Op syn Ingelsk

GERBEN ABMA –

Yn de Moanne fan april 2010 komt Bouke Slofstra mei in net ûnaardige bydrage oer de taal dy’t neffens him brûkt wurde moat foar regionale stúdzjes. De auteur wol der op út, regionale stúdzjes mei wàt betsjutting moatte net yn it Nederlânsk mar yn it Ingelsk skreaun. Sa’t de fisitaasjekommisje fan de Fryske Akademy maitiid 2009 al bepleite en yn it artikel mei ynstimming neamd waard. Troch A. Versloot yn syn dissertaasje oer de útspraak fan it Frysk yn de midsieuwen ek yn praktyk brocht, mar troch oaren, bgl. de dames De Jong en Admiraal yn har stúdzjes oer resp. J.H. Halbertsma en A. Wadman, neilitten. Fangefolgen moast bûten de rûnte fan Hollânske lêzers alles wat hja oer neamde figueren byelkoar socht, sneupt en op skrift steld ha, oan de lju foarbygean. In griis, neffens B. Slofstra. De stúdzjes foarmje in brêge: ‘( … ) tusken it pleatslike en pitertuerlike oan ’e iene kant en algemiene en universele oan ’e oare kant.’ Dat giet de lju no fierhinne foarby. De ‘wrâld’ moat heel wat misse. Gjin niget dat de skriuwer de stúdzjes in grutter publyk as it Fryske tatinkt, ja, sels as it Hollânske. Ingelsk dus. Wa wit kinne se dêr wat fan ús pitertuerlikheden opstekke.
It Frysk komt yn it wurdboek fan dy pleitbesoarger foar it Ingelsk, dy’t trije jier by de Fryske Akademy arbeide hat, net foar.

Wa’t himsels weismyt, wurdt fan in oar net opkrigen. Mar in bytsje werklikheidsbesef is noait wei. Mei ik koart op inkele yn it ferhaal brûkte riddenearrings en foarbylden yngean. Wittenskiplike stúdzjes oer Fryske kwestjes ien op ien yn it Ingelsk publisearje liket my nei fleanen. Soks hinget ôf fan it ûnderwerp, ek fan de wize fan behanneljen. De skriuwer hellet alles oer ien kaam, mar technyske ûnderwerpen – sa as boetetaksen of útspraakferskowing yn de midsieuwen – steane yn in hiel oar kader as mear subjektive ûnderwerpen, oer persoanen. Ek de wize fan behanneljen is by it earste skift folle mear standerdisearre as by it oare; de technyk fan it ûndersyk sels en de útkomsten binne dêrby mear fergelykber mei  besibbe kwestjes út deselde tiid, ynternasjonaal besjoen.
Leit it brûken fan it Dútsk dan trouwens net mear foar de hân as it Ingelsk? Mar dat sil wol in detail wêze. Hâldt dat ek foar it beswier dat Ingelske gelearden mei niget oan bgl. it Aldfrysk en sûnder kennis fan Frysk of Nederlânsk, foar harren niget op mar inkele wurken oanwiisd binne? Fierwei it measte fan de diskusjes giet harren, sûnder de kennis fan Frysk/Nederlânsk, foarby. Wat sjitte sy op mei ien stúdzje oer bgl. de Aldfryske grammatika. Ik bedoel mar. Om fan de leechte yn kennis fan de moderne, hjoeddeistige situaasje yn Fryslân by de bûtenlânske Ingelsklêzer mar net te praten. In fiks probleem op himsels.

Lêstneamd probleem spilet by literêre, eigentiidske, minder eksakte ûnderwerpen sterker op. J.H. Halbertsma kin op ferskillende manearen ûndersocht en hifke. Men kin ûndersykje òft de man betsjutting hie en sa ja, wêr’t dy lei. Men kin him fergelykje mei taalkenners – (of wie er wichtiger as skepper fan it Rimen en Teltsjes-proaza?) – út oare regionale taalgebieten of krekt mei kenners fan grutte talen. Men kin syn netwurken neigean, de ynfloeden dy’t er ûndergien hat en sels útoefene hat. Ensafuorthinne.

