Oer it oerstekken fan in romte

Publisearre op 24 augustus 2016

REMCO DE VRIES – 

De wyn docht syn bêst om de dichter yn it lytse reade opblaasboatsje werom te triuwen de Follegeasleat yn. In tinne laach plestik beskermt Syds Wiersma tsjin it kâlde febrewariswetter op wei nei de Tsjûkemar en in Marboei. De mar is mei gemak de meast passearde fan de Fryske marren. De A6 snijt der dwers trochhinne, in troch drok ferkear gromjende slanter asfalt. Sa fan Follegea ôf besjoen is it net it meast ynspirearjende lânskip. Mar de mar is grut. Suver te grut. At je hjir oan legerwâl bedarje, fernimme je dat ek. Oan de wâlskanten seach Thom Mercuur hjir romte foar syn museum, dat úteinlik yn Oranjewâld in plak krige. It is nochal in ferskil. Fan in grut, meast leech lânskip, mei dy suver yndustriële râne, nei in smûker en tichter begroeide krite.

It is suver wol in nijsgjirrich eksperimint om te sjen wat in dichter dy’t mei eltse peddelslach fierder út sicht rekket, docht yn sa’n grutte romte dêr’t Mercuur ea genôch hâldfêst fûn foar in museum. It earste wat Wiersma opfalt op ’e mar binne de grutte elektrisiteitsmêsten dêr’t je ûndertroch komme en de betonkolos ûnder de dyk troch de mar hinne yn ’e fierte. ‘Dan tinkst, ik gean mei dit wiffe boatsje no dwers troch dy beide linen hinne, en dat binne eins hiel moaie symboalen foar it deistich libben. De stroom giet troch de linen hinne en dêr libje wy by wize fan sprekken op, en de auto’s skeure Fryslân út omdat sy yn in oere tiid earne wêze moatte. En ik, ik ha hielendal neat nedich. Ik bin frij, ha de tiid en ik gean dêr dwers op. Dat is in hiele moaie metafoar foar wêr’t ik hjir foar bin. In gedicht skriuwe. Dat is de poëzy eins ek. Dy stiet dwers op ’e tiid. Dêr geane je bytiden ûndertroch en dêr kinne je mei boartsje. Dat kinne je smel, lyts meitsje of útwreidzje. Sa fielde ik my. Dus ik fielde my echt in dichter doe’t ik dy mar oppeddele.’

Oant no ta hawwe yn ferhâlding mear dichters nei in Marboei west dy’t nét thús binne op it wetter as wol. Wiersma makket gau dúdlik hoe’t dat by him sit: ‘Ik bin mei it wetter opgroeid en dan kenne je ek wol in bytsje de wetten fan it wetter. En at je by it wetter opgroeie, nimme je dat je hiele libben mei. Grou is in doarp oan it wetter. Dat betsjut ek datst elts momint it wetter op kinst ast in boatsje hast, en dat hie ik. Dat binne eins twa wrâlden of eleminten dy’t by elkoar komme. It wetter bringt ek oare minsken it doarp yn, lykas Dútsers of de sylskoallefamkes. Dus dy oare wrâld komt it doarp yn en it doarp nimst mei dy oare wrâld yn. Do bist wend om grinzen oer te gean. Dat wetter nimst ek altiten mei, en ferlangst ek altiten werom nei it wetter. Mar ik tink dat it ljocht my noch mear beynfloede hat. At je no yn in doarp oan it wetter binne of op in eilân, dan is it ljocht yntinser. Ik tink dat ik in hiel soad, relatyf, oer it ljocht skriuw. Wat dat mei dy docht, yn dy docht en om dy hinne docht.’

En oer wat dat opsmyt op in winterske Tsjûkemar: ‘It is in leech lân. Der binne fierder gjin boatsjes op it wetter. Mar wat my dan opfalt at je dêr mei dat lytse, wiffe boatsje binne, is dat in grut ferskaat oan fûgels dy mar krúst. Je ha fûgels dy’t hast net fleane kinne, lykas in rôffûgel dy’t de mar oerstekt. Dy is dêr net foar boud. Dy moat yn de loft stilstean en dûke op in proai. Mar do hast ek kamikazepiloaten lykas de wylde einen, dy’t sa streekrjocht de mar oerstekke. Al dy fûgels dy kruse de mar mei dat prachtich kleurde reid en dat winterblauwe wetter. Ik tink dat ik dat wol brûke sil. It binne allegearre oerstekkers fan in romte.

Earder ferskynd yn ‘de Moanne’ 15 (2016), 3 (juny), side 44.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels