Musical Ruth jout hoop foar de takomst

NYNKE VAN DER ZEE – 

Sneon 16 en snein 17 maaie spilet en sjongt it Kwartettekoar de musical Ruth yn de grutte seal fan De Lawei yn Drachten. It is in grut selskip dat de fernijde skouboarch ûntfange mei. Njonken it Kwartettekoar befolkje der solisten, in bernekoar, dûnsers en in grutte groep muzikanten it poadium. En dat alles stiet ûnder lieding fan dirigint Hindrik van der Meer. Fier fan it felle teaterljocht sit de twadde haadrolspiler ferskûle: Folkert Verbeek. Tegearre binne de manlju ferantwurdlik foar dit stik. Folkert skreau de teksten, Hindrik tsjoende de wurden om yn lieten. It resultaat is in musical dy’t hoop jout foar de takomst.

De libbensskiednis fan Ruth is ien fan de bekendste ferhalen út de Bibel, dêr’t al hiel wat teater- en muzykselskippen harren oan weage ha. Mar sa grut as it dit kear yn De Lawei opset wurdt, is noch net faak bard. Provinsjebreed socht Hindrik van der Meer (75) nei spilers, sjongers en muzikanten foar syn ôfskiedsprojekt. Fan Holwert oant De Lemmer en fan Drachten oant Starum, út alle hoeken en streken fan Fryslân komme se. “It wurdt in musical foar en troch Fryslân”, knikt Van der Meer. “En ek alle fasetten fan de muzyk sitte der yn: sjonge, spylje en dûnsje. Moaier kin it hast net.”

Wa’t de namme Hindrik van der Meer heart, sil benammen tinke oan syn Fryske berneferskes, dêr’t hiele generaasjes bern yn Fryslân mei grutbrocht binne. Mar Van der Meer makket mear as allinnich berneferskes. “Ik bin in muzikale alles-iter”, laket er. “Ik bin mei in hiel soad fasetten fan de muzyk dwaande. Fan klassyk oant midsieusk. Ald of splinternij, it past my allegearre. Dêrby hâld ik o sa fan de Fryske taal en ek fan talen yn it algemien. Ik fyn it fassinearjend hoe’t al dy klanken en wurden yn de rin fan de tiid útfûn binne. It Frysk stiet krekt as alle minderheidstalen ûnder grutte druk. Ik fyn dat wy as wrâldmienskip der foar soargje moatte al dy klanken net ferlern gean. Dit is in rykdom dy’t wy net ferlieze meie.”

 

Folkert Verbeek: “Ik bin mar gewoan in ferver mei niget oan skriuwen.”

 

Dat fynt ek Folkert Verbeek (83) út Sleat. Jierrenlang wie Verbeek hússkilder, mar ek keunstskilder. Boppedat skildere hy omraak mei wurden. Syn gefoelige teksten binne dan ek ryk oan byld. Just dy Fryske klanken dêr’t Van der Meer sa fan hâldt, komme yn de teksten fan Verbeek ta harren rjocht. Beskieden glimket Verbeek by it hearren fan al dizze kompliminten. “Ik ha hjir nea in oplieding foar hân, ik bin mar gewoan in ferver mei niget oan skriuwen. Dus jo moat der net te grut oer dwaan, hear.” It tekenet de hoeden man dy’t net allinnich geweldich mei in pinsiel oerwei kin, mar ek in tsjoender is mei wurden. Nei’t Verbeek ein jierren njoggentich it skildersbedriuw oerdocht oan syn soan, ferruilet er de kwaste foar de fulpinne. Bibelske ferhalen oersette yn ferhalen op rym, dat wurdt syn missy. Om te begjinnen mei it ferhaal fan Ruth.

 

Wy wolle tegearre de leafde besjonge

Hoe soene wy swije al is it yn ‘e nacht

De leafde leit ús in duet op ‘e tonge

Dy wûndere leafde hat ús yn ‘e macht

 

It binne dizze teksten fan Verbeek dy’t troch Van der Meer op muzyk set binne en de basis foarmje foar de musical Ruth. Mar hoe hawwe beide mannen inoar troffen? “Sjoch dêr komt juffer Jeltsje Gerbrandy om ‘e hoeke”, glimket Verbeek. “Doe’t ús jongste dochter nei de basisskoalle gong, skreau ik wol gauris in ferhaaltsje foar har. Dat foel ek juffer Jeltsje op. Dus doe’t der ris in tekst komme moast foar in toanielstik op skoalle, frege se my om dit te skriuwen. Mar muzyk dêr ha ik gjin doel oer, dus dêr frege juffer Jeltsje Hindrik foar. En sa kamen wy mei inoar yn de kunde. Stadichoan diene Hindrik en ik wolris faker in projekt en doe ûntstie it plan foar Ruth, it ferhaal dêr’t ik sels sa wei fan bin.”

 

Hindrik van der Meer: “Ik bin in muzikale alles-iter.”

 

Yn 2002 wurdt de musical Ruth foar it earst opfierd yn de sporthal fan Sybrandabuorren. Mei spilers út de omlizzende doarpen Goainga, Tersoal, Offenwier, Gau, Sibrandabuorren en Raard wurdt it stik mar leafst fiif kear spile en ek De Lawei en De Harmonie noegje de spilers by harren út. “Dat smakke doe al nei mear”, jout Van der Meer ta. “It wie in grut sukses en wy hiene der geweldich folle nocht oan.” Goed 13 jier nei dato, sil it opnij heve, mar dit kear in hiel stik grutter. De koördinaasje fan it hiele projekt leit yn hannen fan Van der Meer, dy’t hjirmei syn lêste ôfskiedsprojekt delset.

Beide manlju sjogge út nei it momint dat de ljochten fan De Lawei aanst oan gean. Dochs sit Verbeek mei in dûbeld gefoel yn de seal, fertelt er. “Myn frou Dukke is yn febrewaris weirekke. Sy wie myn muze, de leafde fan myn libben dy’t my ynspirearre hat. In hiel soad ferskes út Ruth ha wy hjir thús oan de keukenstafel tegearre noch songen. Dus as ik dy lieten aanst wer hear, dan mis ik har noch mear as dat ik no al doch.” En dan mei in gefoelige glimk: “Gelokkich sitte alle emoasjes yn it ferhaal fan Ruth. Leafde, fertriet, eangst, mar ek hoop foar de takomst. En oan dat lêste hâld ik my fêst.”

 

Op de webside fan De Lawei binne noch kaarten te krijen. Of stjoer in mailtsje nei Nienke Boschma-Rienstra. Om’t de kaartferkeap sa hurd rint, komt der in ekstra foarstelling op sneintejûn 17 maaie.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.