Oerbefolking as rêding fan it Frysk?

Publisearre op 1 mei 2017

HENK WOLF – 

Fryslân is in frij grut en unifoarm taalgebiet. De dialekten fan súdwest en dy fan noardeast ferskille benammen yn de klanken faninoar en Friezen kinne sprekkers fan oare dialekten prima begripe. Dêr wie gjin taalpolityk foar nedich. Foar it Nederlânske taalgebiet wie dat wol sa, de ienheid fan hjoed de dei is berikt troch in standerdisearring en troch it gebrûk fan dy standerttaal yn ûnder oaren ûnderwiis en polityk. Grinslânske dialekten binne ûnderling frijwat ferskillend, Limburchske ek.

 

Oft de Klaai it allinnich opret hie om Frysktalich te bliuwen, kin men jin ôffreegje.

 

De grutte ienheid binnen it Frysk is wol te ferklearjen, as jo sjogge nei de skiednis. Oan ‘e tsiende ieu ta wie de bewenning yn Fryslân konsintrearre yn in frij lyts gebiet, rûchwei wat wy no de Klaai neame. Dat wie fruchtbere grûn en wetter foar ferfier wie altyd yn ‘e buert. De Wâlden bestienen út wyld gebiet, foar in part ûnfruchtber of sompich, en folle minder oantreklik om yn te wenjen.

Nei alle gedachten wie der yn ‘e 10e ieu oerbefolkng op ‘e Fryske Klaai. Der wie te min romte foar de boerebedriuwkes fan safolle minsken dy’t yn har eigen ûnderhâld foarsjen moasten. Dat, guons moasten útwike nei oare plakken ta. Se gongen net op syk nei fruchtbere grûnen fier fuort, mar sochten it ticht by hûs: yn ‘e Wâlden. Yn in heel soad lytse stapkes binne dêrwei de sân- en feangebieten fan ‘e Wâlden yn gebrûk naam. De bewenning dêr bestie earst faak út ferlingstikken fan âldere terpdoarpen en letter út feankoloanjes. Dêrtroch is stikje by bytsje it Fryske taalgebiet geweldich groeid. Yn ‘e 19e ieu binne sels stikken fan Stellingwerfsktalich en Grinslânsktalich gebiet troch Friezen yn gebrûk naam.

Oan ‘e ein fan ‘e midsieuwen hie it âlde stik fan Fryslân wichtige stêden krigen, dy’t al sterk ûnder Hollânske ynfloed stienen. Doe’t der yn 1498 yn de persoan fan Albrecht fan Saksen ek noch in frjemde hearsker kaam, waard it Hollânsk de bestjoerstaal en letter ek de omgongstaal yn dy Fryske stêden. It grutte nije wengebiet yn ‘e Wâlden hat lykwols noait stêden hân en bleau oant hast yn ús tiid navenant frij fan ‘e stedske en Hollânske ynfloeden. Dat ‘nije Fryslân’ waard yn guon opsichten Frysker as it âlde: de Frysktalichste gemeenten lizze hjoed de dei yn ‘e Wâlden of dêrtsjinoan.

Oft de Klaai it allinnich opret hie om Frysktalich te bliuwen, kin men jin ôffreegje. Sûnder it gewicht fan it grutte Wâldgebiet hie it Stedske Hollânsk him miskien al ieuwen lyn útwreide oer de omlizzende doarpen, sa’t Grinslân en it Dútske East-Fryslân ek fia de stêden ûntfryske binne. Yn alle gefallen hie der dan net sa’n grut Frysk taalgebiet west as no. Dan wienen lettere generaasje gastarbeiders yn it fean, lykas de Oeriselske Gitersen, nei alle gedachten noait oerstapt op it Frysk. De Wâlden hienen dan mooglik in Nedersaksysk dialekt as omgongstaal krigen. Miskien hat de midsieuske oerbefolking dan ek yndirekt wol de rêding west fan ‘e Fryske taal.
Mei tank oan André Looijenga, dy’t my op it idee foar dit stikje brocht hat.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels