Nuânse fan Fryske Akademy: ‘Sa min giet it net mei it Frysk’

BERT DE JONG – 

‘Taal wurdt droegen troch literatuer’
As in tongerslach kaam it nijs op Fryslân del: it is mei it brûken fan it Frysk fiif foar tolven. Mar it aparte is dat it nijs fan bûten de provinsje kaam. Yn Fryslân werkent men it byld net.

Ferbjustering is der oer de konstatearre delgong yn it brûken fan it Frysk. Tiid foar in tsjinlûd. “Dat it mei it Frysk sa min wêze soe, soks is dreech te leauwen”, seit ûndersiker Edwin Klinkenberg fan it wittenskiplik ynstitút Fryske Akademy. Hy is projektlieder fan it grutte ûndersyk nei de status fan it Frysk dêr’t 30.000 Friezen foar útnoege binne en wêrfan de útkomsten ein dit jier 2016 nei bûten komme.

 

Wy komme op hiel oare getallen, de helte fan de Friezen bringt it Frysk oer op de bern. It rint wol wat werom mei it brûken, der stiet ek wol druk op. Mar ús data litte gjin alarmearjende delgong sjen.

 

Sa min giet it ek hielendal net mei it Frysk. Klinkenberg kin no al folle dúdliker wêze: “Wy komme op hiel oare getallen, de helte fan de Friezen bringt it Frysk oer op de bern. It rint wol wat werom mei it brûken, der stiet ek wol druk op. Mar ús data litte gjin alarmearjende delgong sjen.”

De ûndersiker Geert Driessen fan de Universiteit fan Nijmegen kaam begjin juny mei min nijs oer it brûken fan it Frysk, benammen ûnder de jongerein. Op it skoalplein en thús oan de keukentafel wurdt troch harren minder Frysk sprutsen as tweintich jier ferlyn. De sifers fan Driessen sprekke: yn 1994 betsjinnen 58 prosint fan de heiten en memmen harren fan it Frysk, yn 2014 noch mar 35 prosint. It tal bern dat yn hûs it Frysk brûkt is sakke fan 48 nei 32 prosint. Bûten de doar fan 44 nei 22 prosint.

It is in delgong dy’t Driessen al langer skôget. Hy hat der yn it ferline ek al op wiisd. Mar no makket hy him bot soargen oer it tempo fan de delgong. Sa komt it faai te stean mei it Frysk, is syn tinken.

 

Wittenskiplik lilk
De konklúzjes binne fiersten te koart troch de bocht, fynt Klinkenberg. Syn krityk sit yn de representativiteit fan it ûndersyk fan Driessen. “Hy hat ûnder 650 skoallen yn Nederlân ûndersyk dien en dêrfan binne dan 36 út Fryslân. Wolst wat oer it brûken fan it Frysk sizze kinne, dan moat dy stekproef yn Fryslân folle grutter wurde.”

Klinkenberg seit dat er ‘wittenskiplik lilk’ is. It byld wat delsetten is, doocht net. Yn it ûndersyk nei streektalen en dialekten wurdt in lannelike ûntjowing trochlutsen. “Dy generalisaasje kinst net lûke”, seit de taalsosjolooch. “Sa min giet it net mei it Frysk, ek net ûnder de jongerein.”

 

Sa min giet it net mei it Frysk, ek net ûnder de jongerein.

 

Yn earder ûndersyk hat Driessen ek de posysje fan it Frysk fergelike mei it brûken fan streektalen en dialekten yn oare dielen fan Nederlân. Opfallend is dat yn Limburch it brûken fan it eigen dialekt aardich stabyl bleaun wie. Mear as de helte fan de âlders yn de provinsje spruts doe Limburchsk. Driessen hat tusken 1994 en 2003 ûndersyk dien ûnder 35.000 âlders en bern.

Yn syn algemienens rint it gebrûk fan streektaal of dialekt per generaasje werom. In offisjele status lykas it Frysk dy hat, is net fan ynfloed, mient professor Leonie Cornips, heechleraar taalkultuer oan de Universiteit fan Maastricht. It opfallende is neffens har dat bern it dialekt net sprekke, mar dat pake en beppe en heit en mem it wol brûke. It hâldt op by foaral de mem: dy sprekt it dan net mear tsjin de bern.

 

Sprek- of skriuwtaal
It Frysk hat in streep foar, mient direkteur Koen Eekma fan de Afûk, de útjouwer fan Fryske ûnderwiismiddels. Want bern krije ûnderwiis yn it Frysk op skoallen. In oere wyks op syn minst soe eins moatte. Soks bart mei moderne learmiddels, learkrêften ha mear mooglikheden, ek al binne se sels it Frysk net hielendal de baas. “Sjochst dat bern dy’t yn de Fryske taal ynteressearre binne, harren der ek rom yn ûntjaan kinne. Digitaal makket soks mooglik. Ek thús.”

 

In ûndersiker moat him beheine ta it ûndersyk. Is de kwaliteit goed, bygelyks. Dêrnei moatte sy mei ús sjen wat wy der mei kinne.

 

Edwin Klinkenberg fan de Fryske Akademy sjocht ek dat it Frysk as sprektaal in folle gruttere betsjutting hat dan as skriuwtaal, yn it bysûnder by de jongerein. It oerbringen fan it standert-Frysk as skriuwtaal kostet in soad enerzjy, tiid en jild. “It is eins foar in lytse groep. It berikt net de gewoane man.”

“Ik fyn net dat wy hiel rap ta de konklúzje komme moatte dat je oerstappe moatte op sprektaal en de skriuwtaal gean litte moatte”, is it oardiel fan Eekma. Neffens him is it ek in stap te fier foar de Fryske Akademy. “In ûndersiker moat him beheine ta it ûndersyk. Is de kwaliteit goed, bygelyks. Dêrnei moatte sy mei ús sjen wat wy der mei kinne.”

Ek lêzen en skriuwen yn it Frysk binne essinsjeel, seit Eekma. “Ast gjin literatuer hast, wat hast dan noch? In deade taal. Neat om in taal status te jaan, neat om in stik kultuer troch te jaan oan in folgjende generaasje.”

 

Boekeferkeap
In probleem is dat it Fryske taalgebiet mar lyts is en dat is in beheining foar de Fryske skriuwers. In auteur as Hylke Speerstra stiet fier boppenoan mei oer de 10.000 boeken foar titels as Op klompen troch de dessa, De Oerpolder, It wrede paradys en De Treastfûgel. Mar foar oare skriuwers komt de ferkeap net heger as 1000 boeken, of faker nog leger.

Foar poëzij begjint in oplage faak by 50. Der is in stimulâns fan de provinsje: tsjintwurdich meie dichtbondels yn in oplage fan 100 eksimplaren útjûn wurde om oanspraak meitsje te kinnen op produksjesubsydzje. Fan in tal dichtbondels fan Baukje Wijtsma binne der 500 en mear ferkocht. Op rom 600.000 ynwenners fan Fryslân liket it neat. Krekt wol, seit Eekma. “Ferlykje dit ris nei Nederlânske ferhâldings. Dan soest it kear 25 dwaan moatte. Mar dan komst net maklik op 12.500 bondels.”

Ryk wurde fan boeken, it sil de Fryske skriuwers nea slagje. Der wurde nei ferhâlding noch hieltyd in protte Fryske boeken ferkocht, mar kommersjeel is it in sinterske negoasje. De ramsj fan útjouwer Steven Sterk fan De Gerdyk hat in protte Fryske titels, hiel wat literatuer dy’t ea útjûn is by Friese Pers Boekerij is no foar in apel en in aai te krijen.

It is Koen Eekma in griis. “Dan set je eins ek in skriuwer oan de kant.” Hy wit it, boeken krije yn in boekhannel net folle tiid. Yn in koart setsje tiid moatte de nije boeken harren bewize. En oars de skriuwers wol. “Dy binne folle mear de ambassadeur wurden fan harren eigen boeken. Se binne ‘performer’, moatte de minsken opsykje, op radio en televyzje besykje te kommn om harren sels en harren boek promoasje te jaan.”

