Muze mei harpe ferbynt himel en ierde

RYNK BOSMA – 

Minsken dy’t fan Dokkum ôf Oentsjerk geregeldwei binnenride sil it net ûntkomme, dat byld fan dy frou mei harp op in ferheging op it snijpunt tusken de Lauwersmarwei en de Rengerswei. Rom fjouwer meter fyftich heech, de betonnen sokkel meirekkene. De muze mei de harp dy’t de himel en de ierde meielkoar ferbynt, sa leit keunstner Oene van der Veen út.

“Ik neam it byld Muze.” It wurd komt út de Grykse mytology en it wienen de njoggen goadinnen fan de wittenskip en keunst. It betsjut ynspiraasjeboarne en just dat is wichtich foar Van der Veen dy’t it juste sydpaad fûn by de Kelten. By de Kelten hat de harp in bysûndere betsjutting. “De klanken fan de harp meitsje in ferbining tusken de ierde en de himel. Letter ha’k mei minsken fan in hospice sprutsen. Dy fertelden dat de harpmuzyk faak brûkt wurdt om it libben los te litten, in útnoeging om, as it dyn tiid is, de ierde te ferruiljen foar de himel.” De himel as ûneinige abstraksje lûkt en de ierde lûkt ek, de harp foarmet de ferbining tusken beide eleminten.

 

In moai symboal dat wy yn in hiel grut ferbân libje.

 

Byldhouwer Oene van der Veen wennet yn it froegere molkfabryk fan Gytsjerk en hy wist al betiid hokker paad hy yn it libben rinne soe, mar dochs kaam it oars. De op 6 desimber 1954 berne Van der Veen hat fiif jier as bern yn Damwâld nei skoalle gien en ferhuze doe nei De Lemmer. Foar him lei it paad nei in takomst al gau fêst, hy wist wat hy woe nei Atheneum B yn Emmeloord. “Ik frege my al betiid ôf hoe’t it mooglik wie dat de mins hieltiten mar wer oarlogen fierde. Ik tocht dat alles werom te lieden wie ta frustraasje, de betide frustraasjes fan de mins yn syn bernetiid. Troch ferbieden boust frustraasjes op en ik tocht, der moat in sleutel wêze om de spontaniteit werom te krijen. Ik wist wat ik woe: dy sleutel fine.”

It waard in syktocht lâns ferskillende stúdzjerjochtingen sûnder dat de sleutel of de oplossing tichterby kaam. Psychology yn Nijmegen, Agogische Academie Friesland mei staazjes op it Jongeren Advies Centrum (JAC) yn Grins, it Jongeren Advies Bureau (JAB) yn Ljouwert. Fierder as in skoft staazje rinne kaam it net. “Ik woe grutte ynsichten grut diele en de mins befrije fan syn beheiningen. Sis mar de ‘Homo Ludens’, ‘de spelende mens’ as libbenskeunst boppe helje. Mar dat slagge net, ek net by my sels.”

It libben waard in stik ljochter en foaral lichter doe’t Van der Veen yn 1981 yn Ljouwert nei de Vredeman de Vries Kunstakademie gie. Wurkje mei hout, dat wie in wize fan libjen om sa de frijheid binnen te heljen. Fan 1988 oant 1995 hie hy syn atelier yn it tsjerkje fan Swichum tegearre mei Frank Zeilstra. “Dy tsjerke joech op in bepaalde wize mear útstrieling, it lei op in hichte. Yn it lyts wat minskliks dwaan lykas de boeren yn de omkriten. Prachtich, oan keunst dwaan as ‘spelend’ mins mei dochs in boadskip. Ik fielde my frijsteld.”

Oant sa’n trije jier lyn koe Van der Veen altiten fan de keunst libje yn kombinaasje mei it jaan fan yogalessen. “Yn 2008 mei de krisis stoartte de keunstwrâld yn elkoar. Ek al moat ik sizze dat ik altiten goed ferkocht ha.”

‘Ierde, famke, fûgel’, sa hjit it seis meter hege houten byld dat sûnt 1995 op de Emmakade yn Ljouwert stiet. Ek dat byld hat de selde symbolyk as de ‘Muze’. De ferbining mei de ierde en de leafde foar it libben, mei de natoer as ferbining, as ynspiraasje foar it libben, sa seit Van der Veen.

It ferhaal fan it ûntstean fan de ‘Muze’ is in lang en kronkelich paad. Syn earste harpspiler hie hy al yn 2000 makke út in stikje moariik, fûn by de Eeltsjemar by Aldtsjerk.

Doe’t hy yn juny 2009 foto’s fan syn bylden sjen liet oan de Keukenhof yn Lisse krige Van der Veen in útnoeging om mei fjouwer bylden mei te dwaan oan de eksposysje fan de Keukenhof yn 2010. Ien dêrfan moast in grutte útfiering fan syn earste harpspilerke wurde. Op in byldhouwerssympoasium yn Hude yn Dútslân yn septimber 2009 soe hy in wike wurkje en dêr lei in 125 jier âlde stam fan ikehout kennelik al op him te wachtsjen. “It wie in dikke stam mei in moaie struktuer en rom trije meter lang. Ik seach der fuortendaliks in grutte harpspiler yn.”

Op dat sympoasium hat Van der Veen doe de ‘groffe’ foarm fan de lettere ‘Muze’ út dy stam sage en beitele. It byld ‘in wording’ in in moanne letter nei Gytsjerk helle. Dêr hat hy der noch rom fjouwer moanne oan wurke. En efkes letter stie it byld mei noch trije oare bylden yn de Keukenhof. Nei dizze eksposysje hat it noch trije jier mei acht oare grutte bylden fan him op de Krûdhof yn Bûtenpost stien.

Ek it ferhaal fan hoe’t it byld te plak kaam yn Oentsjerk is nuveraardich te neamen. Van der Veen is al seis jier acht oant tsien oeren wyks warber as postrinner. “Doe’t ik de rûte lâns de Rengerswei fytste lei dêr in sânbultsje. En ynienen krige ik in ynfal, dat soe it ideale plak wêze foar myn byld. Twa wiken letter moast ik in brief besoargje by de gemeente foar wethâlder Houkje Rypstra en tafallich wie sy bûten. Sy fûn it in hiel aardich idee en sa is it byld der yn oerlis mei doarpsbelangen en oare ynstânsjes kaam.”

En sa stiet de ‘Muze’ op de skiedsline mei oan de iene kant it minsklik krewearjen fan Jeppe Stania út de sechtjinde iuw en oan de oare kant de ivige greiden fan Fryslân. Of om it mei de wurden fan Van der Veen te sizzen “In moai symboal dat wy yn in hiel grut ferbân libje.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.