Nederlânsk en Frysk foech yn fjouwer jier

MARRIT DE SCHIFFART – 

Tagelyk Nederlânsk en Frysk studearje en twa foegen helje yn fjouwer jier. It kin no op de NHL Hegeskoalle. Fan 1 septimber ôf binne de learplannen fan de bachelor Nederlânsk en Frysk op inoar ôfstimd. De opliedingen dogge tegearre wat kin en hâlde apart wat moat. Gerla Stork (17) út Stiens is ien fan de fjouwer studinten dy’t it nije trajekt folget.

 

Ik moat ynienen Frysk skriuwe, wylst ik dat net wend bin. En wy begjinne net mei basissintsjes as Ik bin Gerla en ik wenje yn Stiens, it giet fuort oer de ynhâld.

 

“Hoe’t ik derby kaam om foar dizze kombinaasje te kiezen? Ik hie my ynskreaun foar de bachelor Nederlânsk doe’t ik yn ‘e fakânsje in brief fan de NHL krige wêryn’t se my op de nije mooglikheid attindearren. Dat sette my oan it tinken. Mei twa foegen hast hjir yn Fryslân mear kâns op in baan… Boppedat like it my ynteressant om mear oer it Frysk te learen. Ik bin twatalich grut wurden, yn it Frysk en Nederlânsk, mar ik kin net Frysk skriuwe. Yn in foarpetear mei Babs Gezelle Meerburg, tiimlieder fan de Learareoplieding Nederlânsk Frysk, die bliken dat dat net slim wie. Ik soe it skriuwen wol leare by it kolleezje Frysk Skriuwen. Neffens Babs soe it wol handich wêze as ik it Frysk goed lêze koe; de stof fan de Fryske fakken soe foar it grutste part yn it Frysk oanbean wurde. Ik ha Hafû dien op it Comenius, dêr hie ik allinne yn de earste klasse Frysk. Eksamen dwaan yn it Frysk koe net. Oft ik goed genôch Frysk lêze koe wie dus mar de fraach… Dêrom gie ik nei it petear mei Babs nei de biblioteek ta en pakte in Frysk boek. Eefkes tsjekke oft ik it wol lêze koe… Dat gong bêst. En dus skreau ik my yn foar de kombinaasje-oplieding. Ik besykje it gewoan en sjoch wol oft ik it leuk fyn en oft ik it oan kin. Ik ha mei mysels ôfpraat dat Nederlânsk der net ûnder lije mei, dat bliuwt myn earste kar.”

 

Yn it djippe
“Ik bin ûndertusken sa’n trije wiken dwaande mei de stúdzje. It befalt goed. It Fryske part fyn ik wol dreech. Ik moat ynienen Frysk skriuwe, wylst ik dat net wend bin. En wy begjinne net mei basissintsjes as Ik bin Gerla en ik wenje yn Stiens, it giet fuort oer de ynhâld. Dy ûnderdompeling is ek goed, want ik merk no al dat ik guon staveringsregels automatysk tapas. Boppedat giet it lêzen my better ôf as tocht. Dizze earste perioade ha wy de Fryske lessen op tiisdeis fan 16.00 oant 21.15 oere. It giet om trije kolleezjes: Kreatyf Skriuwen, Frysk Skriuwen en Syntaksis. Wy folgje dy fakken mei dieltiidstudinten. Oan de iene kant is it gesellich, want it is in lyts groepke. Oan de oare kant fyn ik it frjemd dat ik mei âldere minsken yn ‘e skoalbanken sit. Sy binne troud en prate oer de bern wylst ik net iens in rydbewiis ha.”

 

Twatalich kreatyf skriuwe
“Oare fakynhâldlike kolleezjes folgje wy by Nederlânsk. Beropstariedende fakken binne mienskiplik Nederlânsk en Frysk. Sa ha’k by Nederlânsk Proza-analyze en Taalbeheersing. Foar Fakdidaktyk en projekten as ‘Beeld van het beroep’ jildt fansels dat it net út makket oftst it foar Nederlânsk of Frysk folgest. Do hast it by beide stúdzjes nedich en de ynhâld bliuwt gelyk. By Kreatyf Skriuwen moatte wy mear dwaan as de oare studinten: wy moatte alle opdrachten yn twa talen ynleverje.”

“Ik bin bliid dat dizze kombinaasje der is. Ik beskôgje it as in kâns dy’t ik eins net lizze litte kin. Hie dizze kombinaasje der net west, dan hie ik nea foar Frysk keazen. Mar op dizze wize ha’k aanst – hooplik – twa foegen yn fjouwer jier, ideaal!”

 

De learare-oplieding Frysk fan de NHL biedt ek, lykas earder, it aparte Fryske stúdzjetrajekt oan yn foltiid, dieltiid, as minor en yn losse modules.

Comments
2 reaksjes oan “Nederlânsk en Frysk foech yn fjouwer jier”
  1. Arjan Hut schreef:

    Leuk, ha ik ek dien!

  2. omaHainj schreef:

    geweldig Gerla ik schrijf dit met mijn nieuwe laptop

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.