Nei it Park, in sublime novelle

HENK VAN DER VEER – 

Noch altyd koester ik de novelle ‘Nei it Park’ fan Hylkje Goïnga (1930-2001), de 100ste útjefte yn ’e Gurbe Rige dy’t yn 1992 ferskynde. Ik mocht dizze novelle, lykas folle mear wurk fan dizze skriuwster, yn manuskript lêze. Dy manuskripten tikte Hylkje faak út op de achterkant fan in A-4 mei foarop de ‘Schijf van Vijf’. Hylkje har lesmateriaal wannear’t se op skoallen kaam as konsulente bij de Basisgezondheidsdienst Zuidwesthoek.

 

It is de humoristise mar tagelyk de oangripende wize fan beskriuwen dy’t dizze novelle sa sublym makket.

 

“Makket mem har bêd net mear op? Ik sei: Nee, dat docht mem net mear. En ferskjinnet mem de lekkens noch wol en it sloop? Nee, sei ik, dat docht mem ek net mear. Is it smoarch? It wie noch net sa smoarch, sei se en se rûkte der oan, mar it moat wol. It heart wol sa. En hoe sit it mei it ûnderguod? Docht mem alle dagen in skjinne ûnderbroek oan? Nee, sei ik, dêr bin ik ôfstapt. Ik kear him om, dat kin likegoed.”

Sa’n dialooch as hjirboppe kin ik noch altyd intins fan genietsje, de hilaritas dy’t hjir fan út giet. Dy humor oerwint in soad, sels by soks dat Alzheimer hjit of op syn Frysk ‘yn ’e bernskes reitsje’. Kearn fan de novelle foarmet de striid fan Martha, de haadfiguur, om út it hûs fan âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan har dochters Janna en Geeske om har no krekt wol yn dat sintrum te krijen. Brike setten en fiten wurde (be-) skreaun út it perspektyf fan Martha wei en hjirtroch liket it dat elkenien gek is, allinne Martha net.

“Ik mocht net yn de kofjeseal komme, as ik dêr sa flokte. Mar ik krige it dêr benaud tusken al dy âlde minsken, dy’t neat mear sizze koene, dêr kaam it fan. It wie foar mysels ek folslein wat nijs, dat ik sa mâl die. Ik woe wier wol yn goedens, bûn my in sjaaltsje foar de mûle, mar dan koe ik gfd wer net myn kofje opdrinke. Se sieten my allegear ek mei sokke glêzige eagen oan te gapjen. ‘Sjoch ris in oare kant út!’, skreaude ik iderkear.”

It is de humoristise mar tagelyk de oangripende wize fan beskriuwen dy’t dizze novelle sa sublym makket. It slagget Goïnga de karakters fan de haadfiguren sterk nei foaren komme te litten troch de treflike dialogen. It Frysk dat dizze skriuwster brûkt is modern, sûnder te ferfallen ta taalsleauwens.

Martha ferhúzet yntern nei in oare ôfdieling fan it fersoargingshûs. “Kom mei, wy ferhúzje. Nei it park, sei Janna en naam my by de hân. Wy ha alles. Net sa flokke, dat soene wy no net mear dwaan. Wy begjinne no oan in nij libben. It kin wier net oars en wy moatte in bytsje flink wêze.”

No 23 jier letter lês ik dizze novelle op’e nij mei in soad nocht en ik mis Hylkje noch elke dei!

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.