De oantinkens fan Jakob Vellenga

Publisearre op 31 januari 2014

GERBEN DE VRIES –  

Der bestean fansels gjin foarskriften foar de fraach wannear’t je begjinne moatte mei it skriuwen fan je memoires. De measte minsken dogge dat dochs al net, al wolle benammen politisy harren der noch wolris oan weagje. It soe my net fernuverje wannear’t bygelyks Hans Wiegel al in trijedielige autobiografy skreau doe’t er amperoan 40 jier âld wie. En hy sil no noch wol dwaande wêze mei in stik as trije, fjouwer appendiksen. Oan de oare kant kinne je der ek te let mei komme. Douwe Draaisma, heechlearaar skiednis fan de psychologie, hat yn ferskate boeken al skreaun oer it fenomeen dat je ‘de earste kearen’ it bêste ûnthâlde. De earste skoaldei, de earste leafde, it earste wurk. Nei it tritichste libbensjier, at de routine der yn begjint te kommen, wurdt dat allegear wat minder. De earste leafde stiet je no ienris wat langer by as de tweintichste. Of, om Draaisma nochris te parafresearjen, it libben giet hurder as je âlder wurde en it ûnthâld wurdt minder.

Dat foel my sa yn doe’t ik Fyn en grou. Een leven in de politiek fan Jakob Vellenga (1920-2012) útlêzen hie. Dit riedslid, wethâlder en lid fan de Twadde Keamer – allegear foar de PvdA – fertelde net lang foar syn ferstjerren syn libbensferhaal oan soan Harry. Dy tsjekte de feiten troch it besjen fan de digitale Ljouwerter Krante, de gemeenteriedsferslaggen en de Handelingen van de Tweede Kamer. Jakob Vellenga wie dus al hast njoggentich jier doe’t er syn oantinkens ophelle, formulearre en trochjoech. Dat is te fernimmen. De politike ‘biografy’ is net sa dik, 150 siden, mar in tredde dêrfan wurdt bestege oan Vellenga’s libben fóardat er yn de polityk gie. It is bekend dat minsken op lettere leeftyd in soad weromtinke oan de jeugd. Foar in libben yn de polityk is dit lykwols wat tefolle fan it goede. Oan de oare kant binne dit krekt wer de moaiste siden fan it boek, benammen om’t de lêzer troch hat dat dit ‘echte herinneringen’ binne. Opfallend fûn ik dat, hoewol’t de heit fisyk beheind wie, de famylje net ferfoel yn djippe earmoed.

Wie dat foar in part it fangnet fan de tsjerke? Hielendal dúdlik wurdt it net. Wis is wol dat Vellenga syn hiele libben wrotten hat mei it leauwen. Fan hús út herfoarme, kaam er al ein jierren tritich ûnder ynfloed fan de Switserske theolooch Karl Barth, dy’t it automatisme tusken it kristlik leauwen en de kristlike politike partijkar wegere yn te sjen. Vellenga neamt yn dit ferbân ek de dûmnys Kornelis Miskotte en Jan Buskes, mar frjemd genôch de Fries Oepke Noordmans net. Lykas foar in relatyf soad oare ‘yntellektuelen’ yn Fryslân soarge dat yn 1946 foar de Doorbraak, dêr’t herfoarmen keazen foar de sosjaal-demokrasy, de PvdA. Vellenga wie noch lang net klear mei it leauwen. Fan 1945 oant 1965 wie er ek noch predikant, al soe hy pas fyftich jier letter nei syn politike kar brekke mei de tsjerke.

Doe hie Jakob Vellenga al in lange politike karriêre makke. Yn 1946 kaam er yn de gemeenterie fan Ljouwert, dêr’t er fan 1953 oant 1965 wethâlder wie. Tuskentroch, yn 1950-1954 en 1962-1966, wie er ek noch lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. It falt jin op dat er wol in haadstik wijd oan syn tiid as riedslid, mar net oan dy as as steatelid. Boppedat is it stik oer syn belibbenissen as dûmny like lang as dat oer it riedslidmaatskip. Syn tyd yn Ljouwert stiet oars noch wol fol mei nijsgjirrige saken; Vellenga seit fan himsels dat er binnen de PvdA ta de rjochterkant hearde en dat betsjutte yn de praktyk ek fakentiids dat it primaat fan de ekonomy keazen waard. Tsjin dizze sosjaal-demokratyske bestjoerskultuer yn wûn Vellenga lykwols begjin jierren santich it pleit foar it behâld fan de binnenstêd fan Ljouwert.

Fan 1965 oant 1979 wie Vellenga lid fan de Twadde Keamer. Hy oppenearre him op dit poadium benammen foar bettere arbeitsomstannichheden. Oer dizze perioade hie Vellenga nei alle gedachten net safolle oantinkens mear. It nije wie der ôf en it wie faaks syn tweintichste leafde. Ik bin it sels even neigien: dit part is dúdlik skreaun troch soan Harry op basis fan kranteartikels út it digitale argyf fan de Ljouwerter krante. It komt op jin net echt oer as in rinnend ferhaal en hat wat in ‘hapsnap-karakter’. Dochs lêze je út en troch noch in pear nije dingen. Sa hie Vellenga yn syn lêste jierren yn de Twadde Keamer de taak om fakante boargemastersplakken yn ’e gaten te hâlden en geskikte PvdA’ers te sykjen. It Keamerlidmaatskip as ‘baantsjesmasjine’, soe in populist hjoed-de-dei sizze…

Dit haadstik is lykwols nijsgjirrich troch wat der nét yn stiet. Vellenga hold him yn de jierren sechtich wol dwaande mei de gasboaringen op it Amelân, mar hy liet him net hearre oer it ferneamde dammeplan. Yn it ferlingde dêrfan fernimme wy syn stim ek net oer de ynpoldering fan Noard-Fryslân bûtendyks yn de jierren santich, wylst dat yn dy tiid Fryslân aardich oan ‘e praat hold. Syn maat Jan Spiekhout wie bygelyks mordikus tsjin. Wie Vellenga dat op ’t lêst fan syn libben allegear fergetten? Yn alle gefallen toant it haadstik oer syn tyd yn ‘e Twadde Keamer oan dat Vellenga te let mei syn ‘memoires’ begûn is. Dan wiene de Fryske ‘mannenbroeders’ Jelle Zijlstra en Jaap Boersma der tenminsten moai op tiid by.

As lêste noch dit. Soms hawwe minsken deselde achternamme, mar lizze jesels de link net. Sa wist ik net dat de skriuwer Dirk Vellenga in soan wie fan de politikus. Ik haw goede oantinkens oan Het boek Rinnering út 1994.

Fyn en grou. Een leven in de politiek. Jakob T. Vellenga en Harry J. Vellenga. Utjouwerij Wijdemeer, 160 siden, priis €22,50

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels