Noard-Fryske revolúsje

ONNO FALKENA –


De stadige Noard-Fryske revolúsje begjint yn Struckum, mar ‘Wutbürger’ bedriigje ambisjeus taalbelied

2017 liket in opmerklik, mar ek spannend jier te wurden foar de lytse Noard-Fryske minderheid yn Sleeswyk-Holstein. Yn de rin fan dit jier wurde alle giele weiwizers yn Noard-Fryslân twatalich Dútsk-Frysk makke. Noard-Fryslân is dêrmei Fryslân yn Nederlân in slach foar. Dat is opmerklik, want yn in grut part fan Noard-Fryslân wurdt amper mear Noard-Frysk praat. “Dat is wier”, seit de Noard-Fryske politikus Lars Harms fan minderhedepartij SSW. “Guon minsken yn Noard-Fryslân binne de Fryske nammen fan it eigen wenplak al lang fergetten. Troch it beslút om de buorden twatalich te meitsjen, bringe we nammen wer werom. Oer in jier ken eltsenien beide nammen wer, is ’t net moai?’’

Harms is oanfierder fan minderhedepartij SSW yn de Lândei fan Sleeswyk-Holstein yn Kiel. Syn partij ‘fan Denen en Friezen’ sit sûnt 2012 foar it earst yn it regear fan Sleeswyk-Holstein mei de SDP en de Grienen en is ek nedich foar in mearderheid. Yn it koälysje-akkoart steane ferskate maatregels ‘foar de fersterking fan de minderhedepolityk’, want Sleeswyk-Holstein hat de ambysje om ‘Europeesk koprinner’ te wêzen as it giet om de beskerming en de befoardering fan minderheden. Minderheden binne der by de rûs yn it Dútsk-Deenske grinslân Sleeswyk; njonken Noard-Friezen is der ek in Deenske minderheid en binne der Sinty en Roma. Boppedat is net it Heechdútsk, mar it Platdútsk (Niederdeutsch) de wichtichste omgongstaal dy’t alle groepen yn ’e regel goed yn ’e macht hawwe. Fan de Deenske minderheid praat in part thús trouwens gjin Deensk, mar Suderjysk, in Súd-Jutlânske fariant fan it Deensk. Dy taal wurdt apart genôch net beskerme, want Denemarken wol dat allinnich de standerttaal beskerme wurdt.

“Doe’t de Deenske skoallen hjir oprjochte waarden nei it akkoart tusken Bonn en Kopenhagen (1955) foar de beskerming fan minderheden, krigen de Deenske ûnderwizers de opdracht om net allinnich de bern, mar ek de âlders sa gau mooglik Deensk te learen. De âlders krigen doe ek it driuwende advys om gjin Suderjysk mear mei de bern te praten en sa waard it Súd-Jutlânsk de iennichste net-beskerme taal fan de streek”, fertelt professor Elin Fredstedt. Om wat oan de driigjende ûndergong te dwaan hat se persoanlik in Suderjyske oersetting makke fan ‘Myn Earste Tûzen Wurden’. Op papier bliuwt de taal yn alle gefallen bewarre en ek op film, want yn 2006 ferskynde de opmerklike Súd-Jutlânsktalige film ‘De keunst fan it gûlen yn it iepenbier’ (Kunsten at graede i kor) nei in boek fan de súksesfolle skriuwer Erling Jepsen yn it Suderjysk. Oft der mear films folgje sille is twifeleftich, want ek oan de noardkant fan de grins ferdwynt it Suderjysk yn heech tempo.

Minderhedepolityk wurdt bysûnder serieus nommen yn Sleeswyk-Holstein, fynt ek professor Frysk Jarich Hoekstra. It Frysk is oan de Christian-Albrechts-Universität in selsstannige stúdzje, ynbêde by Germanistyk en Skandinavistyk. Der stappe alle semesters tusken de 40 en 50 studinten om, dy’t Friesisch gauris kombinearje mei de stúdzje fan in oare Germaanske taal. Op de dei fan myn besite is Hoekstra krekt dwaande mei Westfriesisch für Anfänger, mei de cd ‘Cohen yn it Frysk’ en byhearrende teksten as learmiddel. Ta fernuvering fan Hoekstra is de krekt ferstoarne Kanadeeske singer/songwriter terra incognita foar syn studintes. “In kwestje fan generaasjekleau, leau ’k”, mar de froulju fersekerje him hastich dat se de muzyk wol ‘schön’ fine. It kolleezje wurdt sadwaande in kombinaasje fan musikology, kulturele opfieding en Frysk.

