Op jacht nei it slachtersmes. Langst en ferfolling yn de poëzij fan Eppie Dam

Publisearre op 28 februari 2006

JABIK VEENBAAS – 

I De fakman oppenearret him

Eppie Dam syn earsteling, Mei de jierren (1978), hie ik in jier as tweintich lyn alris lêzen, en ien gedicht út dy bondel wie my sterker as alle oaren bybleaun. Dat wie ‘Het dorp’, in oertinking oer de foarming fan de doarpsmienskip. Doe’t ik it boek nei al dy tiid wer opnaam, lies ik alderearst dat fers wer.

It wûnder barde. It rekke my op ’e nij, ek al wie ik yn al dy jierren in oare poëzijlêzer wurden, dy’t faak kritysker hifke en yn fersen dy’t er yndertiid wurdearje koe no noch wolris de tekoarten trasearre. De rykdom oan byld foel my benammen nochris op. Wat hat Dam yn it tredde kûplet bygelyks goed foar ús delsetten hoe’t it doarp fungearret as beskerming:

 

Er vormde zich huid

rond hun adem: huizen ringsgewijs

bij wijze van borstkas hun hartklop

beschermend. […]

 

En wat lit er de idee fan in lichem dy’t dit kûplet befettet moai weromkomme yn de lêste strofe, dêr’t er yn ferwurdet hoe’t de doarpsminske ek nei syn dea as persoan, as namme, fierder libbet yn de mienskip, hoe’t er fuortbestiet

 

[…] … met name

als woord in de mond van dit

lichaam uit honderden zielen

[…]

 

‘Het dorp’ liket op it earste each nochal in aparteling yn de bondel, net allinnich omdat it it iennichste Nederlânsktalige fers is, mar foaral ek troch de ûnthechte, filosofyske toan. It is winliken opset as in riddenearring: ‘De reden van deze verdichting/ van landschap lijkt duidelijk’, sa iepenet it. Dochs leit der wat tears en weemoedichs oer dit fers. Dat komt trochdat de dichter fan it twadde kûplet ôf hieltyd de doetiid brûkt, mar it komt grif ek trochdat er yn syn wurdkar safolle myld meilibjen leit: vriend, kusten, eenheid, warmte, moederlijks.

En sa wurdt it gedicht dan wer ferbûn mei oare yn de bondel, alderearst fansels mei de syklus ‘Geakundich’, dy’t de weemoed fan ‘Het dorp’ om sa te sizzen konkretisearret en ferpersoanliket. Ek it earste kûplet fan ‘doarpsomropper’, it tredde fers út dy syklus, is yn ’e doetiid steld, en ek dêr krijt it wurd ‘waermte’ alle omtinken.

Mar oars as yn ‘Het dorp’ einiget ‘doarpsomropper’ net mei in serene befestiging – ‘tenslotte, reden genoeg’ – mar mei wurden dy’t, sij it noch altyd myld, spyt útdrukke oer de feroaring dy’t it doarp ûndergie:

 

en yndie –

in ‘geluidswagen’op ’en paed:

fleisprizen omheech

en de club kombinearret safe

nei 0-0

 

In ‘geluidswagen’: yn de oanhellingstekens skûlet al in stille feroardieling. It is dúdlik dat it doarp wat oan gemoedlikheid en yntimiteit ferlern hat.

Ferlies. Dat is in kaaibegryp yn Dam syn debút. En dan giet it om mear as sljochtwei de teloargong fan de âlde sfear yn it doarp. De dichter beseft dat libjen as sadanich ferliezen is omdat it fergean ûnferbidlik wachtet. Oer de earste maitiid fan syn libben skriuwt de dichter, yn it Pompsters, it dialekt fan syn bertedoarp Kollumerpomp:

 

mar doe

war ik te groat

fo’ de summer

ferkocht at ik war

fo’ de doad

It leit dan ek yn’e reden dat er syn boek neamt nei de syklus ‘Mei de jierren’, dêr’t er in ‘ik’ oan it wurd lit dy’t mei syn leafste treuret om it foarbije. Dy ik liket nammers nochal wat âlder as de dichter sels. It is as libbet dy him yn yn de sitewaasje fan in man as syn heit, mooglik sels as syn pake. De man sjocht yn dat er ôfskied fan it libben nimme moat, en dat ynsjoch liedt ta in bittere klacht oer alles wat west hat: ‘It is foarbij, wij ha net mear/ as mar in keamerfol âldsear’.

Mei de jierren is, tink ik, in debút fan in hiel behoarlik nivo, en ik sjoch de titelsyklus as in geve, kompakt skreaune fersestring. It is benammen knap hoe’t de dichter it ferline fan de man, in boer dy’t suver syn hiele libben yn ’e natuer ferkeard hat, yn bylden weromkomme lit. ‘Kom, wy sill’ ús waermje oan de bisten,/ hja komme net wer fan ’e stâl foar ús,’ stelt de âldboer fêst, en sa jout er oan dat syn frou en hy gjin libbensmaitiid mear meimeitsje sille. Mar ek mei sinnen as: ‘De wein leit knoeid yn ’t hege gers’ of: ‘De boeren ha it melken dien’, bringt Dam syn bylden fan delgong knaphandich yn de boeresfear.

