Nei Koarnjum

Publisearre op 27 juli 2012

Jaap Krol – Trije boumasters sprekke harren yn dit nûmer út oer it nije provinsjehûs: Marten Atsma, Bauke Tuinstra en Rein Hofstra. Wat soene dy deskundigen yn 1873 fûn ha fan de doe splinternije Herfoarme Tsjerke fan Koarnjum? Yn elts gefal wie it se nei alle gedachten net opfallen dat der ûnder de flier fan de âlde tsjerke in sekere David Gorlaeus lei, berne yn 1591 en stoarn yn 1612. De fierstente betiid ferstoarne Gorlaeus wie de grûnlizzer fan it atomisme, in filosofyske streaming dy’t besocht wittenskiplike bewizen te finen foar de frije wil, yn in tiid dat God en Syn gebod foar absolute wierheid oannommen waarden.

Guon Friezen – deiblêden dêrby ynbegrepen – meie graach pronkje mei de bysûndere status fan in kollega-Fries. As bern lies ik yn kranten faak sinnen as ‘De uit Leeuwarden afkomstige zakenman heeft een nieuwe auto’ of ‘De voormalige Sneker leverde zijn rijbewijs in’. Guon Friezen mienden sels in boek oer kollega-Friezen skriuwe te moatten: it jubelboek Gevierde Friezen in Amerika is in eufoaryske oade oan al dy seldsum yntelliginte klaaikers en wâldpykjes sûnder wa’t de US of A gewoan net bestien hienen.

De Moanne docht leaver net oan soksoarte hagiografyske selsferriking. Noch altyd it blêd fan kreative geasten en puntige skriuwers, wol dy plak jaan oan minsken mei ferbylding. Sannemaj Betten bygelyks debutearret yn dit nûmer mei poëzy. Hoewol’t se krekt net beneamd is as Jonge Dichter des Vaderlands (JDDV) is it ús in ear om wurk fan dy 17-jierrige op te nimmen.

Mar lit ús noch eefkes stilstean by Gorlaeus, waans biografy yn dit nûmer besprutsen wurdt. Dat er libbe yn in polityk ûnrêstige tiid fol oarloch en flechtlingen hat hjoeddedei in ferrassende bykomstichheid opsmiten. Want dat de foarfaar fan it Higgs-dieltsje no krekt yn Koarnjum begroeven leit, is dochs wat bysûnders.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels