Noorderlicht Fotomanifestatie 2012
Publisearre op 24 september 2012
Oant en mei 7 oktober wurdt op ferskate lokaasjes yn Fryslân de Noorderlicht fotomanifestaasje holden.
Op de 19e Noorderlicht ynternasjonale fotomanifestaasje stiet, ûnder de titel Terra Cognita, de relaasje tusken minsken en natuer sintraal. Hoe ûnderfine wy as minsken de natuer en wat is de wearde dêrfan? Wy wolle werom nei de echte natuer, mar tsjinoer dat romantyske ferlangst stiet de praktyske winsk om de natuer te kultivearjen en te betwingen. Terra Cognita toant de natuer fier fuort en tichteby, as dream en as werklikheid, de natuer yn ús genen en dy yn ús gedachten.
Foar de manifestaasje is wurk selektearre fan mear as 70 fotografen fan oer de hiele wrâld.
De fotomanifestaasje fynt plak yn it Fryske lânskip, yn binnenromten en bûtengebieten. Haadlokaasje is Museum Belvédère yn It Hearrenfean/Oranjewâld. Oare lokaasjes binne: Museum Dr8888, Museum Willem van Haren (It Hearrenfean) en de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.noorderlicht.com.
Mirjam van Houten
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - 'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy [...]
MARITA DE JONG - (foto: Linus Harms) Iconen die de tand des tijds kunnen doorstaan Corbino (ps. Maarten Corbijn van Willenswaard, Strijen 1959), broer fan [...]
Door de Nederlandse straten klinken melancholieke melodieën, een Russische straatmuzikant verdient zijn brood. Zijn talent blijft niet onopgemerkt. Gestaag beklimt hij de ladder van succes. [...]