Oant achter de horizon en wer werom

ARJAN HUT –

Fia Facebook komme se nei mear as fjirtich jier wer mei-inoar yn kontakt, de leden fan de âlde skoalleband Skyline. De sjongeres fan dy groep is Inez Timmer, letter achter de mikrofoan by de ferneamde Frysktalige folkleginde Irolt en yn Nederlân, Dútslân en Eastenry ek bekend troch de mear as 20 musicals dêr’t sy yn spile. No is sy werom yn Fryslân, om op te treden mei har programma Tusken Heimat en Heitelân. Sneon 29 maart wie de premjêre, yn it lytse Theater “De Vier Pelikanen”, mei as spesjale gasten har âlde kammeraden fan Skyline.

It wie Riemer Kramer dy’t Timmer ‘ûntdekte’, doe’t er har tafallich sjongen hearde yn it muzyklokaal. Tegearre mei de bruorren Johan en Piet Kok begûnen hja folklieten te coverjen, bekende en minder bekende ferskes út it rippertwaar fan bands lykas Fairport Convention en The Dubliners. Yn it smûke De Vier Pelikanen rommelje de trije manlju foar it optreden wat senuweftich mei gitaren, snaren en koffers om. Mei har trijen passe hja al amperoan op de fiif, seis fjouwerkante meters dy’t tsjinst dogge as poadium. Der is fierder plak foar sa’n tritich harkers. Alle stuollen binne gau beset.

Piet Kok, dy’t yn 1971 al in single útbrocht mei Sido Martens, en as ‘feteraan’ de skoalleband by sit, siket in plak dêr’t er mei syn mûlharp stean kin. Syn broer hat in gitaar om en hat in statyf mei blêdmusyk foar de noas. Kramer strielet fan wille. Hy reizge as managementconsultant sawat de hiele wrâld oer, wenne ûnder oaren yn Súd Korea en Turkije, en no stiet er hjir, werom dêr’t it begong. As nei in skoftke Inez Timmer it poadium opkomt, stiet dêr in diva. In leginde. Njonken my sit in frou dy’t har ris ûnderfrege foar in glossy blêd. Sy sjocht op as sjocht sy Timmer sweven, mei in gouden halo om har koarte, grize hier en sulverwite wjukken op de rêch.

Skyline spilet twa, trije ferskes, earstoan wat ûnwennich ( Johan Kok kin sûnder bril de tekst eins net lêze en hy hat no krekt de earste kûpletten tawiisd krigen ) mar stadichoan krûpt it fjoer deryn en wjerklinkt de wille fan it spyljen en it wersjen yn de hege, kleurich betegele romte. It is samar foarby, de koarte set, dan stiet Timmer op it poadium, achter de mikrofoan, oeefkes allinne, oant Peter van der Zwaag achter it piano krûpt om har te begelieden.

Der wurde trije stuollen byset, sadat de bruorren Kok en Riemer Kramer de show ek goed sjen kinne. Kramer hat in kamera, hy filmet it optreden fan de nei it Heitelân weromkearde leginde dy’t hy as rûge diamant út it muzyklokaal fiske. Sy draacht it programma, fertelt, filosofearret, makket grappen en sjongt, swingt mei de heupen, strielt enerzjy út, sûget oandacht op. Sy praat tsjin it publyk, stelt fragen, mar har eagen steane op ‘show’: alles is ynstudearre, leit fêst yn in skript en al hat men gauris de oanstriid om te antwurdzjen, de show dindert troch.

In soad lieten binne bewurkings fan ferskes, bygelyks fan Elton John, Don McLean of Donald Fagen (Steely Dan). Somtiden prachtich, somtiden wat flau (de ferfrysking fan Roy Orbison’s Pretty Woman nei Busy Woman) mar de stimme is sterk, it sjongen mei oertsjûging en netsjinsteande de ôfwikseling fan muzyk mei ferhalen, grappen en anekdoates, bliuwt de feart deryn. In hichtepunt fan har programma is it fûle “Fulda”, op in tekst fan Bart Kingma. Foardat Skyline nochris foar de hearen komt, ropt Timmer nimmen oars as Rients Gratama nei foarren, om him it symboalyske earste eksimplaar fan har nije EP “Paad – Inez Timmer Live” oan te bieden.

De nije soloshow, de reuny fan Skyline, de presintaasje fan Paad, der bart safolle, it is hast tefolle. En dochs past it allegear yn de romtlike útdaging dy’t De Vier Pelikanen hjit. Noch ien kear botse en triuwe Kramer en de bruorren Kok har in paad nei foarren, krije de ynstruminten derby en dûke foar in waarm slotakkoard nochrisom de skiednis yn. Kramer mei in glimk fan hjir oant Seoel, de Piet en Johan Kok cool en strak as The Blues Brothers en Inez Timmer, de show ôfskodzjend, in famke wer, foar even, fûnkeljende diamant yn in lokaal mei tritich stuollen.

Inez Timmer mei Peter van der Zwaag en Skyline yn De Vier Pelikanen, sneon 29 maart, 33 taskôgers.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.