De tematyk fan de fergonklikheid oerhearsket ek yn de twadde en de tredde bondel dy’t Dam publisearre, Goddeleaze tiid (1983) en Tusken juster en jûn (1983), dy’t fersen befetsje út respektivelik 1975/1976 en út 1977/1978, fersen dy’t letter skreaun waarden as dy út syn earste bondel, mar dochs al ôf wiene doe’t er dy útbrocht.. Hy neamt de tiid ‘goddeleas’, of in ‘goddeleaze roek’, en mei goddeleas, hjir faaks in wat útdroege wurd, bedoelt Dam benammen dat de tiid in genedeleaze, duvelske smjunt is, dy’t machteleas makket; mar as er de fraze yn it fers ‘Foto’ brûkt, lit er ek in nostalgyske ferwizing meiklinke nei in tiid dat de wrâld noch argeleas ûnder Gods albestjoer rêste:

 

de tiid

dat straf

in seine wie

en god

in lange jas

oanhie

 

De dichter fergeliket himsels mei in fisk dy’t oan it heakje spartelet of sels mei in mich dy’t tusken de siden fan in âld boek fynknypt wurdt. Ek de leafde wurdt nochal ris bedrige troch de ‘kjeld’ fan de dea, lykas yn it fers ‘Nachtfroast’ út Tusken juster en jûn:

 

hjir lizze wy

it burd fol jûkels

izel klommet

op dyn boarsten

 

Der oppenearret him yn dizze bondels in fakman, in dichter dy’t syn fersen kundich opbout en ôfmakket en dy’t syn grutte tema mei flêr bespilet. Mar dat fakmanskip lûkt ek wolris in flues oer de fersen hinne. As Dam bygelyks yn it fers ‘Maitiid’, it iepeningsfers út ‘Tusken juster en jûn’, dit kûplet opnimt:

 

It ljocht is yn my stoarn, myn eagen binn’ leech,

Hoe grien ek it gers oer it gea, de dei is dea.

Ik glimkje, leave, mar der laket dy in leagen ta,

Ik freegje dy, mar haw al lang gjin fragen mear.

 

dan jout er my it gefoel dat er in ferskriklike wierheid fertelt yn in taal dy’t dy ferskrikking gjin rjocht docht omdat er te folle glêdstrutsen is. De rigel ‘hoe grien ek it gers oer it gea, de dei is dea’ is handich mei alliteraasje en rym oan elkoar smeid, mar hy docht my neat, omdat er obligaat is, omdat er, lit ik Dam syn eigen wurden mar ris brûke, ‘safe kombinearret nei 0-0’. Boppedat liket de tematyske fiksaasje, dêr’t op himsels út soarte neat op tsjin is, noch alris te lieden ta in iensidichheid fan oanpak. ‘De wurden no tsjin ’t sin/ fergnize har dat ik it bin’, sa geane de slotsinnen fan it fers ‘Maitiid’ út Goddeleaze tiid. Yn de slotrigels fan it fers ‘Fiskje’ treffe we hast deselde formulearring oan: ‘no sjoch ik// oan it sparreljen/ fan sturt en fin/ dat ik it bin’. En it fjirde fers fan de syklus ‘Sniepoppen’ einiget wer op in fergelykbere manear: ‘ik kom dy yn myn earmen tsjin/ mar neat bewiist dat ik it bin.’

De syklus ‘Oktober’ (út ‘Tusken juster en jûn’) jildt foar my dan ek as ien fan ’e hichtepunten út dizze beide bondels, omdat de dichter dêr syn wrakseling mei it libben, en yn it bysûnder mei it fergean fan dat libben yn foarm en formulearring weromkomme lit. In kûplet as it njoggende:

 

ik stean de reade gloarje net

fan proastich stappende fesanten

ik mij it fjoer dat fan ’e beammen slacht

ik wol de nacht

en inkeld pears bestjerrende krysanten

 

hat in wredere toan as dat hiele fers ‘Maitiid’ dêr’t ik hjirboppe út sitearre en it komt jin dalik oan it hert. Is it ek foarmeleazer? Dat liket mar sa. De rauwe, raffelige foarm past by de betizing dêr’t útdrukking oan jûn wurdt en komt hjir dus just ta syn doel. De syklus foldocht my ek as gehiel omdat Dam op in subtile manear de suggestje wit oer te bringen dat hjir in slim gefoelige man oan it wurd is dy’t besiket om syn sear net te fielen. Yn de earste fersen liket de ik der noch frij goed yn te slagjen om ferdôving foar syn pine te finen:

 

ik lit my it sear

foar ivich en ivich ferreine

 

Mar yn it fyfde kûplet wurdt ús al dúdlik makke dat dy ferdôving in grut hertsear de baas moat:

