O my god

Eelco Venema makket MOOF mei Jong Tryater, nei Oedipus fan Sophocles

Okee, syn Allstar-gympen passe miskien net sa by in gouden kroan en hy hat der in hekel oan at minsken him neisjogge. Mar fierder soe Eelco Venema best in jonge kening wêze kinne. Hy hat in fêste posysje yn it spilersensemble fan Tryater. Minsken flústerje syn namme at hy de foyer binnenkomt en neffens syn âlders wie hy as bern suver ûnoantaastber. De akteur makket dit jier mei Jong Tryater, it ‘belofteteam’ fan it selskip, gearstald út learlingen fan de kreative opliedingen yn ’e haadstêd, de foarstelling MOOF. MOOF, yn in earder stadium noch MOFO (motherfocker), is basearre op de Grykske myte oer Oedipus, dy’t syn heit fermoardet en mei syn mem op bêd giet. Eelco is net fan de ‘method acting’, mar binne der oerienkomsten mei de earst súksesfolle, mar letter troch de goaden pleage kening Oedipus en him? Op syk nei de O-faktor fan Eelco.

MOOF is in jongkeardel yn ’e krêft fan syn libben. Hy hat it makke, is hot en hat it mei syn heldedieden sels ta kening skopt. Hy wurdt faak frege foar tv-shows, seit de dingen rjocht foar de raap en soarget foar goeie sjochsifers. Mar as de goaden érgens in hekel oan ha, dan is it oan knappe, sterke, jonge manlju dy’t tinke dat se de wrâld oankinne. It lot hat in wrede ferrassing foar him yn ’t fet. Wylst de stêd pleage wurdt troch hingjongeren, Meksikaanske gryp en Q-koartsgeiten, rekkent it folk mear as oait op syn held. Lykas Oedipus rekket MOOF hieltiid betize yn it lot en syn eigen fergonklikheid.

Status

MOOF is in jonge dy’t ta kening beneamd is omdat hy de befolking rêden hat. Hy is tûk, sterk en wurdt troch alle minsken sjoen as in superheld.

“We sitte wol yn in wrâldsje fan ‘zien en gezien worden’, mar dat fyn ik krekt it meast ferfelende fan it fak. It is dan ek in misfetting dat akteurs allegearre ekshibisjonisten binne. Der is neat minder as nei in foarstelling de foyer yn te rinnen en dat minsken elkoar dan oanstjitte en dyn namme flústerje. Ik wit net hoe’t ik dêrmei omgean moat.” Gewoan freonlik sjen en de hân opstekke? “It giet der om dat ik mysels dan sjoch troch harren eagen. Dat is frjemd en ferfelend tagelyk.”

Leist dan ûnder in fergrutglês?

“It leit him ek wol wat oan my, tink ik, hear. Ik bin net sa sosjaal, net sa iepen. Doe’t ik studearde, wurke ik by in entertainmentburo. In ferskrikking, opfalle en oerdriuwe hat nammentlik neat mei aktearjen te krijen. Dêr siet ik dan silich yn in hoekje mei myn blueshoed en in sigaar, of in piratehoed op. Dêr kin ik neat yn kwyt. Yn myn rollen by Tryater wol, sa as yn Discopigs ferline jier. Dêryn spile ik Beer, in agressive jonge. Fan natuere is hy eins in blier en entûsjast figuer, dy’t eins fertelle wol, sa fan: moatst sjen, ik ha wat moais makke. Mar hy kin net oerwei mei de wrâld en al dy minsken dy’t wat fan him ferwachtsje. Hy langet nei in eigen wrâldsje dêr’t hy himsels wêze kin en syn eigen taal hat. Dat is úteinlik wat we tink ik allegear wol wolle, gewoan in feilich plak dêr’t je jesels wêze kinne. Yn dy ûnmacht koe ik my yn elts gefal wol fine en dan is it hearlik stoeien mei sa’n rol.”

‘Kijk mij’ is dus net dyn middlename…

“Ik sil nea de haadrol opeaskje, dat makket my in prima ensemblespiler. Myn karakter is ‘easy going’ en ridlik rêstich, mar at in regisseur de goeie snaar wit te reitsjen komt der ynienen in bulte enerzjy frij. At ik dan ek noch in nijsgjirrige rol ha, kin ik dêr alles yn kwyt.”

Unoantaastber

Yn ’t begjin is Oedipus / MOOF net fan ’t sintrum te krijen. Hy ken gjin eangst en giet folslein syn eigen gong, ‘appeltje eitje’ is syn kredo. Werkenber?

“As bern wie ik ek behoarlik solistysk en eigensinnich, perfoarst gjin sosjale jonge. Ik groeide op as Hollânsktalich jonkje yn Koudum, dêr’t eltsenien Frysk prate. No hie ik derfoar kieze kinnen om dy taal ek te brûken, mar ik ferpofte it. Jimme wolle dat ik my oanpas? Moai net! Sa tocht ik. Sjoch, ik hie wol freonen en wie gjin rare jonge. Mar ik brocht mysels wol yn in isolemint. Dat die ik doe net bewust, sa wie ik gewoan. Efterôf tinkst: ferdomme. Ik hie mysels ek oanpasse kinnen, dan wie ik sosjaal wat mear ûntwikkele.” Laitsjend: “Dan hie it allegearre wat makliker west. Myn âlders sizze ek wolris dat ik doedestiids net te straffen wie. Stjoerden se my nei myn keamer? Ik helle myn skouders op. Soe ik dan gjin iten krije? Wat makke my dat út. Haha, yrritant foar harren. Mar it rekke my net.”

