fotografy: Ruben van Vliet

Musea yn spagaat fan ferlieding en jild

BERT DE JONG – 

Blockbusters binne it sukses nei bûten, binnen sit de krapte
It binne de ‘blockbusters’ dy’t de besikers nei de Fryske musea lûke. De opleine ambysjes binne grut. Want alles draait om jild. En de provinsje? Dy is skiterich.

Der is needsaak om it grutte publyk oan te sprekken. It Fries Museum is wakker grutsk op it sukses fan de tentoanstelling oer Alma Tadema yn 2016. It oersjoch fan it wurk fan dy ferneamde skilder fan Dronryp – de iennichste Fries dy’t de Britske earetitel Sir krigen hat – hat 158.000 besikers nei Ljouwert ta lutsen.

It is mei grutte tank oan de klassike ferlieding fan Sir Lourens Alma Tadema en de Fryske femme fatale Mata Hari dat der safolle minsken nei it Fries Museum komme. It Fries Museum hie foar 2017 rekkene op 100.000 belangstellenden, it binne de helte mear wurden. Twatredde part fan de besikers kaam fan bûten de provinsje. It betsjut in ynstruier foar de Fryske ekonomy dy’t op sa’n 4 miljoen euro skatten wurdt.

Mear besikers betsjut mear ynkomsten. Foar it Fries Museum kaam der yn 2016 troch de eksposysje fan Alma Tadema sa’n 1,5 miljoen euro mear jild yn kas. It sukses wie in grutte meifaller, de reserves binne oanfuld. It provinsjebestjoer is tefreden, want dy sjocht it bewiis dat de musea harrensels wol bedrippe kinne. Mear as de helte fan de ynkomsten fan it Fries Museum komt tsjintwurdich al fan de besikers en de sponsors.

 

Bûtenlân
It feest fan Kulturele Haadstêd Ljouwert/Fryslân moat dêr yn 2018 noch in flinke skep boppe-op dwaan. Fan fier wurde der besikers ferwachte. Mear as ea komme der dit jier minsken út it bûtenlân, no’t Ljouwert en Fryslân ynternasjonaal ekstra yn it ljocht stean. Dat kinne der ek al gau mear wêze as yn it ferline. It Fries Museum hat oer 2017 mar 7152 besikers út it bûtenlân teld, en Keramiekmuseum Princessehof mar 1105, wat noch gjin 3 persint is fan it totaal fan 35.000 besikers yn 2017.

By it Fries Museum hoopje se dit jier op in totaal fan 200.000 besikers, mei troch de ‘blockbusters’ fan Mata Hari en letter dit jier Escher op reis en Rembrandt en zijn Saskia. It fernijde Keramiekmuseum Princessehof ferwachtet 50.000 minsken oer de flier. Earder luts Sexy Ceramics út alle wynstreken belangstelling, ek hjir foar in treddepart fan bûten de provinsje Fryslân. De eksposysje wie de opmaat nei it jier 2018 wêryn’t it alhiel fernijde museum Princessehof striele moat. Der wurdt ynternasjonaal tocht, alhiel mei de eksposysje Made in Holland: 400 jaar wereldmerk. Dan giet it om de rykdom fan typysk Nederlânske eksportprodukten, fan Delfts Blauw oant Makkumer ierdewurk.

 

Prestaasje
It is de Raad voor Cultuur dy’t oanstiet op prestaasje by de ryksmusea. Gearwurking, edukaasje en it berikken fan nij publyk binne dêrby belangryk. As mear as de helte fan de minsken noait of amper yn in museum komt, dan is der noch wurk te dwaan. Oan de oare kant, der is kompensaasje fan de bûtenlânske toeristen. De helte fan harren bringt yn ús lân in besite oan in museum. Dy hawwe ynteresse yn ús erfgoed, ek al sjogge se gemiddeld net langer as tritich tellen nei in skilderij.

It besteansrjocht fan in museum hinget ôf fan it tal minsken dat belangstelling toant. ‘Je moet als museum je best doen, want je wordt afgerekend op bezoekers’, stelt bysûnder heechlearaar Lennart Booij, lid fan de Raad voor Cultuur. In bysûndere posysje hat Keramiekmuseum Princessehof, want dat is in ryksmuseum (it iennige yn Fryslân) en kriget jild streekrjocht fan it ryk. De gemeente Ljouwert finansiert ek mei troch it monumintale hôf beskikber te stellen.

