fotografy: Tsjomme Dijkstra

Nij filmteater moat noch fertroud plak wurde

TSJOMME DIJKSTRA – 

Filmteater oan it Saailân: fan ‘underground’ nei ‘uptown’
Se ha der lang wurk fan hân, de minsken om Film yn Friesland hinne: de ferhuzing fan it Ljouwerter filmteater. Fan it smûke filmhús, by skouboarch De Harmonie yn, nei it grutte nije gebou fan it Fries Museum oan it Saailân. Mei it seisdaagse ‘Vlaams, Fries en Nederlands Filmfestival’ hat filmteater Slieker Film op 22 maart de doarren iepene. Yn ferliking mei it lytse filmhús is it nije gebou echt ymposant. It is echt sa’t direkteur Jacqueline Schrijver it sei: ‘We zijn van underground filmhuis naar uptown filmtheater gegaan.’

Foar de besikers is dy omfoarming noch wennen, docht bliken op it iepeningsfestival. De freondinnen Marja Steegenga (49) en Betty de Boer (51) dy’t op it festival ôfkommen binne, hawwe wat ferskillende gefoelens by it gebou en it iepeningsfeest. ‘Het is in vergelijking met het oude filmtheater echt groot. Erg mooi, maar het is ook een beetje overweldigend’, seit Steegenga, dy’t al foar de fjirde dei op it festival is. It lêste hat neffens har ek mei de opkomst te krijen. ‘Ik kan me voorstellen dat je je met weinig mensen een beetje verloren voelt in het grote gebouw.’

‘Slieker, is dat Fries voor film?’
Tefreden binne de beide dames wol oer de programmearing fan it earste festival. It programma bestie út sawol Flaamske, as Nedêrlanske en Fryske films en der wienen nije films te sjen en hiele âlde. It brede oanbod soarge der ek foar dat der hiel wat ferskillend publyk nei it festival kaam. Fansels kinne de minsken by sa’n meartalich festival sels net mei alle talen fan de films likegoed oerwei, mar it like der net op dat dat problemen joech. Minsken binne meastal wol taret op de film dêr’t se sels hinne sille. In misferstân oer taal kin fansels wolris ta wat komysk liede. Sa frege immen yn de seal fan de film Cha Cha him ôf wat de namme Slieker betsjut. Hy frege: ‘Slieker, is dat Fries voor film?’

Dy reaksje lit wol in bytsje sjen wêrom’t it filmteater de sealen noch lang net allegear fol krige: de namme fan it filmteater (dy’t ûntliend is oan de 19e-ieuske bioskoopûndernimmer George Christiaan Slieker, lês ek de bydrage fan Syds Wiersma dy’t earder yn de Moanne stie), seit it publyk net safolle. Dêrom is sa’n start ek wer learsum, it filmteater moat noch flink wurk meitsje fan de bekendheid. Likegoed binne der op ferskillende dagen films útferkocht rekke. Toppers ûnder de films wienen ûnder mear The Broken Circle Breakdown en Offline en dy beide films binne ek nei it festival noch yn it filmteater te sjen.

Fredau Buwalda, programmeur fan it filmfestival, wit net krekt wat der yn de promoasje oars kind hie om mear pubyk te lûken. Neffens har is it festival op genôch plakken oankundige. ‘De extreme kou heeft misschien ook wel meegespeeld.’ Fierder is it sa dat de grutste foardielen fan it nije plak fan it filmteater noch blike moatte. De noch krekt wat bysûnderdere programmearing fan it nije filmteater bygelyks. En it feit dat it filmteater by it Fries Museum ynkommen is, dat moat aanst ek ta moaie dingen liede. Sa kin dan bygelyks it histoaryske byldmateriaal út it filmargyf brûkt wurde by eksposysjes yn it Fries Museum.

In sukses yn it nije filmteater is al wol it kafeetsje by de yngong. In soad minsken sykje dêr foar of nei de film har plakje en dan is it kafee in hiel gesellich hoekje. Festivalbesiker Karin Andersson (41) seit: ‘In dit cafeetje zou je ook een kop koffie kunnen drinken als je niet naar een film toegaat, je ziet dat het er echt gezellig is. Het is een heel verschil met het oude filmtheater dat het zo open is hier.’ Vincent Plomp (43), dy’t by har oan tafel sit, heart dat en sjocht nei bûten. Dan betinkt hy noch wat dêr’t wol noch wat oan dien wurde kin. ‘De ontkenning van de fiets hier buiten’, seit er. ‘Daar word ik misselijk van. Nergens kun je je fiets kwijt op het plein.’

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.