 

hoe fier hoe siik moat men wêze

en sjong oktober in glaaien lofliet ta

 

Yn it sânde is it leed eins al net mear te bestopjen, ek al keart er ‘it kjessen om/ de pine te fersliepen’. En yn it achtste, dat ik hjirboppe al oanhelle, liket suver in man oan it wurd dy’t de pine net ferdrage kin: ‘ik stean de reade gloarje net/ fan proastich stappende fesanten…’

Dy rigels dogge my tinken oan de iepeningssin út Sylvia Plath har fers ‘Tulips’: ‘The tulips are too excitable, it is winter here…’ Krekt as de ik út ‘Tulips’ wol de ik út Dam syn fers de pine op ôfstân hâlde. En krekt as by Plath is by Dam de pine under it oerflak te fielen.

 

 

II It ambacht ferliedt

It geefste fers hast net beprakkesearre/ mar is dy yn it lampljocht presintearre’, sa geane de kearnrigels fan it fers ‘In ûnderdak fan lampljocht’. It is te finen yn de bondel Fjouwer fertikaal (1985).

Fjouwer fertikaal bestiet folslein út sonnetten. No binne der ek hjoed de dei dichters dy’t har krekt yn de sonnettefoarm it bêst uterje kinne, dy’t ûnder it twangjok krekt ta har grutste kreative hichten rikke. Mar ik tink net dat dat foar Eppie Dam jildt. O ja, de sonnetten yn Fjouwer fertikaal lykje mei gemak skreaun. Mar miskien komme har tekoarten wol fuort út dat gemak. De ambachtlike rûtinier slacht yn dit wurk foar master op. De formulearringen wurde klisjeemjittich, de jambyske patroanen stjittend, it rym en it ritme te bepalend. Besykje yn de rigels

 

Do wjukkest ivich yn myn dreamen,

Godlik heech yn reagen wyt satyn,

 

mar ris in oarspronklik wurd te finen. En nim no ris de earste terzine yn it fers ’Famke yn de rolstoel’:

 

Hoefaak haw ik dy yn myn winsken heind,

Hoefaak dy prinslik droegen yn gedachten?

Dyn delslach wie woldiedich yn my reind –

 

Wat betsjut yn fredesnamme dy lêste rigel? Rint Dam dêrmei foarút op de lêste trijerigel, dêr’t er beskriuwt hoe’t er it famke (yn gedachten) dellein hat yn de berm, wierskynlik om mei har te frijen? Mar wat is ‘delslach’ dan in nuvere, kâlde term. Of soe er ferwize nei har handikap, en dy ferbyldzje mei it wurd ‘delslach’? En soe er dan sizze wolle dat de handikap, de breklikens fan it famke yn syn dreamen woldiedich waard? Wat de sin ek betsjut, it bliuwt in hopeleaze ûnechtheid, in echte stoplape.

De oerfloed fan hyperbewuste ferwizingen nei it skriuwproses drage by ta de sfear fan keunstmjittichheid dy’t it boek útwazemet. ‘Do bist yn de kwatrinen jitris ripe’; ‘Wat jout it dat ik alles wat ús skeind/ en brutsen hat, te plak bring yn kwatrinen?’ – it binne slim betochte formulearringen, dêr’t it ilestyk dan ek noch ris finaal út is.

Ik lûk myn wynbrauwen dan ek erchtinkend op as Dam yn ‘In ûnderdak fan lampljocht’ de trêften besjongt fan it fers dat spontaan ûntstiet. No is Fjouwer fertikaal binnen Dam syn oeuvre in útstap, in eksperimint. Mar de mislearring fan dat eksperimint seit in soad. Krekt troch syn grutte ambachtlike fermogens wurdt dizze dichter bytiden yn ’e ferlieding brocht om mar wer nij wurk te meitsjen en om dat dan mar wer te publisearjen. Net foar neat makket er sa faak gelegenheidswurk. Te lange lêsten (1986), in bondel fersen by in searje skilderijen fan Henk Pietersma, is sa’n gelegenheidswurk, syn bydrage oan Boulân (1990), in bondeltsje dat er yn ’e mande mei dichteres Margryt Poortstra en byldzjend keunster Matty de Vries makke, is it winliken ek. Hoewol’t de skriuwer yn in ferantwurdzjende tekst by Te lange lêsten beklammet dat de fersen frije ynterpretaasjes fan de skilderijen binne, oerhearsket nei lêzing de yndruk dat de measte fersen it sûnder har oanlieding net oerlibje. Dy ferwize trouwens ek wurdlik nochal ris frij dúdlik nei it byld, mei wurden as ‘sa’, ‘sjoch’, ‘hjir’ en ‘dizze’. De útsûndering op de regel is trouwens ek oanwêzich. It twadde fers fan de rige, dat begjint mei de rigel ‘In nacht foarby: as in waarme wolken’, ûntstiicht nei myn gefoel mei glâns oan syn gelegenheidskarakter. Op in yntinse manear ropt it foar ús op hoe’t in minske wifeljend en oergefoelich begjint oan de dei:

 

Soe de flier him net oan my fertille?

