fotografy: Linus Harms

Music Maestro!

MARIEKE VINCKERS – (foto: Linus Harms)

‘It is sa no en dan ek wolris noflik om in dei gjin fet yn ’t hier te smarren.’ Yorn Overwijk kuiert by in rige lege blikjes Murray’s Wax lâns nei syn keamer, oan ’e râne fan Ljouwert, earder yn gebrûk as skoallokaal. In soad romte. Kontrabas nonsjalant oer de flier. Elektryske gitaar tsjin in âlde, opblaasde lûdsboks oan. Finyl op ’e pick-up. Hearst de nacht sels noch in bytsje yn syn stim. Yn syn hier wylde krullen; de bekende rockabillykúf ûntbrekt, mar yn de rin fan dit ynterview sil bliken dwaan dat dizze jonge muzikant folle mear yn him hat as allinne dát sjenre. Hy azemet muzyk. In dichter boppedat.

‘Ik tocht altyd datst hiel jong begjinne moast, ast muzikant wurde woest. Gelokkich is dat net sa.’ De stim fan Yorn Overwijk is ferrassend helder foar immen dy’t op it poadium it lûd hat fan in sechtich jier âlde, smokende rocker dy’t alle dagen in glês whisky drinkt. Rock-’n-roll. Werom nei de tiid dat froulju yn felkleurde rokjes har mar al te graach yn ’e loft smite lieten troch swingende manlju. Wat docht sa’n jonge muzykman (berne yn ’89) yn in undergroundscene dêr’t dochs wis noch in stel fan sokke âlde sechtigers te finen binne? ‘Ik wit net wêrom’t ik my sa oanlutsen fiel ta rockabillymuzyk, mar it rekket my. Wylst it eins best in beheinde muzykstyl is, dy’t as basis it standert tolvematen bluesskema hat. Júst dy beheining soarget derfoar datst de romte hast om dyn eigen ferhaal te fertellen. Dy muzyk krûpt yn dy, uteret dyn wiere gefoel en it brekt simpelwei alle bullshit ôf.’

Hy wie sechtjin doe’t er foar it earst in ynstrumint fêsthie; in basgitaar. Yorn hie syn heit ferteld hoe stomme graach oft er in kear in bas bespylje woe. Doe brocht dy him dyselde jûns noch nei in freon dy’t in elektryske basgitaar hie. ‘Ik wit eins net oft ik him doe wol ferteld ha dat ik in kontrabas bedoelde, mar hoe dan ek: it hat fertuten dien.” Op it stuit dat er de gitaar yn hannen hie, bruts syn leafde foar de muzyk troch. Eltse dei wie er oan it repetearjen. ‘Ik siet dagen oer myn gitaar bûgd te oefenjen. Sadree’t ik in stikje koe, liet ik it hearre yn it restaurant fan ús heit en mem op Laaksum. Sûnder dat se dêrom frege hienen. Pling Ploing Pling!’

Fan dat geplingploing is hjoeddedei neat mear te hearren. De deis dat de (eardere) haadkommissaris fan de plysje fan Amsterdam fan Yorn syn heit hearde dat syn soan muzikale ambysjes hie, naam dy yn syn lytse sylboatsje – dêr’t er altyd mei oer de Iselmar farde – in grutte lûdsboks foar him mei. Noch dyselde jûns blaasde Yorn it ding mei de help fan wat freonen op. It stiet noch altyd as in relikwy yn syn wenlokaal. De ein fan dy boks betsjutte it begjin fan syn muzikale karriêre.

 

Downbeat Maestros
“Gimme a Downbeat Maestro!” Yorn lit de famous first words fan Ronnie Dawson’s rockabillyhit ‘Action packed’ hearre. De perfekte titel foar in band, fûnen de bandleden fan Highway 54 en Billy Benton & The Birddogs. Se troffen inoar it Fryske Cash Projekt yn 2011, dat organisearre waard troch Cash-fans Jacco de Boer en Klaas Land. Dy beide manlju lieten de songs fan de Man in Black omsette yn it Frysk en fregen muzikanten om de songs te fertolkjen op it poadium. Lennard Fopma (gitaar), Jelle Gietema (drums), Pieter van der Bij (gitaar en vocals) en Yorn (kontrabas en vocals) foarmen net lang nei dat Cash-projekt de nije band Downbeat Maestros. Rockabilly yn syn meast suvere foarm; ‘fingerpicking gitaarspul’ en in ‘dûbele slap’ op ’e kontrabas.

Want ja; dy kontrabas fan Yorn is der dus úteinlik wol kaam. It koste bloed, swit en triennen, mar úteinlik hat er him syn dreamynstrumint stadichoan eigen makke. Dêr kaam trouwens letterlik bloed oan te pas, yn Yorn syn gefal. ‘By dizze muzyk slachst op ’e snaren, sadat se de hals fan de bas reitsje. Dat freget krekt wat mear krêft as by bygelyks de jazz. Ik ha dy bas bespile oant ik it bloed yn ’e hannen hie. Mar seist fansels net ûnder in optreden: “Sorry mannen, myn fingers binne stikken, ik kap dermei.” Trochspylje dus. Gewoan trochspylje.’

