Libben en wurk fan Johanna Westerdijk

PIET HEMMINGA – 

‘Een beetje opstandigheid’ is de titel fan de nijsgjirrige biografy dy’t Patricia Faasse skreaun hat oer Johanna Westerdijk (1883‐1961), yn 2012 (feitlik july 2013) ferskynd by Atlas Contact, Amsterdam/Antwerpen.

Hans Westerdijk is de earste froulike heechleraar yn Nederlân, dy’t oant Faasse har stúdzje feitlik yn it ferjittersboek bedarre wie. Westerdijk waard yn 1906 beneamd ta direkteur fan it Fytopatologysk Laboratorium Willie Commelin Scholten, in fiersten te lange namme dy’t men justjes te faak yn syn hiele hear en fear yn it boek ûnder eagen kriget, en de Zentralstelle für Pilzkulturen. Dy lêste is tsjintwurdich as Centraalbureau Schimmelcultures in KNAW­‐ynstitút, en sadwaande it organisatoaryske neefke fan de Fryske Akademy. Wittenskipshistoarikus Patricia Faasse wurket sûnt twa jier by it Rathenau‐ynstitút, ek al in KNAW‐ynstitút. No soe men tinke kinne dat ‘Een beetje opstandigheid’ benammen foar lju dy’t wat mei de KNAW, wittenskipsskiednis of skimmels te krijen hawwe, in nijsgjirrich boek is. Dat is lykwols net sa. It lêzen fan it kreas útjûne boek fan 352 siden makket al gau dúdlik wêrom’t Faasse har boek mei rjocht en reden de Boerhaave Biografy Priis 2015 wûn hat.

 

Patricia Faasse har stúdzje fan libben en wurk fan Johanna Westerdijk is in skoander en ynnimmend boek dat de lêzer yn in ornaris ferburgen hoekje fan it wittenskipsbedriuw bringt.

 

De haadpersoan is moai eigenaardich genôch om de lêzer fêst te hâlden. Allinne al de sitearde brieven fan Westerdijk yn har jonge jierren binne in aardichheid. Westerdijk giet, hoewol’t it earst in oare kant út liket te gean, gjin relaasje oan, mar trout mei har wurk. En wylst se gjin diploma fan in middelbere skoalle hat en gjin doktoraal eksamen dien hat, promovearret se yn 1906 yn Zürich op in proefskrift ‘ Zur regeneration der Laubmoose’. As bûtengewoan heeechleraar plantesykten, sûnt 1917 yn Utert en sûnt 1930 ek oan de Universiteit fan Amsterdam, wurdt se de promotor fan mar leafst 56 doktorandi. Nei it ferfarren fan har partikuliere ynstitút fan Amsterdam nei Baarn, betsjut in promoasje by Westerdijk alle kearen it plantsjen fan in beam yn de doktorbosk en in grut feest op it ynstitút, yndachtich it motto fan de earder non­‐ konformistyske as opstannige promotor: ‘Werken en feesten vormt schoone geesten.’

Twa spannende kanten fan Westerdijk har wurk, hawwe alles te krijen mei earst it útbrekken fan de ypsykte en letter it ûntdekken fan de penisilline. As bûtensteander hat men gjin weet fan de syktocht nei de oarsaak fan de yngripende dutch elm disease of letter de unike en yn de rin fan de oarloch, om’t Alexander Fleming de penisilline op it spoar komt, wakker tanommen strategyske betsjutting fan de skimmelkolleksje dêr’t, ek hjoeddedei, gjin twadde fan op de wrâld is.

Faasse beskriuwt it allegear ynnimlik. En al dy skimmels moatte fuorre wurde, wylst de havermout of ierappels oan de ein fan de oarloch amper noch te krijen binne. Yn de lêste oarlochswiken diele de frijwat a-politike Westerdijk en har assistintes it eigen iten mei de like roppige skimmels. En fierder hat it ynstitút ek noch in aaklike NSB’er yn syn fermidden, jonker Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma, dy’t yn de lêste moannen it hiele ynstitút nei Dútslân oerbringe wol. Safier komt it net, hoewol’t Westerdijk de ein fan de oarloch net hielendal sûnder kleanskuorren wit te besilen

Patricia Faasse har stúdzje fan libben en wurk fan Johanna Westerdijk is in skoander en ynnimmend boek dat de lêzer yn in ornaris ferburgen hoekje fan it wittenskipsbedriuw bringt.

It boek is ûnder oaren hjir te finen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.