No ek noch meartalich ûnderwiis

PIER BERGSMA –

Jo soenen begrutsjen krije mei de froulju dy’t dei yn dei út, sûnder útsjoch op in better bestean, yn de neare lucht fan lokalen sûnder airco besykje moatte ek de ûnnoazelste bern fan de ûnnoazelste âlden wat by te bringen. Dat is noch net alles. It folk foar de klasse docht neat oan it narjen. De steatssekretaris wol no in nije wet dy’t it narjen ferbiedt. Dat it safier komme moast! It slimste is wol dat it ûnderwizend folk net út de bern hellet wat deryn sit. Jo soenen sizze dat se dat dochs wol wite kinne, want de bern wurde fan fjouwer jier ôf, lykas mei de APK by auto’s, geregeld neisjoen troch toetsen en testen; en dat net ien kear yn it jier, mar minstens twa kear yn ’e wike. En dat wylst de ûnderwiisynspeksje der benammen yn Fryslân boppe-op sit, ûnder it driigjen mei it ophingjen fan buordsjes ‘tige swakke skoalle’.

It is net nij. Ik bedoel it geklei oer ûnderwiis. At de bern by master Pennewip yn Multatuli’s Woutertje Pieterse in gedichtsje skriuwe moatte, skriuwt Woutertje ta ôfgriis fan master: ‘Mijn vader heeft menige os de doodsteek gegeven, maar meester Pennewip is nog in leven’. Ek de ûnderfinings fan DeboraTaconis út De Smearlappen fan Anne Wadman lige der net om. Se hat neat opstutsen fan de skoalle: De juffer is ‘… in fitse, skrale en sûre dame mei in ynkristlik sipeltsje yn ’e nekke en fan foaren like plat as fan efteren.’ En Debora hat by har de helte fan de tiid yn de hoeke stien. Master Boar is ‘in sénuwlijer mei in spitse noas en loerderige eachjes’ en as se yn de heechste klasse sit, kin er syn trilderige bleke hannen net thúshâlde en sit dêrmei yn har breiden broekje as se neibliuwe moat.

Op de PABO’s yn Ljouwert fan Stenden en de NHL besykje se tsjintwurdich entûsjaste famkes safier te krijen dat se, mei in soad ynspanning, de rekken- en taaltoetsen helje. No komt der ek noch de rop om meartaligens yn in meartalige oplieding foar in meartalige basisskoalle by. Dat betsjut behearsking fan it Nederlânsk mei de d, de t en de dt, en fan it Frysk en net te ferjitten fan it Ingelsk – en dat moat fierder gean as it foar de helte ferstean fan de lêste popsong. It sil in hiele toer wurde om yn ús legere skoallen neist it bestriden fan it narjen, it omtinken foar de sosjaal-emosjonele ûntjouwing, it eltse dei fergaderjen en it ta de nacht út korrizjearjen fan it wurk fan de bern, neist it each foar de grutte ferskillen, it akseptearjen fan de ferskillen, it byhâlden fan dy ferskillen yn grutte digitale bestannen, it befoarderjen fan in feilige learomjouwing, fan it wolwêzen, de selsstannigens en it gearwurkjen mei oare bern, it rekkenjen, muzyk, skiednis, ierdrykskunde, biology, nifeljen, gimmestyk, de foarljochting oer de gefaren fan fjoerwurk en frachtauto’s, drugs en smoken en it byhâlden fan alles yn it persoanlike POP, tiid te finen foar meartalich ûnderwiis.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.