Lykwols, as sawol de ûndersochte en bestudearre persoan yn syn wurk as de stúdzje oer him net frij-aardich adekwaat binne en meunsterje kinne tsjin itige noarmen en fergelykber wurk yn grutte talen, ja, wat bliuwt der oer? Bestiet dan ferlet om sa’n stúdzje oer wurk yn in lytse streektaal oer te bringen yn in grutte, ynternasjonale taal? En opnij de kearnfrage fan saniis: as dit it iennichste wurk oer de man yn it Ingelsk is, wat hat immen, Sinees, Javaan of wêrwei,  dêroan dy’t ommers fierder oer en om him gjin letter neikomme kin? Om de pitertuerlikheden miskien, yn alle gefallen net om de ‘algemiene en universele’ kant.

Ha wy it alhiel net oer de Fryske lêzers fan J.H. Halbertsma. Doch syn earst en meast oanwiisd publyk. Soene krekt om harren de stúdzjes en ûndersiken oangeande Joast Hiddes net yn it Frysk moatte? Byneed mei in koarte gearfetting yn it Ingelsk, om de lju op de smaak te bringen. Mar nochris, wol op betingst dat èn de man èn de stúdzje oer him der wat op lykje. Oars stekke wy ússels mei ús loftfytserij allinnich mar de gek oan.

As it nypt en weder nypt, hâldt dit alles jitte slimmer foar stúdzjes oer modernere Fryske skriuwers. Dy moatte op syn minst yn it Hollânsk, neffens bedoeld artikel. De net-Frysklêzers soene der te folle oan misse. Yn it begjin fan syn artikel komt B. Slofstra op, sa’t er it neamt, ‘leafhawwers fan streektalen en boereromans’. Hy hat dêr net in hege pet fan op – ûnderkent blykber net dat it syn eigen negoasje is en dat er mei dy klisjee-oantsjuttings, foar yn in regionaal fermidden konstituearjende begripen, himsels as in folleard klisjeefiguer kenber makket. So far so good. Hy pleitet foar publikaasje fan de stúdzje oer Wadman minstens yn it Hollânsk, leaver yn it Ingelsk, as brêge foar net-Frysklêzers – bûtensteanders út soarte – nei it Frysk. It set de regionale taal nei it algemiene en universele.

Behalve in protte oare fragen by in stúdzje oer in skriuwer en syn wurk yn in lytse minderheidstaal, stelt men doch fral de frage oft de ûndersochte skriuwer mei syn wurk eins wol  typearjend foar de kultuer fan dy minderheidstaal is en wol yn de setting fan sa’n situaasje stiet. En bygelyks net yn tematyk (seks) en kader in wat bleek útfallen ôftreksel fan it wurk fan Hollânske skriuwers foar him is.
Oan sokke fragen soene oare foarôfgean moatte as: wat binne de skaaimerken fan in minderheidstaal, c.q. dìzze minderheidstaal, ntl. it Frysk; watfoar wurk foldocht dêroan, wat net, wêrom net/al, ensfh. Fragen steld oan it wurk fan de bestudearre auteur, mar ek oan de ûndersikers: geane dy adekwaat mei harren stúdzje-objekt om?

Foar it antwurd op de lêste frage soe men trouwens wolris neier by de troch B. Slofstra ferspijde le(a)fhawwer fan streektaal en boereroman komme kinne as dat him dierber is. Ek al binne it beide, lykas sein, klisjees, op harsels neatsizzende, leechlizzende oantsjuttings.

Lês hjir de reaksje fan Bouke Slofstra op dit stik

Comments
2 reaksjes oan “Op syn Ingelsk”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.