Foarsichtich hifkje myn teannen

it deiljocht, as ien nacht iis

sa kâld en breklik

 

Makwurk treffe we op ’e nij te folle oan yn Dam syn bondel De kaai ûnder de klok (1986). It fers dêr’t it boek syn titel oan ûntlient – it hyt ‘De pronkkeamer’ – mei as foarbyld jilde. Yn sân rymjende kwatrinen wurdt de op himsels nijsgjirrige gedachte útwurke dat in pronkkeamer in romte is dêr’t net echt libbe wurdt omdat lijen en twivel der gjin tagong hawwe. De kaai leit ûnder de klok: de tiid liket skoft te hâlden yn dizze keamer. Mar de rigels binne sa dúdlik foar rym en ritme útrutsen en de pointe wurdt sa faak werhelle dat der in flak gehiel ûntstiet.

Tink dêrom net dat it fergean yn dit boek ôfwêzich is, en dat de striid en de twivel ferdwûn binne. Gelokkich net! Want ek dit boek moat it benammen hawwe fan fersen dy’t it libben problematisearje.

Moai is bygelyks it fers ‘Nachtfroast’, dêr’t de dichter mei effektrike bylden sketst hoefolle muoite at it him kostet om it libben yn syn skriuwen te berikken. De lêste sin ferwurdet de dichterlike ûnmacht krêftich: ‘Myn reiden fingers brekke it/ flues en reagje wânwiis yn ’e skossen om.’ Aardich is ek de syklus ‘De harsens fan Hindrikjan Maat’, in boartlik opsette allegory oer in man dy’t syn tún – syn libben – sa kreas organisearret. Nachts falt de kontrôle wei en slacht de ûnwissichheid ta, sa falt op te meitsjen út it tsjustere slotkûplet.

Mar yntrigearjender noch fûn ik de syklus ‘De twadde persoan’. Hjir dichtet Dam oer in man dy’t himsels tekoart dien hat. De titel fan de rige is tagelyk dy fan it twadde fers, dêr’t de man fertelt dat er ynderlik ferskuord bleau. It wie mar skyn dat him it libben sa maklik ôfgong. Yn werklikheid bestie er suver út twa persoanen, dy’t mar net ta harmony komme koene. Nei sa’n twastriid wurdt nochris helder ferwiisd yn it slotfers

 

Lyksa rint my in twaspjalt troch it hert

Fan nacht en dei ferskil: twa net

Te heeljen helten dy’t in skeel útfjochtsje

Op ’e grins fan it ferdraachlike.’

 

Dat slotfers nimt in apart plak yn. Yn de eardere gedichten waard de selsmoardner hieltyd oansprutsen yn de twadde persoan (soe de titel fan de syklus dêr faaks ek noch nei ferwize?), no nimt er sels it wurd, nei syn dea. Plan-út frjemd is de notiid ‘rint’ yn it lêste kûplet. De deade is der, sa liket it, ek yn ’e dea noch net fan ôf. As dat sa west hie, hie er hjir wol it wurd ‘rûn’ brûkt. Mar wêrom soe Dam hjir de man nei syn dea oan it wurd litten ha? En wêrom soe er dy notiid hjir sa neidruklik stean litte?

Soe it soms sa wêze dat de dichter hjir net oer in oar dichte hat, mar oer syn eigen skaadkant, oer syn eigen ‘twadde persoan’? As dat sa is, kinne we dat lêste kûplet ynterpretearje as in yndirekte bekentenis. En dat soe dan ek betsjutte dat it slotfers de fiif fersen dy’t foarôfgeane yn in oar ljocht sette. Want as de dichter yn it lêste kûplet in bekentenis docht, as er sels earne de ferskuorde, de ‘selsmoardner’ is, dan betsjut soks dat er yn de earste fiif fersen hieltyd himsels oansprutsen hat. En sa soe it lêste fers de syklus as gehiel in komplekse persoanlike lading meijaan.

 

 

III De dichter longeret

 

Der steane gâns poëtikale fersen yn de bondel De hûnsdagen (1994), en se fariearje allegear op itselde tema. Yn ien fan dy fersen, ‘snilegers en bilegers’, dichtet Dam oer syn ideale gedicht dat dat flymskerp en gefaarlik wêze moat, dat der bloed útdrippe moat:

 

gers dat yn ’e fingers snijt

stielgers slachtersmes – reid

sa’n fers

 

Yn ‘Ik woe myn fersen wol’ treffe we fergelykbere bylden oan. Dêr seit de dichter dat er wol dichtsje woe as

 

in slachter, dûnsjend yn ’e ûnderklean,

fykjend, sykjend alle nachten

wurdfleis, bonkemurch en hertebloed

 

Yn ‘yn it djipst fan myn gedachten’ is it slachtersmes in swurd wurden:

 

klonkst myn poëzij

mar ienkear ûnmeilydsum hurd

blonkst mar as in swurd

 

En yn it titelfers fan de bondel, ‘De hûnsdagen’, uteret er de langst nei wylde, agressive poëzij ûnder mear sa:

 

Fergemy, jou my dochs in seksy saksofoan.