“Wat in pear jier lyn yn Grins drige, it skrassen fan de stúdzjerjochting Frysk, soe hjir ûntinkber wêze”, fertelt Hoekstra. “It Frysk stiet yn de grûnwet en dêr heart in universitêre stúdzje by. Hjir yn Sleeswyk-Holstein wurdt net sjoen nei oantallen as it giet om minderhedepolityk. Elts is frij om him- of harsels by in minderheid te rekkenjen, mar minderheden wurde net apart teld of registrearre. De measte wittenskiplike publikaasjes geane derfan út dat sa’n 10.000 minsken ien fan de Noard-Fryske farianten prate, mar it kinne der neffens Hoekstra likegoed 8.000 of 7.500 wêze. Akademysk is it klimaat hiel oars as yn Nederlân, dêr’t eltse stúdzje yn ’e kiif komt te stean sadree’t de oantallen studinten ûnder de noarm komme.” Hoekstra fielt dan ek gjin oanstriid om wer werom te ferhúzjen nei Nederlân. “Wittenskiplik kin ik hjir goed út de fuotten. Ik kin dwaan wat ik wol. It foldocht my hjir tige.”

Hûndert kilometer westlik fan Kiel leit Struckum, in selsstannige gemeente fan in lytse tûzen ynwenners tusken Husum/Hüsem en Bredstedt/Bräist. De drokke Bundesstrasse 5 nei Niebüll/Naibel raast dwers troch it doarp, lykas de drokke spoarline in pear hûndert meter fierderop. Struckum fjochtet al in lytse fyftich jier foar in rûnwei. Dy krije se foarearst net, wol binne yn novimber 2016 de weiwizers yn it doarp as earste fan hiel Noard-Fryslân twatalich Dútsk-Frysk makke, ta fernuvering fan boargemaster Andreas Petersen. “Wa betinkt soks no”, seit de boargemaster. “Foarsafier’t ik wyt, wennet der mar ien Fryske frou yn it doarp en dat is de 92-jierrige skoanmem fan myn broer”, fertelt Petersen yn rêd Platdútsk. “Om dêr dan in pear hûnderttûzen euro oan út te jaan fyn ik mar healwiis.”

“It is hiel aardich dat Lars Harms soks betinkt yn Kiel, mar hy moat net ferjitte om de minsken yn de streek by de plannen te belûken”, suchtet Ilse-Johanna Christiansen. Sy is lokoboargemaster fan it stedsje Bredstedt/Bräist, flakby Struckum. As foarsitter fan de Friesenrat, it oerlisorgaan fan de Noard-Fryske organisaasjes, reizget hja geregeld nei Kiel en Berlyn om op te kommen foar de belangen fan de lytse Noard-Fryske minderheid. Dat is net om ’e nocht, want as Bundespräsident Joachim Gauck nijjiersresepsje hâldt, krijt Ilse-Johanna in útnûging. En dat net allinnich, sy giet der ek hinne. En sadwaande is Gauck, in politikus út it easten fan Dútslân, al persoanlik ynformearre oer it bestean fan it Noard-Frysk. Lyts yn tal dat se binne, de Noard-Fryske lobby liket yn oarder, mar is tagelyk ek kwetsber. “Al it geflean en gereis foar it Noard-Frysk is wol allegearre ehrenamtlich (frijwilligerswurk). Hoelang oft ik soks op dy basis folhâlde kin, dat wyt ik net.”

