Muzyk as reade tried yn de oarloch

MONIQUE FLINKER – 

De leden fan The Northern European Jazz Orchestra trede hjoed (5 maaie) yn de fuotspoaren fan The Snake Charmers, in band oprjochte yn 1942 troch Hans de Jong fan De Gordyk. De jonges – of eins manlju, want se wienen begjin tweintich yn dy tiid – spilen mei de befrijding foar de Kanadezen troch de hiele provinsje. Mar it wie mear as in band, it wie in freoneklup.

Marita de Jong, dochter fan Hans, betocht it idee foar dit optreden doe’t se in blokje om wie yn de polder by har hûs. Se wie altiten al yn de ban fan de oarloch en lêst in soad âlde logboeken fan de band fan heit Hans. Ek is se op syk nei ferhalen oer it deistich libben fan de jongerein út dy tiid.

 

“It wie eins net iens de bedoeling, Yn earste ynstansje wie it idee om jongerein de muzyk fan doe spylje te litten. Mar dat it no sa professioneel wurden is, is eins wol hiel moai.”

 

De namme fan The Snake Charmers (de slangebeswearders) wie basearre op de klassiker ‘The Snake Charmer of Old Bagdad’. Het tema van dy song waard ferwurke yn de iepeningstune fan de band. Allinnich insiders wisten dat mei dy slangen eins de Dútske besetter bedoeld waard.

Driuwende krêft achter The Snake Charmers wie njonken Hans ek skriuwer Anne Wadman. Dy lêste betocht ek de namme fan de band. Mei syn twaën makken se komposysjes, mar koenen se der ek op los ymprovisearje.

Deiboeken fol skreau Hans oer de muzyk. It begûn al yn 1937. Hans, doe 16 jier âld, siet thús foar de radio en hold dêr by wat der allegear oan muzyk foarby kaam. Grut fan wie hy fan The Ramblers, in jazz-orkest. Doe’t se yn datselde jier in konsert hienen op It Hearrenfean, gong Hans dêr fansels hinne. Hûnderten minsken moasten bûten bliuwe. “In bytsje fergelykber mei bands dy’t no in konsert jouwe yn de Ziggo Dome”, tinkt Marita.

De konneksje mei The Ramblers bliuwt ek tidens de Twadde Wrâldoarloch bestean. Yn ’44 komme de bandleden op ‘e nij nei It Hearrenfean. Hans lûkt ien fan de bandleden oan it jaske en freget oft hy faaks in arranzjemint foar de Gordykster band meitsje kin. Dat kin net, mar se krije wol in besteand arranzjemint.

Noch grutter wurdt de ferrassing as saksofonist Fred van Ingen letter ynienen opdûkt by in repetysje fan The Snake Charmers. “Hy gong der hielendal yn mei en joech oanwizings en sa”, fertelt Marita oer de oantekenings fan har heit oer dizze dei. In wike letter folge noch in brief fan Van Ingen mei it fersyk om it nûmer op te stjoeren. Oft dat oait dien is, wit Marita net. Se hopet it nochris út te finen.

Werom nei no. Fia fia kaam Marita yn kontakt mei de lieder fan The Northern European Orchestra. “It wie eins net iens de bedoeling, Yn earste ynstansje wie it idee om jongerein de muzyk fan doe spylje te litten. Mar dat it no sa professioneel wurden is, is eins wol hiel moai.” De bigbandleden fertolke dizze befrijdingsdei yn Ljouwert yn alle gefallen ek twa komposysjes fan Anne Wadman: ‘Lang forlyn’ en de ‘Cowboysong’ (‘Bitrou se gjin sint’). Sjongeres Jannie Brandsma dielt se hjoed (5 maaie) mei it publyk. Marita makke dêr teksten by dy’t it ferhaal fan The Snaker Charmes fertelle. Dat sil tusken de muzyk troch foardroegen wurde.

Bysûnder is boppedat dat Marita ek filmmateriaal fûn hat fan de band fan har heit. It giet om bylden sûnder lûd, “Mar wol hartstikkene leuk fansels”. Sy binne befrijdingsdei te sjen op it skerm achter it poadium op it Ljouwerter Saailân.

It optreden is foar Marita pas it begjin. Se hopet noch folle mear ynformaasje te finen en faaks in boek te meitsjen oer de Gordykster manlju en harren muzyk. “En dêrby ek te sjen nei harren libben yn de oarloch. Want it wie foar harren mear in libbenswize as allinnich in band.”

 

It orkest is op Befrijingsdei fan 15.45 oere ôf te sjen en te hearren op it haadpoadium op it Saailân yn Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.