Sa’t er eartiids oan dy bar yn it restaurant fan syn heit en mem siet te oefenjen, sa oefene er it ôfrûne jier oant djip yn ’e nacht op syn kontrabas en stadichoan krige er it te pakken. Lennard en Yorn hoegden net langer te sykjen nei in kontrabasspiler foar de band. Harren fyftiger-jierren-dream wie in feit: rockabilly, that’s what it’s gonna be. Swart ritme en blanke melody. It wie gewoan gelok dat dy beide mannen in pear jier letter by it Cash-projekt twa lyksinnige muzikale jonges tsjinkamen, mei wa’t se sûnt dy deis – neist harren eigen band (Billy Benton & The Birddogs) – Downbeat Maestros foarmje. Dêrmei toere se troch Nederlân mei de Popronde, in lanlik reizgjend festival dat alle jierren fan septimber oant en mei novimber plakfynt. Ek buorlannen hawwe ynteresse foar de band en ein dizze moanne reizgje de mannen ôf nei Tenerife foar in optreden.

‘Rockabilly is in “community”, in “way of life”. Minsken ite, drinke en sliepe rockabilly, se hawwe in pin-uptattoo op it skouder en it earste wat se moarns dogge as se út bêd stappe is harren fetkúf yn foarm bringe. Mar foaral dy muzyk rekket my djip, ik kin net mear sûnder. Oan ’e oare kant wol ik my ek net beheine ta inkeld dat sjenre. Der is noch safolle mear moais.’ En dan fertelt Yorn oer syn band dy’t net mear is: The Heatmachine. ‘Dat hat in gat yn my slein. It wie in soloprojekt en ik fernim no dat ik it mis om ek dingen foar mysels te dwaan. Muzyk is in evolúsjeproses. It is nea ôf. Ik wol altyd learen bliuwe. Mar ast nea út dyn repetysjeromte komst, dan silst ek nea wat release kinne.’ Hy glimket. Fielst dat der wat oan sit te kommen.

 

Ut de jiske fan The Heatmachine
By The Heatmachine gong it benammen om muzyk meitsjen, fertelt Yorn. ‘Soms hie ’k de muzyk al, mar ûntbruts de tekst noch. Dat moast ik dan “noch efkes” ynfulje. It moaiste is wannear’t alles tafallich byinoar komt.’ Hy hâldt in swart notysjeblok yn syn hân en slacht it iepen.

‘The end of the world’

We’ve got a harbour so small, it won’t fit no ship

Nobody cares about it, because it’s the end of the world

 

It is in gedicht oer Laaksum, it plak dêr’t er grutbrocht is. As er de muzyk hearre lit dy’t hy dêr by makke, krijst it pikefel op ’e earms. Rauwe stim. Gitaarspul as stie der in fjouwerkoppige band te spyljen. Mar it is inkeld Yorn. En Yorn allinne. Hy hat wat útfûn wêrtroch’t er syn gitaar op twa wizen bespylje kin, tagelyk de bas en de melody, wêrmei’t er it hiele frekwinsjespektrum berikt. Dêrûnder set er mei in drumkompjûter à la ‘The Kills’ in beat. ‘Dit is in suvere foarm fan muzyk. Hjir yn myn húskeamer opnaam. Dy beat bestiet út it klepperjen fan myn jisketonne en in slach mei in pinne op in wynflesse. Soms bin ik oan it spyljen en dan tink ik “fuck”, hjir moat ik wat mei. Dan pak ik myn skriuwblok en raant alles as fansels yninoar.’

It is hiel wat oars as it rockabillywurk dat er mei syn oare bands hearre lit. Gjin felkleurde jurkjes en opswypkjende fyftiger-jierren-dûnsmuzyk, mar lûd dat rjocht út it hert fan in dichter komt. Yorn warskôget lykwols: ‘Neam my asjeblyft gjin singer-songwriter, dêr ha ik no krekt neat mei. Ik hâld fan muzyk dêr’t piid yn sit. It nije soloprojekt Icky Pack dat ik yn novimber release, jout presys oan wat ik dêrmei bedoel.’


Icky Pack
De teksten dy’t er makket binne basearre op it oergefoel, yn tsjinstelling ta it ferstân, seit er. ‘It is de bernlike hoop tsjinoer alles watst as folwoeksene meimakkest. Oan dat lêste sit altyd in donker rântsje. As ik nei bern sjoch, dan sjoch ik dy bline oerjefte. Gjin regels. Gjin beheining. En dan komt de folwoeksene dy’t samar beslút dat it net goed is, of dat it net sa heart. Ik ha dêr in hekel oan. Ik hâld júst fan dat primitive gefoel. In bern fyn ik faak folle ferstanniger as in folwoeksene. De namme fan myn nije soloprojekt hat dêrmei te krijen. “Icky” is in wurd dat bern brûke as der wat smoarch is.’ Dat kloppet: sjochst in bern wat plakkerichs op de grûn smiten wylst er it wurd ‘Icky’ ropt. Mar Pack? ‘Myn doel is dat wannear’t immen nei myn muzyk lústert, dat er dan tinkt: WOW, dat is in fette band! En wylst er dan fierder siket, ûntdekt er dat it mar ien jonge is dy’t dy muzyk makket. En dat bin ik dan. Icky Pack.’

Meielkoar spylje mei de band en solo wurkje, it is júst dy kombinaasje dy’t Yorn de measte foldwaning jout. ‘Ik helje ynspiraasje út it repetearjen mei oare muzikanten. In jamsessy levert altyd wat nijs op, dy ynformaasje slach ik op. Sa betinkst nije dingen dy’tst allinne net betinke kinst.’ Syn leafde foar rockabilly sil nea ferdwine, hy kin dêr simpelwei net mear sûnder. Mar de dichter en muzikant hawwe inoar fûn. The end of the world was just the beginning of the journey.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.