 

Fûnemint
Sûnder partikulier inisjatyf fan keunstsamlers lykas Nanne Ottema (1874-1955) en Anne Tjibbes van der Meulen (1862-1934) soe der no gjin spesjalistysk museum lykas it Keramiekmuseum Princessehof wêze. Van der Meulen sammele fanút de oertsjûging dat keunst in ferriking is foar it libben. Mei syn ‘Indische Verzameling’ sette hy it Indisch Museum yn Burgum fol. Letter naam Nanne Ottema de kolleksje oer en hie er in wichtich fûnemint foar it Museum Princessehof.

It wie ein 2017 hûndert jier ferlyn dat de bysûndere samling foar it earst te sjen wie yn it monumintale gebou dat hearde ta it ferbliuw fan prinses Maria Louise, by de Friezen better bekend as Marijke Muoi. Alles wat de Ljouwerter notaris Ottema en de eigensinnige Burgumer samler Van der Meulen garre hienen, wie moai teplak.

Nea sil doe betocht wêze dat it Princessehof no in foaroansteand museum is, ek ynternasjonaal. It is konservator Eline van den Berg dúdlik dat it hieltyd mear in slach om de besikerssifers is. Mei grutte útstallingen lykas Sexy Ceramics, Groen Geluk en Ming is it slagge om in stream nije gasten nei Ljouwert te krijen. It giet om ferlieding, om sa op it ynhâldlike ferhaal te kommen, seit Van den Berg. ‘Wij zijn geen Coca-Cola, maar een speciaal biertje. Het kost tijd om dat te leren waarderen.’

It is de Ottema-Kingma Stichting dy’t los fan alles it erfgoed fan Nanne Ottema en syn frou Grietje Kingma – fan sa’n 30.000 stikken en fansels yn it bysûnder de kolleksje fan Museum Princessehof – hoedet en noedet. De stifting hannelt noch hieltyd yn de samlersgeast fan Ottema en keapet wichtige keunst dy’t in oanwinst is en rekkenje kin op in permanint plak yn de Fryske musea. Ut it fermogen wurdt ek de wittenskip stipe, ûnder oaren mei in learstoel foar professor Johan de Haan oan de Universiteit Nijmegen en troch mei te beteljen oan ûndersyk.

 

Opskuor
Krekt no’t Fryslân yn 2018 sjongt en jubelt, wie it de provinsje dy’t opskuor joech mei in plan om it jild foar keunst en kultuer yn de takomst oars te ferdielen. Ek nije inisjativen moatte sa kânsen krije. Deputearre Sietske Poepjes (CDA) warskôget: net alle subsydzje is yn de takomst fanselssprekkend wis. It mei neffens har wolris opnij hifke wurde en der meie krekt as lanlik ek nije betingsten jilde, lykas gearwurking.

Yn de nije Fryske kulturele basisynfrastruktuer wol de provinsje mear fleksibiliteit en mear mooglikheden om effektyf te stypjen. De oprop fan Provinsjale Steaten yn it neijier fan 2016 om mei in nije opset te kommen, is net sûnder reden. Want mei hoefolle miljoenen en hoe sil de provinsje de kulturele sektor stypje? Bliuwt de 4 prosint fan de Fryske begrutting de maat of moat it nei 2020 mei minder?

 

Museum Belvédère
In part fan de kulturele sektor sjocht it swerk driuwen en is bang jild kwyt te reitsjen. In oar diel wol graach yn de takomst stipe. It Museum Belvédère yn Oranjewâld is sa’n nijkommer dy’t it sûnder finansjele help net roaie kin. Yn 2017 hat it museum foar moderne keunst stipe krigen fan de provinsje en de gemeente It Hearrenfean, elk mei in jefte fan 50.000 euro. It moast foar de helsdoarren wei komme. ‘Mar wy ha in strukturele oplossing nedich’, seit foarsitter Evert-Jan Rotshuizen. ‘Oars kin it museum net iepen bliuwe.’

Alle jierren is der by it troch Thom Mercuur opsetten museum in ferlies op de eksploitaasje, ek al komme der jierliks sa’n 40.000 minsken te sjen. By it begjin fan it museum yn 2004 wie der rom jild fan bedriuwen, stiftingen en partikulieren, mar troch de ekonomyske krisis is dat folle minder wurden. Museum Belvédère hat in begrutting fan goed 600.000 euro. Fan besikers allinnich komt der 250.000 euro oan ynkomsten binnen en 150.000 euro troch winkelferkeap oan boeken en kaarten.

