fotografy: Linus Harms

Oarloch as ynspiraasje foar teaterprodusint David Lelieveld

ELSKE SCHOTANUS – 

Mei it útsjoch op de skyline fan Ljouwert, de Achmeatoer as skaaimerkend elemint, praat ik mei David Lelieveld, produsint by Pier21, de stifting dy’t hy yn 2012 tegearre mei akteur en teatermakker Theo Smedes oprjochte, nei’t er it jier dêrfoar om reden fan besunigings dien krigen hie as technikus by Tryater. Mar hy hie likegoed boer wêze kind yn Denemarken, it lân dêr’t er jierren oanien simmerdeis kij molken hat en dêr’t er ris ûnder geunstige betingsten oan in pleats komme koe. Ek hie er yn Kanada wenje kind, sa’t it plan op in stuit west hat. Hikke en tein yn Hurdegaryp bleau er lykwols ticht by honk en sette er him, mei syn freondinne, nei wenjen yn Tytsjerk, yn in hûs dat boud is yn 1865, oan de Buorren. David wiist nei bûten. ‘Achter ús hûs wie eartiids in haven,’ fertelt er, ‘dêr leinen preammen dy’t de kij nei it lân brochten.’ Soks wol er mear fan witte, sa’t er ek mear witte wol oer it fleanfjild dat ea yn Tytsjerk west ha moat, of it fenomeen oarloch, dat op mear as ien wize diel útmakket fan syn famyljeskiednis. En wat him nijsgjirrich makket – triggeret – dêr wol hy, as teaterprodusint, wat mei dwaan ek.

 

It positive, dingen dwaan dy’t je dwaan wolle, it libben better meitsje, dat is syn ynstek.

 

Oarlochsgrêven
Mear as ien kear hat er op de Noorderbegraafplaats yn Ljouwert west, om dêr stil te stean by de grêven fan minsken dy’t yn de Twadde Wrâldkriich omkaam binne. Hy wie yn Normandië, dêr’t de Earste Wrâldkriich yn de rinfuorgen útfochten waard en dêr’t yn de Twadde de alliearde troepen lânen, en hy hie, op grûn fan it wurk fan Jack Kooistra, nammen fan sneuvele militêren yn in Excel-dokumint set om dy yn Feteranen as einbyld te brûken. Mar it binne net allinne de oarloggen fan eartiids dy’t him yntrigearje, de hjoeddeiske flechtlingeproblematyk, dêr’t de kranten alle dagen fol fan stean, makket dat er ek konkreet wat dwaan wol. Neist syn wurk en de húshâlding – tegearre mei Anna Witteveen bringt er trije bern grut – begeliedt hy in Syryske húshâlding dy’t in pear jier yn in flechtlingekamp yn Libanon trochbrocht hat. ‘Se binne op útnûging nei Nederlân kaam en sûnt in pear wike ha se wenromte. Wolle wy net dat minsken radikalisearje, dan moatte se derby hearre. Dy minsken ha bern en dy bern moatte nei skoalle, dat yn myn netwurk ha ik in oprop dien dat der fytskes komme moatte.’ Hy laket: ‘Mei as gefolch dat ik wol in fytsewinkel begjinne kin.’ Hy soe der oeren oer fertelle kinne.

Net allinne hat er sels emigrearje wollen, earst nei Denemarken, letter nei Kanada, yn 2008 hat David mei Piter Wilkens nei Kanada west en dêr fan tal fan emigranten de ferhalen heard. Sa foarme him it idee om dêr in foarstelling oer te meitsjen. Yn syn wurk as technikus hie er altyd weardefolle kontakten opdien, sadwaande wienen de meiwurkers gau fûn. Romke Toering skreau foar De emigrant de tekst, der wie in haadrol foar Freark Smink, dy’t earder dûmny Zelle spile hie. Kopstikken as Hylke Speerstra, dy’t troch it ûndersyk foar syn boek “It wrede paradys” in soad fan de Kanadeeske emigranten wit, en Jan Jongsma, dy’t geregeld reizen nei Kanada organisearret en dêr in enoarm netwurk hat, namen sit yn it bestjoer fan de stifting dy’t de produksje mooglik meitsje moast.

Al gau is der sprake fan tal fan gearwurkingsferbannen. Foar Feteranen, dat yn febrewaris yn reprize giet, docht David neist de produksje ek de technyk, mar like leaf rydt er, as Tryater mankrêft tekoart komt, mei de frachtwein nei De Lawei om dêr dekorstikken hinne te bringen. Boppedat die er de technyk foar it Tryaterprojekt In bosk fan minsken. En as man fan de praktyk stiet er, as it om eigen produksjes giet, op ’e lúster as it giet om de reaksjes fan it publyk. Saaklik sjoen is er allegeduerigen op syk nei organisatoaryske en artistike ferbetterings. Dat er, wat syn oplieding oanbelanget, ea in switch makke fan de Lânbouskoalle nei in oplieding Pop en Media mei as spesjalisaasje Management en Organisaasje komt him dêrby prima fan pas. Underwilens is der foar Pier21 in nij stichtingsbestjoer kaam, Jan Jongsma en Hylke Speerstra foarmje de Rie fan Advys en der is in artistike rie ynsteld dêr’t Bouke Oldenhof, Jos Thie en Wybrich Kaastra diel fan útmeitsje. ‘Dêr’, seit er, ‘bin ik tige grutsk op!’