Dy lit him hingste tusken swingende knibbels

 

Mar ek yn Leaf en nuddels (1998) dûkt it tema op, yn it aardige gedicht ‘Ald sear’, dêr’t er de Fryske lêzer it leksum yn lêst omdat dy te folle út is op leave, kreaze, werkenbere ferskes:

 

Salvjend wolsto dat ik dichtsje sil,

Dyn toarre fryske kowetonge ta treast.

 

Bjist en bongel wolsto drinke, sûpe

Tatewurdsjes, molketaal en waai.

 

Fersin dy net: spikerbak en ieleheak

Sil ik dy fuorje. Ik ha skerp ynhân.

 

Yn de slotrigels liket Dam te sizzen: sjoch, sa’n dichter bin ik, ien dy’t dy, lêzer, konfrontearret mei it wrede libben. Dat liket ek de strekking fan it fers ‘Ik bin de slachter fan myn wurden’ út De hûnsdagen. ‘Ik strûp it libben’, sa dichter er dêr selsfersekere. Mar yn oare fersen hat it der soms wat fan wei dat er himsels op dit punt bekritisearret, dat er himsels opropt ta mear grimmitigens: ‘Klonkst mar ien kear ûnmeilydsum hurd…’

Hat Dam werklik ‘skerp ynhân’? Is it echt in dichter dy’t it bloed út syn fersen drippe lit? Ik leau dat dizze fersen ferwize nei in sintraal probleem, nei in krusiale opjefte yn Dam syn poëzij. De bondel Fjouwer fertikaal waard folslein oerhearske troch de ambachtlike oanpak, mar ek yn de oare bondels dy’t ik oant no ta op it aljemint brocht, lei dy op ’e kuer, as in nuete hûn dêr’t de dichter mei te kuierjen gie sadree’t him dat útkaam. Ek yn bondels as De hûnsdagen en Leaf en nuddels stiet dat sleauwe bist ús út en troch wer mei wispeljende sturt foar de noas. Sa treffe we yn De hûnsdagen it ferske ‘Villanelle foar Piter’, in flauwe parody op it sjenre dat de bekende Piter (Yedema) sa entûsjast beoefene. En yn Leaf en nuddels fersen as ‘lyts lofliet op ’e fyts’, dat twa siden lang op it nivo fan it boerebrulloftsferske trocheamelet oer de trêften fan de fyts: ‘wat kin in dichter ek al lyts/ en skriuw in ferske oer in fyts’. Grif, de dichter hat yn de ûndertitel – ‘fersen en lieten’ – begryp frege foar in minder pretinsjeuze ynset, mar yntusken lit er sokke lietsjes dan dochs mar diel útmeitsje fan syn poëtysk oeuvre.

Fansels giet it hjir yn earste opslach om in probleem fan foarmtechnysk-kwalitative aard. As er stranger selektearre hie, hie Dam fan syn wurk oant en mei Leaf en nuddels simpelwei in bettere totaalyndruk neilitte kinnen. Mar efter it foarmprobleem liket ek in ynhâldlik probleem te skûljen. Ik gean noch mar ris efkes werom nei twa ferserigen út De kaai ûnder de klok: ‘De harsens fan Hindrikjan Maat’ en ‘De twadde persoan’. Beide rigen geane oer manlju dy’t de skyn fan oarderlikheid en harmoany ophâlde, mar úteinlik oanfretten wurde troch dusoarder en twivel. By Hindrikjan Maat is it de nacht dy’t taslacht, mei syn ‘spytgnyskjende stjerren’ en syn ‘makabere mjitslach fan tûken’. En de selsmoardner wurdt ferskuord troch de langst ‘ímmen oars te wêzen’ as de man dy’t it foar it each fan ’e wrâld allegear sa maklik oprêdt.

Wêrom kiest de dichter foar sokke alter ego’s? Of stel dat it gjin alter ego’s binne, wêrom sit him dy twastriid dan sa heech? Ik ûntkom net oan de yndruk dat de langst nei it trochbrekken fan de bedekkende, delbêdzjende foarm de poëtikale utering is fan in wrakseling yn de dichter sels, in wrakseling om de moaiskyn foarby te gean en de wrâld te ûnderfinen en te beneamen as de oarde fan tsjustere twivel dy’t it winliken is. Ik merk yn dit ferbân ek noch mar ris op hoe ticht allinnich al de byldtaal fan it poëtikale fers ‘Snilegers en bilegers’ stiet by dy fan de psychologyske allegory ‘De harsens fan Hindrikjan Maat’. Sa’t de dichter yn dat lêste it ‘godlik glêd gason’ spotsk bekritisearre, sa set er him yn ‘Snilegers en bilegers’ ôf tsjin it ‘ta nifelhichte sleine gers’.

