Obe Postma: In stil bestean – In ivich lûd

REINIER SALVERDA – 

Yn in lang en wurksum bestean hat Obe Postma (1868-1963) as skoalmaster, dichter, wittenskipper en skriuwer in klassyk prachtich oeuvre ta stân brocht. Al by syn earste bondel, Fryske lân en Fryske libben (1918), waard er bewûndere as dichter, en dat bleau sa oan ‘e ein ta: syn ´t Hat west, it is; it stiet beskreaun (…..) En kin net mear fergean, út 1957, is wiid bekend en fan deselde lapidêre en elegyske krêft as de âlde ivichheidsformule Sa lang as de wyn fan de wolken waaijt. Njonken syn fersen hat er noch folle mear skreaun. Hy wie gelearde én dichter – de ienichste dy’t sawol de Gysbert Japicx priis krige, yn 1947 foar syn bondel It sil bestean, as ek, yn 1954, de Joost Hiddes Halbertsmapriis foar syn wittenskiplik wurk op it mêd fan de Fryske lânbouskiednis.

 

It fuoarút-en-tebek gean tusken beide dielen en de ferrassende en learsume ferbiningen fan Posma´s libben en wurk dy´t sa oan it ljocht komme.

 

Yn Obe Postma, In libben dat bloeide nei syn aard hat útjouwerij Elikser njonkelytsen byelkoar brocht en foar in grutter publyk tagonklik makke de nijsgjirrige stikken dy’t Tineke Steenmeijer-Wielenga en Geart van der Meer sûnt 2007 oer de dichter en syn wurk publisearre ha yn it tydskrift Wjerklank fan it Obe Postma Selskip (OPS).

Yn it foarste part fan it boek jout Tineke Steenmeijer-Wielenga in skets fan Postma syn libben op basis fan syn fersen, brieven, famyljeoantekeningen, argiven en oare dokuminten. Sy docht dat yn acht haadstikken plus in ynformatyf neiskrift – it einrisseltaat fan yngeande stúdzje, mear as fjirtich jier lang, fan Postma´s fersen en dichterskip – syn Samle fersen fan 1978 en de nije edysje fan 2005, har Skriuwers yn byld (1997), it spesjaalnommer fan Trotwaer (1997) en yn tydskriften lykas Wjerklank. Dizze stúdzjes ha in soad nijsgjirrige fynsten opsmiten – bgl in haadstik 6, oer de kontakten mei en de ynfloed (yntellektueel, filosofysk, wittenskiplik) fan syn freon Tsjitse Jabiks de Boer, en oer it homoseksuele karakter fan harren freonskip – dêr´t oars net sa folle konkrete gegevens fan binne, bûten de fersen dêr’t Postma besocht dit yn te sublimearjen. Dit seit net sa folle oer Postma, mar folle mear oer it doedestiidse maatskiplik klimaat, doe’t homoseksualiteit noch in grut taboe wie, yn alle gefal foar in skoallemaster, sa’t wy witte út de feroardieling fan de dichter Willem de Mérode yn 1924.

Yn diel twa jout Geart van der Meer in rige yngeande lêsferslaggen fan Postma syn fersen en oersettingen, basearre op close reading en ynterpretaasjes dy´t opboud wurden fanú de tekst wei, troch goed lêzen, mei oandacht, hiel sekuur, hast filologysk analysearjend, en tagelyk ek wurdearjend. Yn alve haadstikken jout er in ferskaat oan djiptemjittingen fan Postma syn wurk, en dat smyt nijsgjirrige essays op oer Postma syn libbensopfetting; oer de ynfloed fan Boutens; oer yntertekstualiteit, de spoaren yn syn wurk fan wat er lêzen hie en dêr’t er op reagearre yn syn poëzy, mar ek oer it ferswijen, somtiids, fan syn boarnen; oer de filosofyske diminsje fan Postma syn dichterskip; oer Postma’s oersettingen fan Rilke en Dickinson, mar ek hoe’t Postma neffens Van der Meer as oersetter oerskat waard.