 

Sutelaksje
Skriuwer Ferdinand de Jong is in moai foarbyld fan in nije generaasje skriuwers dy’t sels de boer op giet. Hy hat de sutelaksje nij libben ynblaasd, yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân. De Jong sit net stil, hy bringt boeken nei de minsken ta. Der sil dit jier 16 kear sutele wurde, op freed 24 juny wie it foar it earst yn de doarpen Wergea en Warten.

Mei help fan PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi wie de earste dei fan de sutelaksje in súkses. De opbringst fan 4300 euro is in stik bûter yn de brij. “It wurket op dizze wize”, seit Jacobi. De frijwilligers dy’t mei kroaden troch de buorren gean hawwe har stipe. “Wy stean foar de eigen Fryske taal.” It is ek Jacobi dy’t sjocht dat boekhannels in bytsje plak ynromje foar it Fryske boek. “Ik ha yn myn hûs mear Fryske boeken op de planke.”

 

Ik ha yn myn hûs mear Fryske boeken op de planke.

 

Oant 2008 krige de Sutelaksje de stipe fan de provinsje. Dêrnei wie der neat. “Der waard net neitocht oer in alternatyf. Dat wie de flater”, seit De Jong. It wie de skriuwer min nei it sin. Mei frijwilligers socht er yn 2013 foar nij libben foar de boekferkeap lâns de doarren. Yn 2014 wie der in gruttere opset mei ferienings yn de doarpen en soks levere sa’n 33.000 euro op.

Omdat it dreger waard om frijwilligers te finen, is der ek yn 2016 in gearwurking opset mei it ferieningslibben. In kwart fan de opbringst is foar de kas fan de feriening. “It mes snijt oan twa kanten”, ferklearret De Jong. Hy is bliid dat it sukses fan in lange tradysje wer smakke wurde kin.

It grutste part fan de lâns de doar ferkochte boeken is fan Afûk. Minsken litte harren each foaral falle op berneboeken. Dit betsjut dat der war dien wurdt om bern Frysk lêze te litten. Der wurdt by Afûk ek socht nei oare mooglikheden. Fryske gedichten digitaal oanbiede bygelyks, it docht bliken dat poëzij dan folle meer ûnder de minsken komt as mei in printe ferzje. Al bliuwt dan de fraach hoe jild te fertsjinjen mei it útjaan fan nije gedichten.

 

Idealisme
“Taal wurdt droegen troch literatuer”, warskôget Hylke Speerstra. “In taal dy’t net skreaun wurdt, dy ferdwynt.” As skriuwer is er somber: “It Frysk is myn earste taal, mar it is mei it Frysk lykas wy tweintich jier ferlyn tsjin it Stellingwarfsk oanseagen. Soks twingt ús ta neitinken.”

 

Der is by in skriuwer ek kommersjele ynslach nedich. Hy moat de boer op.

 

De ferflakking fan it Frysk is him in soarch. “Sa’t de blommen en de fûgels út it lânskip ferdwine, sa ferdwynt ek de rykdom fan de Fryske taal ûnder de minsken.” It docht him sear. “It Frysk is fan âldsher foaral in boeretaal, mar sjochst no de earmoede ûntstean. It taalgebrûk is somtiden treurich, ek al wurdt mei allerhanne technokratyske prosessen besocht om it tsjin te gean.”

As gjin oar is Speerstra al jierren ambassadeur foar it Frysk. Hy giet as skriuwer troch de provinsje om ferhalen te fertellen en dêrmei bringt er ek syn boeken ûnder de minsken. Foar in jonge skriuwer as Ferdinand de Jong hat er ‘grut respekt’, omdat dy alle war docht om de Fryske boeken by de minsken te krijen. “Mei idealisme allinnich komst der net”, fynt Speerstra. “Der is by in skriuwer ek kommersjele ynslach nedich. Hy moat de boer op. Eins moat eltse skriuwer wol wat idel en eksjibisjonistysk wêze.”

