fotografy: Tjitske van Dijk

In nije heit

TJITSKE VAN DIJK – 

Gerke is gek op auto’s. Yn syn plakboek sammelet er fan alle merken de moaiste plaatsjes fan ‘e nijste modellen. En hy plakt se net allinnich yn, hy wit der ek noch alles fan. Kinst sa’n drege fraach net betinke, of Gerke wit it antwurd. As syn mem him jûns op bêd bringt, hat Gerke neat leaver dan dat mem him in fraach út syn autoboek stelt, om him te testen. Mar op in jûn wol Gerke wat oars mei mem beprate. Hy hat der lang oer neitocht en lang twifele oft er it wol sizze koe, mar hy docht it no dochs: hy freget oan syn mem in nije heit op ‘e jierdei. Want Gerke fynt dat er it net troffen hat mei syn heit. Heit hâldt net fan fuotbal, net fan auto’s en docht eins noait wat mei Gerke. Hy hâldt allinnich mar fan fiskjen, oars net. Mem is al wat fernuvere oer dit ferlanglistke, mar se belooft Gerke dat se der oer neitinke sil.

Gerke wit my fuort al fan te oertsjûgjen dat er wol in nije heit brûke kin.

En earlik wier: dêr ‘t Gerke op hope hat, dat bart! Op syn jierdei wurdt er foarsteld oan Harm, syn nije heit. Mem seit dat se him kocht hat op it ynternet en dat se Gerke syn earste heit nêst de kontener setten hat. Gerke fynt it wol wat nuver, mar Harm sit op ‘e bank en fan syn earste heit is gjin spoar mear. En hoewol ‘t Gerke even wenne moat, liket it wol aardich mei Harm. Hy past goed op mem, hy giet mei nei it fuotbal, hy hâldt fan auto’s. Hy hat sels in soarte fan cabrio, dy ‘t er oan it opknappen is. Gerke wol Harm wol in kâns jaan.

Mar al gau komme der wat minder leuke dingen foar it ljocht. Harm rookt geregeld in sjekje, hat altyd en ivich syn smoarge wurkbroek oan en syn saneamde cabrio liket yn neat op de auto’s yn it plakboek fan Gerke. Undertusken wurde der hieltyd mear dingen fan Gerke syn earste heit opromme. Mar Gerke ferjit syn heit samar net. Sa maklik kin Harm syn plak net ynnimme, it bliuwt wol syn heit!

Mei buorfamke Laura betinkt Gerke in plan om Harm dwers te sitten en op syk te gean nei syn heit. It bringt him yn Dokkum by syn deminte beppe en fan ‘e suster kriget er it nije adres fan syn heit. Mar syn heit treft er dêr net. Gerke is ferslein. As er wer thúskomt, is Harm fertrokken. Mem en Gerke binne tegearre oer.

Wat in nijsgjirrich boek is dit! De kleurige yllustraasjes en foarmjouwing noegje út ta lêzen, it lêst flot en hat spannende ûnferwachte wendingen. It ferhaal wurdt ferteld troch Gerke. Hy is de ‘ik’ yn it boek en dus wit ik, as lêzer op ‘e bank, neat mear as Gerke yn it ferhaal. Gerke wit my der oan it begjin fan it boek al fan te oertsjûgjen dat er wol in nije heit brûke kin. Ien dy ‘t wol each hat foar syn soan. En allebeide witte wy ek wol, dat dat fansels net samar kin. We binne dan ek beide wat skruten as Harm dêr samar ynienen op ‘e bank sit. Is dit wol echt? Hat syn mem werklik wier syn heit ruile foar in oarenien? Nei de earste fernuvering giet Gerke der al flot yn mei. Harm is ommers alles wat syn earste heit net wie. En dat woe der graach. Mar ik, achter myn boek op ‘e bank, bin net sa maklik om. Ik ferwachtsje noch lang dat heit op in goed momint earne út in doaze springt en “Grapke!” ropt. Pas letter yn it ferhaal krij ik yn ‘e gaten dat dat net barre sil.

Dat der oan ‘e ein fan it boek net in ‘ein goed, al goed’ komt, past wol by it ferhaal. In lichte teloarstelling, dat wol; ik soe Gerke in dreamheit gunne. Mar oan ‘e oare kant: it is in útdaging om te betinken hoe ‘t it no fierder gean sil. Foar de lêzer, mar ek yn it ferhaal, foar Gerke en syn mem.

 

Thys Wadman, In nije heit. Utjouwerij Afûk, 96 siden. €14,50. 

Sjoch ek it berneboeke-blog fan Tjitske van Dijk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.