Yn beide dielen fan dit twillingboek geane de skriuwers werom nei de boarnen. Beide dielen binne ryk oan ynformaasjes oer Postma en leverje in weardefolle bydrage ta de stúdzje fan syn dichterskip. Beiden biede wurk-yn-útfiering: net in definitieve biografy mar in helpboek; net in folsleine literêre ferhanneling mei wittenskiplike ambysje mar konkrete lêsferslaggen. Dermei stimulearjen beiden de lêzers om ek sels útein te setten mei Postma syn wurk.

In bytsje spitich is wol dat de Index beheind bleaun is ta de earste helte fan de tekst. Dêrtroch fine wy de namme fan Philippus Breuker no allinnich oant en mei side 247 mar dêrnei net mear, wylst yn it twadde diel hieltiid wol nei him ferwiisd wurdt (op siden 252, 260, 278, 281-2, 329, 335, 342, 344, 352-3, 355, 358, 366, 375, 384). In folsleine Indeks hie mear rjocht dien oan Breukers wichtige rol yn de Postma-stúdzje, yn de OPS en by de realisearring fan dizze útjefte. Allyksa, yn de Indeks fine wy wol Boutens yn diel I, mar net dat er ek neamd wurdt yn diel II. Oarsom is it by Herman Gorter: neffens Steenmeijer wie Gorter in dichter dy’t Postma bewûndere, dy’t him poetysk ynspirearre, en mei wa’t er yn 1900 korrespondearre – mar syn namme fine wy allinne yn diel I, want yn diel II hat Van der Mear neat dien mei dizze ynformaasje. Wat fierders de nammen fan Rilke, Vestdijk en Dickinson yn diel II oanbelanget, dy stean net yn de Indeks, en de lêzers moatte sels útfine dat Steenmeijer neat seit oer Rilke, wylst dizze dichter fan Van der Meers twa mânske haadstikken krijt. Yn it boek as gehiel wurde teksten fan Postma wiidweidich sitearre, dat in Indeks op Postma’s gedichten soe ek wol fertúten dwaan.

Mar foar it grutste part is it sa, dat beide skriuwers inoar oanfolje en fuortsterkje. Sa komme beide te set oer de bondel Fan wjerklank en bisinnen út 1957. Yn diel I, dêr´t Steenmeijer Postma syn korrespondinsje mei de útjouwer en ek de resinsjes besprekt, sitearret sy Anne Wadman, dy’t in 1957 oer dizze bondel sein hat dat hy it sels leaver net oer Postma syn filosofy en religy hie, mar wol oer syn “libbensgefoel”, dat Postma op âlderhanne wizen poetysk foarmjoech en werhelle. Dermei hat Wadman in dúdlik oare fyzje op Postma as Breuker, dy’t yn syn kreaze útlieding yn de Samle fersen fan 2005 nammers in ferskaat oan wichtige ynformaasje op it mêd bringt oer Plato, Grykse filosofy, de ynfloed fan Boutens en it tema fan de homo-eroatyske leafde in Postma syn wurk – kennis, dy’t Breuker needsaaklik fynt foar in goed begryp fan Postma syn fersen. Nijsjirrich is hjir dat dit Wadman-sitaat fan Steenmeijer in ferfolch krijt yn diel II, dêr´t deselde tsjinstelling – libbensopfetting fanút de fersen wei tsjinoer filosofyske poëzy – in sintraal plak hat yn de lêsferslaggen fan Van der Meer.

Hjir docht bliken wat foar my de mearwearde fan dizze twillingútjefte is – it fuoarút-en-tebek gean tusken de beide dielen en de ferrassende en learsume ferbiningen fan Posma´s libben en wurk dy´t sa oan it ljocht komme.

 

Tineke Steenmeijer-Wielenga & Geart van der Meer, Obe Postma – In libben dat bloeide nei syn aard. Leeuwarden: Elikser, 2017, 411 pp. ISBN 978 90 8954 935 8. € 34,50

Comments
Ien reaksje oan “Obe Postma: In stil bestean – In ivich lûd”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.