Comments
5 reaksjes oan “Nuânse fan Fryske Akademy: ‘Sa min giet it net mei it Frysk’”
  1. André Looijenga schreef:

    Wol wat in apart stik… It begjint mei de wittenskiplike diskusje oer de taaloerdracht fan it Frysk by bern, mar it komt út by de ferkeap fan Fryske boeken (wat dochs ein net sa hiele folle te krijen hat mei de oerdracht fan de taal op bern).

    Tagelyk komt yn it artikel net oan de oarder wat dochs it meast logysk liket om taaloerdracht en taalgebrûk te fersterken: mear Frysk yn it ûnderwiis. Dan sjogge wy oer tritich jier wol nei positive effekten dêrfan op de boekeferkeap.

  2. Yn de njoggentjinde ieu fûn dokter Catharina van Tussenbroek eat út dat stridich wie mei alle eardere ûndersyk. Froulju soene nét ûnfruchtber wurde fan fytsen. Dat koe fansels net wier wêze! Hoe kaam se derby! Om de maatskiplike ûnrêst del te bêdzjen waarden fluch dy pear dokters derby helle dêr’t men op rekkenje koe, om’t se nammentlik altyd sein hiene wat wier wie en boppedat it bêste foar de mienkip. Opnij stelden se de boargers gerêst: fytsen is ferkeard foar froulju.
    Ek trommelen se hurd allerhanne dûmnys en jierapelboeren op, eksperts dus op it mêd fan fytsen en froulju. En dy seine: wis, de dokters ha gelyk! Nim dat mar fan ús oan.
    Om it lêste risiko op ferkeard tinken wei te nimmen, noegen se 30.000 manlju út foar in ûndersyk, dy’t hiel graach meidwaan woene, just om’t se allegearre osa fan froulju holden. En dêr rôle út dat harren wiven en dochters beslist ûnfruchtber wurde soene fan fytsen.
    Dat wie ommers de wierheid. Fytsen makket froulju ûnfruchtber.

  3. Ferdinand de Jong schreef:

    Neffens my hat oerdracht fan taal op bern in hiele soad te krijen mei ferkeap fan Fryske (berne)boeken. It effekt fan it safolste wittenskiplike ûndersyk nei dy taal ha ik mear myn twivels oer.

  4. Sigrid Kingma schreef:

    It is wat in lapekoer, dit stik. Dat skriuwers de boer op moatte, dêr kin ik my wol yn fine. Dat is ek hartstikke goed en moai. Dichters moatte foardrage, dat is de bêste manier om poëzij de wrâld yn te bringen. De dichtbondel tsjinnet as feriviging, as promoasjemateriaal en faaks as oantinken oan in moaie literêre jûn, mar de foardracht is by my de essinsje. Foardrachten binne ornaris foar dichters finansjeel ek oantrekliker as in bondel. It skreaune gedicht op de beamer foar de folsleine belibbing, eventueel ek yn oersetting. Online poëzij, safier bin ik noch net om alles iepen tagonklik te meitsjen, mar faaks oer twa jier, mei flash filmkes ta yllustraasje of in soarte fan poëyske fideoclip. Wol mei de skreaune taal derby fansels, want wat is – sels yn in vlog – taal sûnder it skeaune wurd?

    Ik bin faaks wat positiver ynsteld as oaren, mar dat betsjut net dat ik alles wol bôle fyn. Mei it ûnderwiis is it al mear as tritich jier net goed, en it wurdt mar hiel stadich better. De boekpromoasje wie beslist net goed, mar wurdt no ek wer better. De spookferhalen oer útjouwerijen binne wier en vanity press is werklikheid, mar dêr leare je wer fan. Ik praat en skriuw mei mear as de helte fan myn kunde Frysk en dy sjogge dêr net mear raar fan. Praat my dêrom net fan dat it Frysk samar ferdwynt want ûnheilsprofeten ha ik myn nocht wol fan. André, ik reagear meikoarten noch efkes op dyn foaropwurd oer Gysbert Japicx. ;)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.