Oeds fan Fierwei tichteby minsken

Publisearre op 4 juli 2018

RYNK BOSMA – 

De knypeach fan no slacht in brêge tusken de tiid dat Odysseus neffens Homerus omdoarme troch in wrâld fol gefaren op wei nei hûs en de tiid dat Fierwei it Kultureel Haaddoarp fan Frikelân 2018 is. Mei Oeds fan Fierwei as alter ego fan dy sa ferneamde Grykse held fan doe en de belibbenissen fan doe binne de kapstokken fan no. Dat is eins it tema fan de foarstelling Oeds fan Fierwei, it ferhaal fan doe op ‘e nij fertelle. Mei de taskôgers dy’t yn in bus lâns de plakken Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (FIER) reizgje.

 

Rom trije oeren duorret de foarstelling en it is krekt as it echte libben earder foarby as je sels trochha.

 

No is knypeach miskien in nuver byld foar in ferhaal fan de bline dichter Homerus en mei in haadrol foar Sikke, Slachter Ieneach. No moatte der fansels ek hiel wat brêgen slein wurde, want Frikelân 2018 en it Grikelân fan trijetûzen jier earder is nochal in ôfstân. Gelokkich binne dêr de grutte goaden fan dy tiid, gelokkich is der Zorba dy’t yn in âld-Frykse taal net te ferstean is. It binne moaie earste patroanen, dy’t de minsken nei it sjongen fan it ‘Wolkomstliet Oeds’ yn ‘e bus fuortendaliks yn it ferhaal stoartte.

Dat bart mei de thúskomst fan Oeds, de toan nei hjoed is set mei in ferkiezing fan Fonteinen dy’t moaie nammen ha, lykas ‘Fierstente djoer’ of ‘Ofgryslike djoer’, en elts wit wat der op de hakke naam wurdt. Dat jildt yn in oare betsjutting foar Oeds dy’t thúskomt fan de oarloch, dy’t him net deljaan kin yn it sa fredige libben fan no. De mins dy’t skeind fan in oarloch weromkomt, sa is it moderne tema. “Ast lakest, laitsje dyn eagen net mei”, sa seit Nelly (Penelope) tsjin Oeds. In tema fan alle tiden dat tige licht brocht wurdt mei bygelyks de ‘vrijers’ fan Homerus dy’t ûnder it lange wachtsjen fan tsien jier fan Nelly ienriedich sjonge dat der in ‘piemel in moet’.

Oeds hat gjin boadskip oan it wer opgean yn de mienskip, dat sa tramtearre wurd fan 2018. Sa seit Oeds tsjin Nelly: “Komst mei, ik ha ferlet fan mienskip.” Ferwizingen nei it no, de gek ha mei de tiid fan no sûnder dat it in ‘theater van de goedkeape lach’ wurdt. Dêr is it lykwicht tusken earnst en gekjeien krekt te goed foar. Op lichte wize komt it bestean fan de mins tsjinoer dy mienskip op tafel mei de fergeliking fan de losse stientsjes út de klinkerdyk dêr’t de bus oerhinne rydt. Dy stientsjes witte net dat sy diel útmeitsje fan dy dyk, dat is mienskip. Of mienskip omskreaun as ‘de lange reis fan it libben is de lange reis nei dysels’.

Mar wol in reis dy’t op it lêst allinne ôflein wurde moat en dat wurdt prachtich ferteld yn de gong oer ’t Swin, de Styx, op wei nei de ûnderwrâld. Elk moat allinne troch it gers syn paad fine, reade bril op en baargen fan it ryk fan Hades dy’t it paad wize. Yn de fierte de foarmen fan Friens, tichterby it lôgjend fjoer fan minsken dy’t foar ivich baarne yn Hades. De heks Kirke as ferlieder, de man as de baarch út it boek Animal Farm fan George Orwell. “Hoe kan ik een man veranderen in wat hij al is”, sa seit in humoristyske Kirke, wylst Homerus op in shovel heech boppe it gewraam yn de ûnderwrâld hinget.

As je feroarje yn nimmen, dan binne je pas frij, sa tinkt Oeds, wylst Nimmen yn syn skaad mei reizget. “Leaver dea as baarch”, ropt in wanhopige Oeds noch, wylst de kuier troch syn libben oer de brêge fan ’t Swin trochrint nei de merke fan Friens. In merke fan Nederlânsktalige muzyk, songen troch de pleatslike Zanger Hendrik, wylst oan de polonêze gjin ein liket te kommen. Tsjin it prachtige tsjerkje fan Friens oer wurdt dan bekend wa’t de moaiste fontein makke hat.

Rom trije oeren duorret de foarstelling en it is krekt as it echte libben earder foarby as je sels trochha. Want goh, wat in foarstelling, wat in moaie fynsten, wat in prachtige ôfwikseling fan grap en earnst, wat in moaie tagonklike foarstelling is it wurden, mei de nedige stikels nei de tiid fan no. Wat in wurk hat dat west foar dy twahûndert frijwilligers.

Mei in slokje jittik kinne je sizze dat it ferbân mei in tsjerke wat behyplik wie. Oan de oare kant wie dêr fansels de timpel, de tsjerke fan doe. “Net mear as in bulte stien”, sa wurdt der sein, want je moatte de “Goaden yn dy sels sykje en net yn in bulte stien”. Sjoch mei sa’n tekst is je in soad ferjûn. Sterker noch, mei sokke teksten kin dizze foarstelling de ivichheid yn as in prachtige foarstelling dy’t Oeds fan Fierwei ticht by de minsken brocht.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]