Dêr komt dan noch by dat Dam syn wurk faak it nijsgjirrichst wurdt as beide ympulsen realisearre wurde – as er in rau boadskip uteret yn in rauwe foarm. Dat barde yn de syklus ‘Oktober’ út Tusken juster en jûn. Dat bart ek yn it ynteressantere poëtikale wurk út De hûnsdagen, lykas ‘Snilegers en bilegers’. Dêr wit Dam de fûleindige driuw dêr’t it fers út ûntstie effektyf oer te bringen yn de foarm. We fine de grime wer yn de koarte rigellangte, yn de elliptyske, ôfbiten, grammatikale struktuer fan de iene sin dêr’t it fers winliken út bestiet, mar fansels ek yn de skerpe alliterearjende s-klanken oan ’e ein; de assosjative bylderigen en it ûnregelmjittige rym befêstigje de yndruk dat it hjir om in spontane útbarsting giet. Ek it titelfers ‘De hûnsdagen’, bytiden al te proazaysk, hat wat, omdat de rûge proaza-eftige foarm it boadskip dochs goed oerbringt. En yn Leaf en nuddels binne it fannijs de fersen mei de boartlike foarm en it ûntregeljend boadskip dy’t by my it bêste oankomme. De simpele werhelling fan de wurden ‘net sizze’ yn de lêste strofe fan ‘kryt’ hat by my dalik effekt:

 

net sizze dat de skilfers komme

net sizze dat ik my de neilen brek

dat ik bloed rûk net sizze net sizze

 

De bêste bondel út dizze perioade is net foar neat De sachte tufkes fan dyn Lister (1993), dat in sober en direkt In Memoriam foarmet foar de heit fan de dichter. Moaiskriuwerij is yn dizze bondel ôfwêzich. De dichter fielt in grut fertriet om de dea fan syn dierbere en wol dat net kompromittearje troch it glêd te striken. En dêrtroch makker er it ek foar de lêzer fielber. Mei minimale middels bringt er oer hoe’t dat fertriet de leave oanhelje wol en tagelyk it sear fan de ôfstân beseft, bygelyks yn it iepeningsfers, dat mei dizze ferskuorde rigels einiget:

 

 

no’sto by my weirekke

biste, hiel ticht

 

by my wei

 

of yn ‘Do bist der net’, dat beslút mei dit treffende byld fan de ûntrêstigjende dea:

 

 

as ik de einen, as swarte klompen,

oer it wetter driuwen sjoch –

wêrhinne, heit, wêrhinne?

 

 

IV De ferbylding wint

Lang foardat Neigeraden it noarden (2004) ferskynde, hie Dam alris in bondeltsje wijd oan de oantinkens dy’t him ferbûnen mei syn bertedoarp. Dat bondeltsje hiet dan ek De Pomp (1988) en it wie hielendal skreaun yn it Pompsters. It boekje befettet nochal wat nostalgyske fersen, oer syn legere-skoallejierren bygelyks, of oer syn pake en beppe. Mar yn inkelde fersen hantearret er in wat skerper register. Dat docht er bygelyks yn it slotfers, ‘Andinkn an e Pomp’, in frij aardich slagge parody op it ferneamde ‘Herinnering aan Holland’ fan Hendrik Marsman. It oantinken krijt hjir negative trekken. De jarresleat is ‘gluperig’, it ark ‘driignd’, en loft ‘swaar/ fan bange fermoëdns’. De dichter sketst it byld fan in benearjende, bornearre mentaliteit, dat suver synysk kompletearre wurdt yn de slotrigels:

 

op ut deksel fan e kolk

fietst un blauwe drager

syn leste rondsjes

yn e kattemelk

 

Yn Neigeraden it noarden stiet it oantinken oan bertedoarp en bertestreek op ’e nij sintraal, mar no is alle nostalgy ferdwûn en it hurde oardiel dominant. As de dichter yn it titelfers fertelt dat er weromgiet nei syn ferline, hat er it net oer in tocht nei it ferlerne paradys. It weromgean nei ‘it noarden’ is in opjefte, nedich omdat er no ien kear mei syn ferline oanklaud sit, omdat dat no ienkear by him heart.

Der klinkt in bitter lûd op yn dit boek. De minsken yn ‘it noarden’, yn de bertestreek fan de dichter, stiene, sa makket er dúdlik, mei kille nuchterheid yn it libben. ‘eang fan útwrydskens, steil en ienkennich’ wiene se, sa’t de dichter it formulearret yn syn ‘Klaaisang mei twa wizen,’ in fianige pastysj op de ‘Wâldsang’ en ‘Simmermoarn’, sangen dêr’t âldere generaasjes Friezen graach har tefredenheid mei útâlen. De kleur dy’t de dichter hieltyd wer brûkt om har libben te typearjen is griis. Yn ‘Slyklaach’ hat er it oer ‘in grize floed’ dy’t ‘it minskehert ferpolvert’, yn ‘Beammen oan de Fojingawei’ skriuwt er oer ‘it paradys’ fan syn jeugd dat it ‘in betonwei’ wie, ‘griis as slyk, en yn ‘Strofen ta herskepping fan ferline’ wurdt it de kleur dêr’t it om draait yn it slotkûplet. Net allinne de gebeden binne ‘storeingriis’, ek de minsken, ‘net mear as jiskeslakken’ yn de eagen fan har strange god:

 

Storeingriis bliuwe inkeld de gebeden

dat wy yn adam ferlern ta weismiten keard

en yn jo eagen ohear net mear as jiskeslakken

ûnbekwaam ta freugde en ferbylding binne

 

Minsken mochten net bliid wêze fan dy god, of alteast fan de minsken dy’t syn lear oerdroegen. Foar de dichter wiene dat foar ’t neist syn âlden; mar miskien ek wol de ‘master’, dy’t yn it fers ‘Wat blauwers’ mei ‘Krinkende hân’ opfierd wurdt, of de dûmny, dy’t yn De Pomp noch yn in spotkwatryn figurearre mei syn einleaze preken. Ut soarte is it foar in dichtersnatuer slim dat dy god de minsken ûnbekwaam ta ferbylding achte. Hieltyd wer uteret er syn argewaasje fan de negative hâlding foar de ferbylding oer. ‘O blabberboeren, jim nea net songen blues’, dichtet er yn it fers ‘Noarderljocht’. Yn ‘Masker’ spuit er syn raar guod fan ‘dit lân/ dêr’t gewaaks de heechste/ foarm fan keunst wie…’ En yn ‘Beammen oan de Foijingawei’ suggerearret er dat syn earste entûsjasme, syn earste ynderlik sjongen faaks, mei wrede middels smoard waard:

 

Hie ik in begjin fan nûnderjen

yn ’t bloed field, hie gjin hurde hân

hjir straft mei houtkap fan geheimen?

 

Ek it motyf fan de leafdeleasheid dûkt faker op. As de dichter yn ‘Wat blauwers’ op ’e fyts weromreizget nei syn bertestreek, sjocht er de ‘Unbarmhertige Barmen’ delkommen. Yn ‘Oan de lânmjitters’ hat er it oer ‘leafdes einefel yn brede rêgen ploege’, in spikerhurde typearring fan in lân sûnder ûntferming. Hy lit it fers ‘Korreksjes op in âld waarberjocht’ einigje mei in hertferskuorrende gjalp: ‘Sa’t it ek noait de beammen binne, mar altyd/ Wat men yn har earmen ha wol oan ûntfermjen.’ En yn it lêste kûplet fan it fers ‘Masker’ makket er mear as dúdlik dat ek de tiid de wreedheid net oersljochtsje kin:

 

Aanst komt de nacht mei spatel

en kûm en strykt oer de jierren

har masker fan klaai, de groeden

as krimpskuorren rekkenjend,

mar nea, bin ik bang,

de hân oer it hert.

 

Gjin niget dat ‘Myn lân’ foar de dichter in lân wurdt ‘dêr’t ik mei grizend hert nei taal’. Wat in pronkje fan in sin is dat trouwens, wat is er fergiftich en beladen! ‘Grizend’, dat ferwiist hjir út soarte net allinnich nei de ôfgriis dy’t de dichter fielt, mar ek nei de ‘griisheid’ dy’t fan dat lân útgiet. En gjin niget dat syn ferline ‘noait uzes wurde sil’, dat er syn jeugd nea sûnder bygedachten yn ’e earmen slute sil.

Spriek Dam yn De hӣnsdagen net de langst út nei it ûnmeilydsum fers, de langst nei swurd en slachtersmes? Yn Neigeraden it noarden hat er sok ark hantearre, hat er syn wrange gedichten skreaun. De poëtikale motiven út De hûnsdagen komme trouwens opfallend sterk werom. Yn it fers ‘Snilegers en bilegers’ song Dam de lof fan it fers as ‘gers út ’e ûnderwâl/ blaumodderblau trochblet’, yn Neigeraden it noarden hat er in fers opnaam mei de titel ‘Inket út blaumodder’, dêr’t de pinne yn fergelike wurdt mei in skerp stik ark: ‘Pinne dan, stek!’

Mar ek hjir is de poëtikale driuw net los te meitsjen fan in ynhâldlike ympuls. Sa wurdt yn it fers ‘Broei’ in fergelykber agressive byldtaal ferbûn mei de psychyske realiteit dat it lijen fan de jeugd noch trochbroeit:

 

Dat, fûle stek, salangsto my de holle roedest,

Dyn âld harpoen it gledde mom foarby, gun my

De wreveldamp fan dizze stille brân…

 

Yn ‘Inket út blaumodder’ is sprake fan de hieljende wurking fan it dichtsjen. En ek yn ‘Broei’ suggerearret de dichter dat it skriuwen needsaak wurdt om dat sear romte te jaan:

 

… wa wit

de djip bestoppe geast noch oait in gloppe

teppend: in azemgat beskrept troch eigen hân.

