oer de grins

Publisearre op 1 april 2010

HARMEN WIND –

 

oer de grins

 

In brûnzen oprin, jûntiid yn Calais.

Foar tsien francs stie in boarger ús

in tichte kladde ôf (heimsinnige

trânsaksje, finger op ‘e mûle).

 

It wie in keap op dea en

libben, Syn lege hân die

noch in groet nei en doe

waard er yn it stêdsbyld wei.

 

Yn it papier in bôle, droege klaai.

De tún dêr’t wy dy nacht ús tinte

setten bliek by dei in tsjerkhôf. Bliuw

mar lizzen, seist, wy hoege der net ôf.

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 9 (2010), 3 (april), s. 43.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels