Nei Berlyn

ANNE FEDDEMA – 

Bennie Huisman (It Hearrenfean, 1947), ferhalenferteller en muzikant, skreau in bysûnder sympatyk boekje oer reizen, oantinkens en ûnderfinings, nei en oan Berlyn, ûndernaam yn in perioade oer in goed tritich jier. By it wurkje sit in CD mei muzyk, dy’t in soart fan audio-yllustraasje by it gehiel fan tinzen en gefoelens fan Huisman oer Berlyn en justjes rommer, de turbulente skiednis fan ’e Weimar republyk, Nazi-tiid en de DDR binne. It boekje bestiet út fiif haadstikken dy’t gauris yn in oantal ‘oantinkskiften’, ferdield binne. Wat my oanbelanget is it twadde haadstik: Das Wandern (it swalkjend kuierjen, benammen in begryp dat gewicht krigen hat yn’e Dútske Romantyk,sa ûngefear 1798-1835) it meast nijsgjirrige en ynkringende gedielte fan Huisman’s opskreaune oantinkens. Yn ‘Wasserfest Berlin, simmer 1987’ nimt Huisman ús mei nei it Berlyn fan’e Mauer … Muorre … DDR tiid.

 

Nei Berlyn fertsjinnet, wis wier, mear omtinken as dat it oan’t no ta hân hat.

 

Berlyn bestie yn 1987 750 jier en der binne stikmannich feestlike betinkingen. Huisman makket dan diel út fan’e groep ‘Liereliet’, dy’t seemanslieten en shanty’s oer it fuotljocht bringt. Spitigernôch kin ik nearne fine wêrom’t de groep útnoadige is om op te treden yn East-Berlyn, de hiele reis wie regele troch Reid de Jong, dy’t in soart fan miljeuaktivist avant la lettre wie, kin ik út de tekst opmeitsje, én ien mei ‘kontakten’ dy’t er wêze mochten, hy bellet û.o. efkes, tolve oere nachts mei de boargemaster fan East-Berlyn. Dizze Reid de Jong moat hast wol, deselde persoan wêze as de markante, lêste fjoertoerwachter fan Warkum en dy’t noch hieltyd libbet, mar gjin wurd hjiroer en dat is ek wol in bytsje symptomatysk foar it gehiele wurk.

Huisman docht yn syn belutsen entûsjasme, noch al wat plakken oan sûnder (net altyd) genôch rekken te hâlden mei minsken dy’t folslein net op’e hichte binne mei skiednis en eftergrûnen fan’e DDR. It is hiel spitich dat der net ien west hat dy’t alles efkes goed neilêzen hat, want dat hie dit nijsgjirrich projekt grif ferstjinne. En dêrom stiet ‘Nei Berlyn’ fol mei lytse sleauwichheden en dat hie perfoarst net hoegd. Sa neamt Huisman Erich Honecker … Honnecker … de Müggelsee (grut mar by Köpenick) … Mügelsee … Potsdamer Platz … Potzdammer Platz … Freikörperkultur … Freie Körper Kultur, sa neamt er in Tischler (skrynmakker) in putsjeman en fertel no efkes by ‘Zuerst kommt das Fressen’ hoe en wat … bedoeld wurdt: Erst kommt das Fressen, dann kommt die Moral út ’e Ballade über die Frage: Denn wovon lebt der Mensch, út der Dreigroschenoper (1928) muzyk Kurt Weill, tekst Bertolt Brecht, sis dat dan asje-asje, wêr’t dat weikomt en wêrom dat miskien brûkt is, wat is de bining dêrmei? Dan bin ik der noch lang net, mar ik hâld op, om’t ik fansels gjin skoalmaster wêze wol. It liket allegearre net sa slim mar it is in miste kâns, mei in bettere redaksje hie ‘Nei Berlyn’ as gehiel perfoarst better wurden. Mar ik moat net té soer wurde fansels want de ûnderlizzende stream en driuwfearen binne folslein legitym en allinne mar te bewûnderjen.

Op de CD binne juwieltsjes te beharkjen (allinne dêrom al it oanskaffen weardich). Huisman is in mear as treflik akkordeonist en bringt yn syn spyl sûnder muoite ôfwikseljend fleurigens, langstme en drôvens byelkoar. It liet ‘Zomermeisje van de zee’ is in absolút hichtepunt (fleagen Ständchen fan Schubert deryn ferwurke … Romantyk wer) en ‘Dat bart mar ienris’ … in oersetting en ynterpretaasje fan it liet Das gibt’s nur einmal, das kommt nicht wieder … út’e UFA-film Der Kongreß tanzt (1931) in tige sûkerswiet produkt, te finen op YouTube, songen troch Lilian Harvey mei der ek wêze en sa is der mear fraais te finen. Moai gastopreden fan Inez Timmer yn it nûmer ‘De kleine stad’ (it ‘mijn’ fan Inez klinkt al as ‘mein’ sa no en dan) en oer de hiele CD, prima pianobegelieding fan Corinne Staal.

‘Nei Berlyn’ fertsjinnet, wis wier, mear omtinken as dat it oan’t no ta hân hat mar hie, wat my oanbelanget werklik better wurden as der wat mear omtinken west hie foar de styl fan it skreaune en de útfiering, foarmjouwing fan alles. Miskien noaske it in reguliere útjouwer net? Dat is hiel spitich en ek net terjochte. Mei in pear oanpassinkjes hie der ek prima in Hollânske oersetting by stean kinnen. De Nederlânske taal komt ommers ek al foar yn in oantal lieten, dan hienen je mei in meartalich projekt faaks in grutter publyk berikt.

 

‘Nei Berlyn’, Bennie Huisman.Yn eigen behear troch Bennie Huisman útjûn by: ‘De Goedkoope Winkel‘, 2016. Te bestellen fia info@benniehuisman.nl foar tsien euro.

Comments
Ien reaksje oan “Nei Berlyn”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.