en de krêft fan de feroaring dy’t it gefoel fan ferwachting, ferrassing en hope biedt. By werstrukturearring feroaret de omjouwing fan funksje, wylst by transformaasje ek de foarm of struktuer fan in plak feroaret.

De Anita Andriesen Priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en ôfwiksele mei de Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing. Yn 2010 gie de priis nei de gemeente Ferwerderadiel. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.anitaandriesenprijs.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.