Muzyk en mins dûnsje tango fan fertriet

RYNK BOSMA – 

Fjouwer mannen yn wite pakken hoedzje mei harren muzyk oer it fertriet fan it libbensferhaal fan Elise. Net as ‘ivoren wachters’ mei út stien byldhoude gesichten dy’t harren rideltsje spylje. Nee, it ferhaal fan Elise is fan de gesichten fan Gurbe Douwstra syn muzikale kar Jan de Vries, Wander van Duin en Tseard Nauta ôf te skeppen, se dogge mei, mear as oardel oere lang.

De foarstelling ‘De brekbere sirkel’ begjint mei in reis troch de tiid, troch de famyljeskiednis fan Elise (Tet Rozendal) dy’t luchtige wurden fynt foar de ûnfolsleine libbensirkels fan har foarâlden. In pake, oerbeppe en heit stappe tidens de treinreis fan it libben healweis út en Elise fertelt dat allegearre yn dat moaie koarte, ôfbiten Wâldfrysk.

 

Wurden allinne binne net genôch, muzyk allinne is ek net foldwaande. De ferbining fan beide meitsje it ta in prachtige foarstelling.

 

En dan komt Didier (Wybo Smids) yn har libben en tegearre reizgje hja mei harren leafde oer de heechste toppen fan de Alpen om úteinlik út te kommen by de berte fan in famke dat lústert nei de namme Maybelle. Mar, om it Frânsk en it Ingelsk even yn in fertaling oan elkoar te breidzjen, ‘moaie maaie’ sil nea de simmer fan har libben berikke.

Elise hâldt de wurden foar dit fertriet om it ferlies fan Maybelle tichte by harsels. ‘Myn moskje’ wurdt betocht yn wurden dy’t ferpakt wurde yn lytse dinkjes út it deistige libben doe’t sy der noch wie, as pasjint yn it sikehûs mei mem oan it bêd. Hiel oars as Didier, dy’t mei wurden, wurden en nochris wurden in muorre om him hinne bout. Mei de ratio yn de hân meant hy wyld om him hinne, hy nimt alles de maat, it leauwen, it âlde testamint, de islam, neat wurdt sparre. De ôfstân tusken beiden krijt geandewei de kontoeren fan in Baikalmar, elk as stipkes oan in kant fan de mar dy’t elkoar yn in ‘Syberisch’ klimaat út it each ferlieze.

Dochs is der ek de ferbining fan de noaten, blue grass en country, muzyk en mins dy’t in tango fan fertriet dûnsje. Elise dy’t it ûnbegryplike fan ferlies begryplik besiket te meitsjen. Sykje nei hâldfêst, mei in kearske yn de hân nei de stjerren sjen en sykje nei dy iene stjer, sykje nei de juste muzyktoan dy’t treast jout. Mar dy’t ek de ‘helletocht’ fan in bûtensluten Didier in oare rjochting jout. In ‘verstilde’ trien baarnt him in wei oer it wang fan Didier, skuort de gerdinen fan de ratio út elkoar.

Formidabel sa’t Smids dat op it toaniel bringt. Fergetten binne de earste tsien minuten doe’t je by Smids efkes tochten nei in fariant fan Donald Trump te sjen. ‘Ast nochris in stik oer Trump meitsje wolst dan hoechst net fierder om in akteur te sykjen’, sa krige regisseur Jan Arendz te hearren. In aktuele sydwei yn in stik dat kwa tematyk ivich aktueel bliuwe sil.

Dy aktualiteit fan ferlies is de reade tried yn ‘De brekbere sirkel’ en it is júst dat lykwicht tusken wurden en muzyk dy’t it, hoe nuver it ek klinkt, ta in ‘swingende’ foarstelling makket. Wurden allinne binne net genôch, muzyk allinne is ek net foldwaande. De ferbining fan beide meitsje it ta in prachtige foarstelling. Mei de ekspressive grutte eagen fan Rozendal as ‘Spiegel im Spiegel’, geweldige muzikanten en in izersterke Smids dy’t úteinlik in bûging makket foar de júste rjochting en dat lytsje stjerke dielt mei Elise.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.