Yn Struckum smyt Christiansen har sjarme yn de striid yn de diskusje mei boargemaster Petersen. “Mar Andreas, do bist dochs ek in Fries, krekt as ik”, seit se. “Fynst it dan net moai, dat ús âlde nammen wer weromkomme?” Petersen prottelt earst wat ûnfersteanbers, mar dan wurdt al gau dúdlik wat de man echt dwers sit. “Mar wêrom nûgje se de boargemaster dan net út, as se yn myn doarp it earste twatalige ferkearsboerd ûntbleatsje!” In grutte flater, fynt ek Christiansen, se sil der persoanlik op tasjen dat soks yn de takomst oars giet. De striidbere foarsitter is tagelyk tige wiis mei it inisjatyf. “Op dizze wize is ús taal foar eltsenien te sjen. Dat is wichtich foar de status en goed foar it toerisme. Ik bin der bliid mei, mar je moatte de lju der wol by belûke. Meitsje der in feestje fan mei muzyk en je ha in stik minder argewaasje.” En nee, de skoanmem fan Petersen syn broer is net de iennichste Fraschsnaker fan it doarp. Christiansen kin no drekt in pear pleatsen oanwize mei Frysktalige húshâldings. “No, dat ha ’k noait witten”, seit de boargemaster, “tsjin my prate se altyd gewoan Platdútsk….”

Hoe’t de Noard-Fryske lobby wurket, wurdt yn deselde wike dúdlik op it Nordfriisk Instituut. Direksje en bestjoer ûntfange dêr in delegaasje fan de liberale FDP, de iennichste partij dy’t yn de Lândei tsjin de twatalige weiwizers stimde. Parlemintslid Anita Klahn komt dan ek út Holstein, út de omkriten fan Hamburch, en hie gjin aan fan it bestean fan it Noard-Frysk as in aparte taal. In misferstân dat faker foarkomt, want in soad minsken hâlde Nordfriesisch foar in regionale fariant fan it Platdútsk en fine it dan mar frjemd as se it net ferstean kinne. Foar it multymediale talelânskip yn de nije eksposysjeromte – in Noard-Fryske fariant fan Lân fan Taal – krijt frou Klahn tekst en útlis fan direkteur Thomas Steensen, in man mei in markante walrussnor. Under de kofje mei taart falt ynienen it kwartsje. “As ik by de stimming witten hie wat ik hjoed leard haw, hie ik oars stimd”, seit de liberale politika. In bysûndere ferklearring, want politisy dy’t in wykmannich nei de tiid op kamera tajouwe dat se ferkeard stimd hawwe komme je net faak tsjin. Mar yn Sprachenland Nordfriesland is blykber in soad mooglik.

De minderheden hawwe it op dit stuit goed yn Sleeswyk-Holstein, safolle is wol dúdlik. Stap foar stap wurde, op basis fan it Friesisch-Gesetz (Taalwet Frysk), ferskate maatregels nommen dy’t de taal stypje moatte, lykas de ferbouwing en útwreiding fan it Nordfriisk Instituut, de twatalige weiwizers en, as slachrjemme op de taart, de oprjochting fan in earste Noard-Frysk toanielselskip op profesjonele basis, dat spylje sil mei boppetiteling, omdat de doelgroep oars wol hiel lyts wurdt. De Noard-Friezen moatte der no by wêze, want ein 2017 binne der wer ferkiezings en it is mar de fraach oft de tolerante en progressive ‘Küstenkoalition’ fan SDP, Grienen en SSW nei de tiid wer in mearderheid hat. De kâns is seker oanwêzich dat machtsfaktor Lars Harms yn 2018 wer yn de opposysje bedarret en tasjen moat hoe’t de ambisjeuze minderhedepolityk op in sêft sin set wurdt.

“Ek hjir hawwe we ‘Wutbürger’, lulke boargers, en in pleatslike ôfdieling fan de rjochtse Alternative für Deutschland”, fertelt Gary Funck. Hy sit foar de SSW yn de Kreisrat (regionale ried) fan Noard-Fryslân en komt wolris Wutbürger tsjin. “De Wutbürger kleie deroer dat der besunige wurdt op de sûnenssoarch, wylst der wol jild is foar twatalige weiwizers. It ien hat neat mei it oar út te stean, mar lis de minsken dat mar ris út yn dizze tiid.”

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.