 

Neigeraden it noarden is in prachtboek wurden. In boek dat fielt as in ferfolling fan wat der yn Dam syn earder wurk noch ûntbriek, as in foarmtechnyske mar ek as in persoanlike trochbraak. Dit kear hat er him ûnbarmhertich útsprutsen oer syn bertegrûn, hat er ûngenedich ôfrekkene mei it iiskâlde noarden, mei de blabberboeregeast dy’t de ferbylding ferwâde en de freugde delhelle. ‘Inket út blaumodder sil my skepper wêze’ skriuwt er: yndie, oan dizze inket sit in modderrook, de rook fan dy ferrekte grize knip fan Kollumerpomp soene jo ek sizze kinne, dêr’t it teare einefel fan de leafde yn stikken ploege waard.

It boek ferfollet lykwols net allinne wat ûntbriek, mar ek wat der wie. De ambachtlike kundichheid dy’t Dam al hiel betiid toande, mar dy’t him soms ek yn ’e wei like te stean omdat it him ferlate ta it skriuwen fan te glêd opgnist wurk, dy kundichheid manifestearret him hjir mei maksimaal risseltaat. Dat makket dit boek ek wer folle nijsgjirriger as De sachte tufkes fan dyn Lister. Neigeraden it noarden is eigen as De sachte tufkes, mar it is dêrby firtuoas. Ideeën wurde mei izeren konsekwinsje útwurke, bylden ticht yn elkoar befrissele, de taal wurdt útsûnderlik linich en muzikaal nei eigen hân set en ta libben brocht.

Wat hat er ferwoest úthelle nei de knypkâldheid fan syn jonge jierren yn it fers ‘Korreksjes op in âld waarberjocht’ of yn ‘Masker’, dêr’t ik hjirboppe al it briljant slotkûplet fan oanhelle. Wat hat er yn ‘Wâl en skip’ de beheinde hoarizon fan it lân tusken De Pomp en Kollum skerp ferbylde. Ek dat lêste skift, ‘Hjoed litte fan de nacht de wynsels los’, dêr’t in myldere toan yn oanslein wurdt, dêr’t de dichter om sa te sizzen syn rêding by elkoar klaut, soe ik net graach mist hawwe. It befettet guon minder sterke fersen, lykas ‘Bea fan de lege hals’, dat syn knappe oanset yn it lêste kûplet ombringt mei it wat ûntspoarde slotkûplet, of dat earste fers fan it twalûk ‘Reuny’, dat de ferbittering sa kekentsjes op ôfstân hâldt. Ek de wat obligate oade oan de Grinzer trûbadoer Ede Staal hie ik wol sûnder kinnen. Mar hoe moai is yn it fers ‘Broei’ net de needsaak en de heilsume wurking fan syn skriuwen ferbylde, en hoe geef hat er yn ‘Swellen, twa ûlen’ nochris songen oer it tema fan de ynderlike twastriid, dy’t hjir ta rêst liket te kommen yn yntroverte meditaasje, ‘nacht en dea beprakkesearjend/ op de bynten fan it breinhûs’. En yn ‘Peaskemoandei’ en ‘Risus Paschalis’ hat er syn religieuze motiven op in eigentiidske en yntrigearjende manear mei de sfear fan it hiele boek ferbûn.

Der steane gâns bûtenwenstich knappe fersen yn dit boek, mar ta myn favoriten heart absolút, ‘Strofen ta herskepping fan ferline’, dat tematysk ek yn it lêste skift past hie, mar as iepeningsfers wurket as in donderjend kredo foar de hiele bondel. Op yngenieuze wize identifisearret de dichter hjir syn ‘herskeppende’, syn ferbyldzjend each, mei ‘it gleone knypeach fan de Grundig’, mei it ljocht yn de radio dy’t de Kollumerpompster klaai mei syn klanken oerspielde. It sil wol sa’n leadswier finsterbankmodel west hawwe, en it ljochtsje hat foar’t neist fluoresearjend grien de keamer yn knypeage. Wat it each fan de Grundig seach, wie bepaald net allegear griis. Net liker as wie er in skilder strykt de dichter hjir in festival fan kleuren foar ús út. Hy makket de skodder ljochtblau, de swanneblommen pears, en smyt de sinne yn giele klodderkes op it doek. Neat is yn dit fers wat it earder like, doe’t syn benaude jongeseagen de wrâld noch besjen moasten troch it ‘kâldrôze’ suertsjepapier en ûnder de bibelkaft-swarte himel. Want de smooktafel bestiet út bobbeliis, en it pakje Dushkin dat derop leit wurdt in mânske reade wein; de Miele-waskmasine feroaret yn in blaumoandei-dûnseres; en de snoek stiet yn de feart mei al syn ‘seineblanke wjerljocht’.

It hat in skoft duorre, mar úteinlik hat de dichter him oan de hurde, kâlde klaai ûntwraksele, hat er de spoeken út syn ferline teplak setten. Griis meie de gebeden west hawwe, de Grundig koe noch knypeagje, de ferbylding hat it wûn.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels