Oanslach

Achte hear Opstelten,

Dus. It Nederlânnerskip ôfnimme fan jihadisten dy’t op dit stuit yn Syrië en Irak oan it fjochtsjen binne. Dat is wat jo wolle, lies ik fannewike yn de krante. Ik moast der even oer neitinke. In jonge of famke, grutte kâns dat dy gewoan yn Nederlân berne is, ûndernimt yn it bûtenlân in aksje dy’t dêr tsjin de wet is. Dy nimme we dus net allinnich it paspoart ôf, mar syn komplete nasjonaliteit. Hy mei gjin Nederlanner mear wêze. Wylst er yn ús lân noch hielendal neat misdien hat. Kin noch komme miskien, mar oant no ta hat er hjir gjin terreuraksjes útfierd of sels net konkreet taret.

We dogge dat dus – ik gean der mar even fanút dat dit wetsfoarstel troch it parlemint komt – mei gjin inkeld oar motyf as de eangst dat dy persoan miskíén kwea yn ’t sin hat. Dat dy persoan in tinkwize hat dy’t móóglik slachtoffers meitsje kin.

Ut foarsoarch de nasjonaliteit ôfnimme dus. Nee better: alle opslûpen tieners dy’t yn in lesauto sitte … ynleverje dat paspoart!

Mei in pear freonen en likefolle goeie glêzen wie it justerjûn noflik trochbomen op dit ûnderwerp. En al wit hoe gau sieten we fansels op de fraach yn hoefiere ús westerse noarmen beskaafder binne as dy yn de Arabyske kultuer. Jawis, foar it individu is it by ús feiliger. Wy kinne sizze wat we wolle, leauwe wat we wolle, frije mei wa’t we wolle, en as we foar in delikt straft wurde gebeurt dat in stik minder wreed. Reden genôch om ús maatskippij leaver te hawwen as dy oare.

Mar is de frijheid en feiligens fan it yndividu de heechste noarm? By ús wol. Mar, even in lytse tinkoefening: stel dat dat nét de heechste noarm is? Stel dat it fuortbestean fan de famylje, de klan, it folk, belangriker is as it yndividu? Dan is dy beskaving fan ús al wat minder dúdlik superieur.

En as we no stelle dat it foartbestean fan Planeet Ierde de alderheechste noarm is – en wêrom soenen we net? Dan is ús westerse maatskippij miskien wol de minste fan allegear.

Even op trochtinke. In yndustrieel dy’t fet walmjende fabriken bout makket úteinlik dus miskien wol folle mear slachtoffers as in jihadist. Oppakke dan mar? Of nee, eefkes yn it idee fan jo wetsfoarstel bliuwe: in ûndernimmer dy’t graach grut wurde wol … preventyf it paspoart ôfnimme? Of noch earder miskien: alle Nijenrode-studinten it Nederlannerskip alfêst mar ôfpakke.

Mar dan moatte we dat ek dwaan mei alle frachtweinchauffeurs mei har stjonkende disels, dy’t miskien ek nochris in kear in fytsers deadrukke. Ut foarsoarch de nasjonaliteit ôfnimme dus. Nee better: alle opslûpen tieners dy’t yn in lesauto sitte … ynleverje dat paspoart!

En alle boeren dy’t fierstentefolle molke en bargen produsearje mei in hypoteek op it lânskip? Jawis, dy ek. Mar dan ek alle kantoarklerken dy’t achter har computers safolle googleje dat der komplete enerzjysintrales byboud wurde moatte om dat spul draaie te litten. O ja, en nim dan ek alle snackbarhâlders en kantinejuffers mei dy’t ús fet swiete kalorybommen oansmarre. En de kroechbazen fansels. En dat aardige famke achter de sigarettekiosk yn de Albert Heijn. Allegear preventyf it Nederlannerskip ôfnimme, want harren hâlden en dragen foarmje mooglik in grutte bedriging foar de takomst fan ús planeet.

O, ik ha noch ien fersyk oan jo. Soenen jo dat dan ek dwaan wolle mei dy kollega fan jo dy’t hieltyd mar tastean bliuwt dat de grûn ûnder ús fuotten leechpompt wurdt? En dy oare kollega, dy’t dat soarchstelsel sa rigoreus oer de kop goait dat tûzenen minsken op it stuit net witte wêr’t se har help sykje moatte, dy ek asjeblyft? Ach, wit je wat? Nim ál dy bestjoerders mar mei dy’t roppe dat se frije parse sa wichtich fine mar in kordon fan foarljochters en kommunikaasje-adviseurs om har hinne oplutsen ha om de wierheid nei har hân te setten. Stik foar stik allegear gedrach dat my as in swierdere oanslach op ús maatskippij oerkomt as dy ferlerne jihadist.

Hielendal sa gek noch net, dat wetsfoarstel fan jo.

 

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Oanslach”
  1. Arjan Hut schreef:

    Earst mar ris Joris Demmink it paspoart ôfpakke.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.