Nynke Laverman is âlder wurden

ARJAN HUT – 

Nynke Laverman sjongt en werpt har op as hoedster en noedster fan it poetysk befleine liet. Sy sjocht dy oan – nee, stoarret dwers troch dy hinne! – mei iisblauwe eagen, har antlit omwuolle mei in kreaasje fan filtfirtuoas Claudy Jongstra. De Fryske taal klinkt sa’t allinne de Fryske taal klinke kin: sjongsumer as oare tongen, op weagen fan kopketûmeljende ien, twa, trijelûden.

Wilens spilet Sytze Pruiksma op ynstruminten mei nammen dy’t út in oarewrâldske almenak lykje te kommen. Oant safier biedt Alter, it fjirde album fan Laverman, gjin eleminten dêr’t de leafhawwers en kenners fan har eardere wurk fan skrikke sille. Dochs binne der yn ferliking mei de programmatyske foargonger Nomade wer wat stappen foarút set.

Yn leafst 37 lannen wurdt Alter op de merke brocht. Dat is bysûnder, want útsein ien ferske, bliuwt it Frysk de fiertaal foar dizze sjongeres. Oer de grins wurdt dêr blykber frijwat entûsjast en mei ferwûndering op reagearre. Besprekkers fine it moai klinken, koel, noardlik, Skandinavysk sels. En dat is grappich, want op Alter wurket Laverman krekt tegearre mei de Spaanske flamenco-gitarist Javiér Limon. Dy hat dizze plaat ek mei produsearre en foarsjoen fan in lûd dat opfallend ynbannich is.

De soms wat filmyske klanklânskippen fan Pruiksma, de poalstimme fan Laverman en it Mediterraansk pipere spul fan Limon botse en draaie ynmekoar om as de kâlde en waarme luchtstreamen heech boppe ús hollen. Dêr kinne tornado’s út berne wurde, mar ek, as alles misbeteard, in lijwaarme tastân dy’t nimmen werklik rekket. Gelokkich, dat is hjir net it gefal.

Fan de earste maten fan ‘Foarjiersfers’ ôf, wurdt der in subtiele spanning opboud. It teatrale, oppofte mearkeslûd fan eartiids is yndamd, filtere en filearre. It smyt in organysk, folwoeksen lûd op dat útnoeget om tichterby te kommen en mei de eagen ticht it harkersaventoer oan te gean. Ik moat tinke oan de filmscore fan Michael Danna by The Ice Storm (1997) of Thomas Newman syn muzyk by American Beauty (2000). Muzyk as stilte foar de stoarm. Yn ‘Dûns fan de Siedden’ tilt it op fan ferwachting, maitiid, en (wer)berte. “En yn my klopje twa herten / En yn my sjongt in stille stoarm …” In sterk, mar ek wer hiel subtyl refrein jout hâldfêst en bliuwt stevich hingjen.

Alter lit in artyste hearre dy’t âlder wurden is, fierder groeit en stadichoan los komt fan harsels. Minder “my, my, my” en “ik, ik, ik” yn de teksten, dêr fernimst it al oan, mar ek de manier wêrop’t sy har stimme brûkt is oars. In bytsje koeler, ôfstanliker, ôfwachtsjender, as sjongt sy troch in filter fan lichte snie. Yn kombinaasje mei de flamencosang fan Saúl Quirós smyt dat yn ‘Foarsizzing’ mominten fan puere muzikale tsjoenderij op. It ferske groeit boppe de muzikanten út en foarmet in moai hichtepunt, net allinne op dit album, mar ek yn it oeuvre fan Laverman.

In oar opfallend ferske is ‘Eftereach’, (“Jou my eagen fan in bern / en lit my sjen”) mei in gastfoardracht fan Tsjêbbe Hettinga, dy’t ek oan de tekst meiskreau. Alle oare teksten komme fan de sjongeres sels. It binne sterke, heldere rigels – hjir en dêr in klisjee, mar like faak fernimstich. Tekst en muzyk slute allegeduerigen noflik opinoar oan, de titels streame as wolken ynmekoar oer en de sjongeres fleant no ris nearne út de teatrale bocht. It nivo wurdt oant it lêste ferske (‘De Brulloft’) fêstholden. Alles bymekoar skoart Alter op alle punten heger as syn foargongers en dat is in bysûndere prestaasje.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.