Pleagen

Mar dan. Oedipus kriget in flok fan de goaden en alles brekt him by de hannen om ’t ôf.

“Oft ik ek drege tiden hân ha? Ik tink dat myn tiid nei ‘Ronja de Roversdochter’ best yngewikkeld wie. Dat wie myn earste stik en ik waard sjoen as jong talint. Dat makket it makliker om te spyljen, foaral om’t ik in protte help fan Tamara Schoppert en Jan Arendz kriich. Mar doe dêrnei. Doe woe ik sjen litte wat ik noch net koe, ik lei de latte heech. Dêrtroch krige ik ûnnatuerlike spanningen en stie ik echt op in krusjaal punt: trochgean of stopje? Ik doch nammentlik allinnich dingen dy’t ik kin. Myn eangst wie dat minsken der efterkamen dat ik eins mar wat doch. En dat is ek sa. Akteare is op dyn gefoel ôfgean en in keunstje, mar moatst it keunstje wol behearskje. Geandewei bin ik better wurden, liniger mei it spyljen en yn de tekstbehearsking. Mar dy eangst, dat komst einliks altyd wer tsjin yn in kreatyf proses lykas by de rippetysjes foar in nij stik.”

Predestinaasje

Kinne je je libben sels regeare, of is alles fêstlein? By Oedipus en dus ek by MOOF ha de goaden it foar it sizzen en blykt alles kapot te kinnen.

“De fergonklikheid fan in held, dêr giet it neffens my om. Yn de oanrin nei it stik wie it suver in frustrearjende syktocht nei it tema. Dat komt omdat Oedipus in hiel goed stik is en út ferskillende lagen bestiet. Kinst der fanalles úthelje. Mar de kearn, dy fynst werom yn de lêste sêne fan it stik. De eagen fan Oedipus binne dan útstutsen en hy is alles kwyt.’Dit is dan die grote Oedipus’. Alles is fergonklik, it kin samar dien wêze mei dyn status. Dêr giet it om, dat is de line. MOOF hat earst de regy, hy libbet syn eigen libben. Mar úteinlik fersûpt hy yn de foarsizzing en de flok fan de goaden. Op guon saken hast gjin ynfloed, hoefolle macht ast ek hast.”

Dat is yn de echte wrâld ek sa?

“Tsja, dêr ha we it by de rippetysjes fan Polaroid hiel faak oer hân. Der siet in sin yn dat stik: ‘Er rijdt nu een trein naar Parijs en jij had in die trein kunnen zitten.’ Mar wat hast deroan om sa te tinken? Bist wol ferantwurdlik foar dyn libben, mar hast ek in genepakket. Dat is dan wer dyn needlot. Alles is fergonklik en ûnwis. Dat kinst negatyf en posityf besjen.”

En hoe sjochsto dat?

“Haha, no, ik hingje wolris wat tefolle oer nei it negative. Wat hat it allegearre foar sin? Ik bin gjin Carpe Diem-type.” Docht in blier typke nei: “Pluk de dag, geniet van alles! Nee, sa bin ik net. Mar dat is wol feroare, sûnt ik in dochter ha. Foar hár fyn ik wol in hiel protte fan belang. Ik bin ophâlden mei smoken. Net omdat de hiele wrâld seit dat it net goed is. Nee, dat soe foar my reden wêze om wer dwers te lizzen en it wol te dwaan. Mar no’t sy der is, tink ik: at ik net smook, kin se my jierren langer meimeitsje. Tsja, dan dochs mar ophâlde. Earder fytste ik sûnder ljocht en sûnder eangst troch de stêd. No tink ik: hoho, hast in bern! Ik fiel my ferantwurdlik foar har. Idealiter soene je dat ek foar josels tinke moatte…”

Regeare is foarútsjen

Oedipus en MOOF moatte harren deljaan by de flok fan de goaden. Do meist noch ien dei regeare oer Tryater en kultureel Fryslân. Sis it mar.

“Poeh, no in miening ha oer kultureel Fryslân en de Kulturele Haadstêd fyn ik lestich. It is goed om de dialooch oan te gean oer ús kulturele klimaat, want we meie ús der wol bewust fan wêze dat dat hjir hiel bysûnder is. Mar tefolle roppe dat we it hjir wol efkes meitsje sille, dat ropt wat it Oedipus-effekt op. By Tryater moatte we trochgean mei prikkeljen, dat dogge we neffens my no absolút mei ‘It Brûst’. Dat is in barren dêr’t minsken elkoar moetsje en dêr’t we nije foarmen fan teater by brûke. Earst by de gruttere plakken del en dêrnei as in grutte karavaan.” Circus in town? “Krekt, moeders houdt uw dochters binnen! Dat soort kreten.” En hoe bliuwst sels prikkele? “Ik moat soargje dat myn ferlanglistje oanfolle bliuwt mei doelen. No moat ik noch leare om minsken nei myn foarstelling te heljen, om se entûsjast te fertellen wat ik doch en it net by my te hâlden. Dus mar ris wat minder dwers en sletten wêze, mar grutsk. Wat mear fan: ik ha wat moais makke, wolst it sjen?”

 

Dizze tekst is earder ferskynd yn de Moanne 9 (2010), 2 (maart), s. 50-52.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.