Design

Nei in nûmer oer de Swette en in spesjaalnûmer oer boeken, komme wy dizze hjerst al wer mei in ‘special’. Foarlopich is it ús lêste special, mar it tema fan dit nûmer, design en arsjitektuer, blykt oan de oare kant sa ynspirearjend te wêzen foar redaksje, meiwurkers en abonnees, dat wy besletten hawwe om oare jier geregelder omtinken te jaan oan dit ûnderwerp. En dan miskien ek wat mear yn it Frysk, want de taal fan designers is meast it Nederlânsk, docht bliken.

Design en arsjitektuer yn Fryslân, it liket hieltyd wer te draaien om de fraach hoe’t de tradysje him elke kear wer oanpast oan nije foarmen. Foar in part is dat in kwestje fan tafal, foar in part liket it ek te gean om djip fielde needsaak. Yn in moai artikel oer meubelfabryk Fristho, lit Bert Looper sjen dat it ferhaal ‘Fryslân’ ûneindich folle komplekser en mearsidiger is dan wy wolris lykje te tinken. Looper jout oan dat it wichtich is om hieltyd wer it ‘oare’ Fryslân sjen te litten, krekt om foar te kommen dat bepaalde identiteitskenmerken ferwurde ta stereotypen of klisjees: ‘Troch de dominânsje fan it agraryske Fryslân hinne, piket sa no en dan it Fryslân fan avant-garde foarmjouwing en design.’  It ferhaal oer meubelfabryk Fristho, dat desennia lang prachtige meubels makke oan de hân fan ferneamde, ynternasjonale ûntwerpers, is dêr in goed foarbyld fan.

Om ditsoarte foarmen fan gearwurking tusken keunst en ambacht op ‘e nij te stimulearjen hat de provinsje goed tsien jier lyn de Vredeman de Vriespriis yn it libben roppen. Doel is om goeie foarbylden fan gearwurking tusken opdrachtjouwer en ûntwerper of arsjitekt te beleanen en ûnder de oandacht fan it grutte publyk te bringen. Bekende priiswinners út it ferline binne Koninklijke Tichelaar yn Makkum, Claudy Jongstra en arsjitekt Jelle de Jong.

Yn dit nûmer besteegje wy graach omtinken oan de Vredeman de Vriespriis yn de foarm fan in ferslach fan de sjuery en petearen mei priiswinner Gjalt Pilat en inkele potinsjele kânshawwers. De konklúzje fan de sjuery wie dat ûntwerpers, seker de jongeren, noch wat mear de klam lizze kinne op de autentisiteit fan harren eigen regio. Ut in gesprek dat Moannemeiwurker Marc Vlemmings hie mei in tal Fryske âld-studinten fan de Design Academy Eindhoven, docht bliken dat sy harren hjir nei de stúdzje net mear festigje, mar bygelyks hingjen bliuwe yn de omjouwing fan Eindhoven. De sjuery seit dêroer: ‘Waarom zou een Friese ontwerper zich moeten aansluiten bij de Eindhovense School? Omdat iedereen dat doet? Een belangrijke component van creativiteit is juist individualiteit. Dat mag best meer tot uitdrukking komen. Echter, ontwerpen vanuit de eigen Friese identiteit moet niet gaan resulteren in navelstaarderij. Creativiteit is ook gebaat bij openheid, bij de bereidheid je te laten inspireren en uitdagen door het vreemde.’

Roelof Koster fan Keunstwurk jout yn in opinybydrage oan dat yn Fryslân in netwurk oan it groeien is fan in jonge, dynamyske, kreative kultuer: ‘Het waait niet over want een groot deel van het jonge creatieve talent ontdekte dat ze prima vanuit Fryslân kunnen blijven werken.’ Koster bepleitet yn dit stik fan saken in aktivere hâlding fan de provinsje.

In grut tal fan dy nije en jonge ûntwerpers litte wy ta einbeslút ek oan it wurd yn dit nûmer. En dan doel ik net allinnich op de bydrage fan fotograaf Tryntsje Nauta en arsjitekt Nynke Rixt Jukema oer fakânsjehúskes op Flylân, mar ek op de 25 minsken dy’t wy koart oan it wurd litte om harren oan jo foar te stellen.

Ernst Bruinsma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.