fotografy: Alfred Miedema

Op sokken fan doe nei no

RYNK BOSMA – 

De taskôger fan it iepenloftspul ‘Koaning op sokken’ yn Sint Anne wurdt yn it begjin fuort al op de ferkearde foet setten. It is op syn Bildts, de minsken dy’t it spul stâl jaan sille, komme byinoar om troch te praten hoe’t it allegearre rinne moat. De plechtichheid fan in toanielstik of in opfiering yn de iepen loft wurdt dêrtroch fuort fan de sokkel ôfhelle, it is minskewurk mei twivel en eamelje. Dat lêste krijt de klam by de fraach wêrom it hûntsje net meidocht. Prachtich geëamel op syn Bildts.

 

It moaie fan it ferhaal is dat de spilers hast op sokken oerstekke nei de tiid fan no om dan in skoftsje letter wer de klompen oan te lûken om te sjen nei de prestaasjes fan Jelle as keatser.

 

It is it ferhaal fan keatsen, boerenarbeiders en boeren dy’t allegearre yn in aparte wrâld libje. Rients Gratama skreau it stik yn 1997 foar it keatsbûn KNKB en dat waard troch Geke Postma oerset yn it Bildts. Regisseur Alfred Miedema bewurke dat wer op hiel eigen wize. It ramt fan it ferhaal komt út it boek ‘De jonge priiskeatser’ fan Nynke van Hichtum en de titel ‘Koaning op sokken’ is liend fan it boek dat Hylke Speerstra ea skreau.

Eins is it in ferhaal fan in dûbele leafde. En foar leafde moat altiten offers brocht wurde. De iene leafde is it keatsen en de priis is stikkene klompen en stikkene sokken en dat kostet jild. En dat is der just net by de âlden Sipke en Froukje. De oare leafde begjint as ‘kalverliefde’ tusken Jelle de keatser en Aaltsje as dochter fan in rike boer. De priis is in brêge tusken boer en arbeider en dy brêge is eins ek net te beteljen.

It moaie fan it ferhaal is dat de spilers hast op sokken oerstekke nei de tiid fan no om dan in skoftsje letter wer de klompen oan te lûken om te sjen nei de prestaasjes fan Jelle as keatser. In prachtige rol foar Sake dy’t as man op leeftiid al hiel wat keatsers foarby kommen sjoen hat. Prachtige útspraken as: ,, ’t Kynd is like nat achter de oren as ’n kalf in ’n boorneamer.’’ Mar ek de útstapkes nei no meie der wêze. Sa seit Sake yn ferbân mei de húshâlding: ,,Niks gyn flokketest of echo. ’t Ene kynd waar de echo fan ’t ândere kynd. Tunworig nimme se ’n kynd in plak fan ’n kynd te krijen.’’

Fansels is de leafde wat optúgd sa’t ek de wurklikheid rûn 1900 wat yn it swart wyt ferpakt is. In priiskeatser fan dy tiid brocht ek wolris wat sinten mei nei hûs. Tink oan Ids Jousma dy’t hûndert jier lyn liigde oer syn leeftiid. As sechtjinjierrige mocht hy net meidwaan oan in jeugdpartij yn Tsjummearum fan keatsers fan fyftjin jier of jonger. Mar hy gie wol mei tsien gûne nei hûs.

Dat it keatsen in sport is wêr’t de kening op de grûn stiet en dêr ek bliuwt is in moaie ferwizing nei de ‘heldencultus’ fan hjoeddedei. Sa is it eins ek mei ‘Koaning op sokken’, it hat de gewoanheid dy’t heart by de keatswedstriden, je sitte op it bankje as yn je eigen hûs. It iennige wat miskien oars kinnen hie wie de muzyk. Dy kaam no fan in cd út 1997 songen yn it Frysk. Yn it Bildts wie moaier west mar fansels ek folle djoerder. Wol wer moai wiene de bylden op skerm fan eartiids. Yn it begjin woe it deiljocht wol wat spultsjebrekker wêze, want wa’t der allegearre foarby kamen wie net altiten dúdlik te sjen.

Op sokken fan doe nei no en oan de ein tebek nei doe as de PC foar de doar stiet. De PC as kapstok foar de leafde tusken mins en sport mar ek as ferbining tusken mins en mins. Miskien wat mei mear slingers optúgd troch de romantyk, mar dat jout neat want dizze foarstelling ‘Koaning op sokken’ fertsjinnet sawol de slingers as de priis.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.