 

Tredde generaasje
Dat Pier21 nei De emigrant mei in foarstelling oer de oarloch kaam, is net ferwûnderlik, mar hoewol’t it stik foarich jier brocht waard, santich jier nei de befrijing, moast it gjin anekdoatysk ferhaal oer de oarloch sels wurde. Sa ûntstie Feteranen, oer twa âldstriders, skreaun troch Bouke Oldenhof en ûnder regy fan Jos Thie spile troch Freark Smink en Joop Wittermans. Foar takom jier stiet in foarstelling op priemmen oer de skries, de kening fan ’e greide, mar safier is it noch net. Fan jannewaris oant en mei maaie wurdt rûnom yn ’e provinsje Life is beautiful brocht, in foarstelling oer it libben fan de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer, dy’t it konsintraasjekamp Theresienstadt (Terezín) oerlibbe en 110 jier âld waard.

Sa foarmet de oarloch in reade tried yn wat David dwaande hâldt en op priemmen set. Net ferwûnderlik mei in Eastenrykske beppe dy’t yn Yndonezië yn in Jappekamp siet en in Yndonezyske opa dy’t knil-soldaat wie, finzen siet yn Japan en dêr de enoarme poddestoel omheechkommen seach doe’t de bom dy’t in ein oan de Twadde Wrâldkriich makke op Hiroshima foel en dêr hûnderttûzenen stralingsslachtoffers makke. David syn freondinne Anna – dy’t ek it kampanjemateriaal fan Pier21 foarmjout – hat in Dútske mem dy’t fan Hamburg komt, en ek yn dy famylje libje ferhalen oer de oarloch. Om Joaden te helpen naaide har pake, as kleanmakker, papierjild yn de seam fan broeken en jassen. De broer fan David syn beppe út Wenen focht mei de Dútsers yn de Kaukasus tsjin de Russen, harren suster stapte op de lêste boat dy’t, foar’t de oarloch útbruts, fanút Ingelân wei nei Kanada foer en emigrearre. ‘En dy minsken ha bern en bernsbern en dêrmei is der in tredde generaasje dy’t noch altyd de ynfloed fan de oarloch ûndergiet. Toch is Life is beautiful net myn idee, it is aktrise Klaasje Postma harres. Hoe’t Alice Herz-Sommer de holocaust oerlibbe, mei tanksij it spyljen fan komposysjes fan ûnder mear Chopin en Bach, dêr woe Klaasje wat mei. Hoe koe ik har dêr sa goed mooglik by helpe? Ik hie graach wollen dat it stik yn Westerbork spile wurde soe, mar dat slagge net. Wol krigen wy adressen fan minsken dy’t Theresienstadt ek oerlibbe ha.’

Sels hat er ûnder mear yn it ferneatigingskamp Auschwitz west. Theresienstadt dêrfoaroer wie in modelkamp. It wienen benammen keunstners dy’t dêrhinne deportearre waarden en dêr de gelegenheid krigen om har artistyk te uterjen. Opnamen dêrfan waarden brûkt yn in propagandafilm rjochte op sawol de eigen befolking as nei de alliearden, bygelyks it Reade Krús, ta, om sjen te litten dat de Joaden yn de kampen hielendal sa min noch net behannele waarden. ‘Alice Herz-Sommer har soan, doe in jonkje, makke diel út fan it bernekoar dêre dat de opera Brundibár opfierde, dêr’t op YouTube opnamen fan te finen binne foar in nazy-propagandafilm. Mei tank oan myn kontakt mei Westerbork ha Klaasje en ik praat mei immen dy’t ek yn Theresienstadt west hat. Hoe’t it yn it kamp om en ta gie, dêr ha wy fan alles oer fernaam.’

Net David sels, mar technikus Jeroen van Casteren reizget mei Life is beautiful mei en docht de technyske begelieding. Foar de try-outs yn Wergea en Mantgum holp er al mei it dekor op te bouwen en seach er hoe’t Klaasje, mei begelieding fan Pauli Yap op piano, Alice spile. ‘It wie geweldich,’ seit er, suver oandien, ‘ik leaude werklik dat sy Alice wíé.’

It stik hat net om ’e nocht as titel Life is beautiful meikrigen, it wie it libbensmotto fan Alice Herz-Sommer. ‘Wat myn persoanlikheid oanbelanget’, seit David, ‘sjoch ik wol reitsflakken.’ Syn libbensmotto is lykwols in oarenien. ‘Life is what happens to you, while you’re busy making other plans, ûntliend oan de song “Beautiful Boy” fan John Lennon.’ It positive, dingen dwaan dy’t je dwaan wolle, it libben better meitsje, dat is syn ynstek. Dêrby wol hy mear as it flechtige dat teater ek is. As oanfolling op de foarstelling wurkje hy en Klaasje gear mei Omrop Fryslân.Yn it programma Bynt sil Klaasje mei de Omrop op paad en yn petear gean mei minsken dy’t op de ien as oare wize harren swierrichheden oerwûn ha. ‘Klaasje docht dit. Ik help al mei om geskikte persoanen te finen. Miskien in flechtling?’

 

Earder ferskynd yn de Moanne 15 (2016), 1 (jannewaris), side 18-21.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.