fotografy: Rynk Bosma

Oarloch op sokken Tytsjerk binnen

RYNK BOSMA – 

Hoasfuotlings kaam de oarloch troch de achterdoar it doarp Tytsjerk binnen om der op klompen ta de foardoar wer út te klossen. Sa folle wurdt dúdlik by it rinnen fan de teatrale kuier ‘It paad nei frijheid’ dat op tongersdei 6 april yn premjêre gie. Om de minsken it gefoel te jaan wat it is om as twadderangs boargers behannele te wurden wie der in ferskil tusken ynwenners fan Tytsjerk en de minsken fan bûten, de ‘ontheemden’. De iene groep krige bonnen en ûnderdak, de ‘ontheemden’ wiene ôfhinklik fan de goedhyd fan de ynwenners.

 

In djippe bûging foar de minsken dy’t it doarp Tytsjerk yn oarlochstiid sa moai foarm jûn ha, gjin heldenepos mar it deistich ferhaal fan de mins mei syn lek en brek.

 

Hoasfuotlings is in wurd dat doe brûkt waard, tsjintwurdich soe men sizze op sokken. De koaren yn doarpshûs Yn ‘e Mande kundige it oan it begjin al sjongend oan mei it refrein ‘Op it krúspunt fan goed en ferkeard’. Want it paad troch de oarlochsjierren fan Tytsjerk binne net ferve yn de tinten swart en wyt, yn ‘wij en zij’, mar de kleuren rûnen yn elkoar oer sa as dat yn de skiednis ek altiten bard is.

En dat alles wurdt stâl jûn yn wat de Fransen sa moai ‘petit histoire’ neame. Lytse hannelingen yn it skaad fan it grutte wrâldtoaniel sa’t dat hingjen bleaun is yn de skiednisboeken. It jonkje op de fyts dy’t as in koerier jirpels rûnbringt mei ûnder yn de sek wapens of in eksimplaar fan it yllegale blêd De Waarheid, volksdagblad voor Nederland. Oant dan ta foaral in papieren oarloch mei bern dy’t gewoan toutsje springe en sa no en dan soldaten foarby kommen sjogge.

De emoasje op it stasjon fan Tytsjerk wurdt grutter as de striid op de Grebbeberg foarby is en it wachtsjen is op de soan dy’t werom komme moatte. Ien waard fermist, twa binne sneuvele en Durk Miedema kaam werom. Benammen de emoasje dy’t Wopke Scholte yn heit Andries Miedema leit as Durk op it stasjon stiet heart ta de hichtepunten fan it earste diel fan de kuier. Dat jildt eins ek foar it prachtige lied dat yn de buorkerij fan deiboekskriuwer Ealse Wadman songen wurdt wylst de kroantsjepinne de tekst yn it grut meiskriuwt.

Geandewei wurdt it grimmitiger, der wurde minsklike gatten slein yn it doarp. Dêr kin sels de moaie evenredige rol fan Bodes Kroes as Master Fennema en as foarsitter fan Doarpsbelang neat oan dwaan. Minsken komme tsjinoer elkoar te stean en minsken krûpe by elkoar om de radio’s ferside te hâlden of te flechtsjen foar Dútse twang. Dat giet net altiten goed sa’t de razzia by Burema oantoant, twa fan de fjouwer ûnderdûkers wurde oppakt.

Yn de twadde helte fan de kuier begjinne de klompen fan de oarloch mear lûd te jaan, net allinne troch oerfleanende fleantugen en it almar faker klinkende lûd fan de Mausers. Ek de tsjinstellingen tusken doarpsgenoaten wurde tige skerp dúdlik. De iene frou offert troch ferried oare doarpsgenoaten op om sa har soan te behâlden. De ‘solidariteit’ hâldt by de foardoar op en dat is prachtich foarm jûn yn it lêste diel fan de kuier, miskien wol it sterkste diel.

Wat lingte oanbelanget kinne je miskien sizze dat it wat koarter kinnen hie, gjin trije kear as publyk de skûlkelder yn om mar ris wat te neamen. Oan de oare kant is it geweldich wat dy 275 ynwenners mei elkoar út de wei set mei dizze foarstelling. De organisaasje, it goed yn elkoar oerrinnen fan de sênes, de feilichheid tidens de kuier, kom der mar ris om. En boppe al de wize wêrop de skimerige tiid fan 1940-1945 foarm krige hat fertsjinnet grutte bewûndering. En in djippe bûging foar de minsken dy’t it doarp Tytsjerk yn oarlochstiid sa moai foarm jûn ha, gjin heldenepos mar it deistich ferhaal fan de mins mei syn lek en brek.

Comments
2 reaksjes oan “Oarloch op sokken Tytsjerk binnen”
  1. Ypie Mulder schreef:

    En dat alles ûnder rezjy fan Brecht Wassenaar!! Grutte klasse.

  2. Giny Bastiaans schreef:

    En wat hat ús ‘spin yn it web’ Ineke Kalteren it geweldich goed organisearre! Lykas Brecht in KANJER!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.