Museum Belvédère is oant no ta net wis fan jild fan provinsje of gemeente. It provinsjebestjoer wol dat eins wol, mar wit dan ek dat de doar iepen komt te stean foar mear musea dy’t itselde freegje. Eins mei der net mear jild nei kultuer, sa is de ynstek by de provinsje. De gemeente It Hearrenfean ferleit de pine nei in oar. Museum Belvédère kriget jild, mar snobbet it fuort by it budzjet foar it eigen Museum Heerenveen. Dat is dêr wer net bliid mei.

 

Unwissichheid
De kulturele ynstellingen yn Fryslân binne deabenaud. De ûnwissichheid oer it jild fan de provinsje hâldt harren yn de besnijing. Alle reden foar de kulturele sektor om ein 2017 de koppen byinoar te stekken en de provinsjale politisy besykje te oertsjûgjen dat deputearre Sietske Poepjes mei dit plan op in dearinnend spoar sit. Soks is slagge. Der komt foar de simmer in better plan, alles yn oerlis mei de kulturele sektor sels.

Mar dan noch is de pine net fuort. It is oan de Fryske steateleden om ek mear jild foar kultuer út te lûken. Al jierren past de provinsje bygelyks gjin yndeksaasje op de subsydzje ta, wylst de leanen en de prizen wol omheechgien binne. ‘Der sil no echt jild by moatte’, seit Rimmer Mulder, dy’t dat út namme fan de hiele kulturele sektor by de provinsje bepleitet.

Mulder sjocht kânsen foar ekstra provinsjaal jild. ‘Begjin mei “ontschotting”. As de Fryske musea wichtich binne foar ekonomyske ympulsen en foar it toerisme yn Fryslân, dan is it sa raar net dat út dy ekonomyske en toeristyske fûnsen ek in bydrage komt foar de musea.’ Der komt dêrmei in oar ljocht op de saak, seker no’t de hiele kulturele sektor foar fan alles en noch wat ynskeakele wurdt.

De provinsje Fryslân liket net deun te wêzen, blykt út in lanlike fergeliking yn it rapport Cultuur in Beeld 2017 fan it ministearje fan OCW. De provinsje leit 22,9 miljoen euro op tafel. Dat is 35 euro per ynwenner, it heechste bedrach fan alle provinsjes. It Fryske provinsjebestjoer is grutsk, alhiel yn it jier dat it feest fan Kulturele Haadstêd fierd wurdt.

Mar de fergeliking is net earlik. Want de provinsje smyt taal en kultuer op ien bult. It jild foar de Fryske taal en ek foar saken as Frysk ûnderwiis en sport wurdt troch de provinsje dêrby rekkene. Ek de miljoenen foar Tresoar, Afûk en Kulturele Haadstêd binne deryn beflapt.

 

Stipe foar musea
De provinsjale bydrage foar musea makket al mear dúdlik. Foar de provinsje giet it measte omtinken út nei it Fries Museum. De stipe fan 2,8 miljoen euro is op de begrutting fan 4 miljoen euro in moai stik bûter yn de brij foar it provinsjaal museum. De bydrage is suterich as dy njonken dy fan it Drents Museum yn Assen set wurdt. De provinsje Drinte leit mear as 4,5 miljoen euro op tafel foar harren provinsjaal museum yn Assen. Dat museum wurket mei in begrutting fan sa’n 8 miljoen euro. Alle jierren komme der om ende by 200.000 besikers nei de eksposysjes, dat binne foar 85 prosint minsken fan bûten Drinte.

In oar referinsjepunt dan, it Museum Arnhem. Dêr hat de gemeente alle jierren 3,2 miljoen euro oer foar de eksploitaasje, op in begrutting fan 4,5 miljoen euro. As it tal besikers derta docht: dat binne der 60.000 yn it jier. Direkteur Saskia Bak, dy’t oerkaam is fan it nij boude Fries Museum, hat in grutte útdaging. De kommende twa jier is it museum ticht fanwegen in yngripende ferbouwing fan yn totaal 11,2 miljoen euro. Foar in nij depot is nochris 2,9 miljoen euro beskikber.

 

Undersyk
Der giet grou jild yn gebouwen en prachtige eksposysjes om mear besikers te lûken, mar dat belied hat in skaadside. Dêr’t yn it ferline binnen musea rom omtinken wie foar ûndersyk en stúdzje, is soks no minder. ‘De balâns is wat fuort’, konstateart foarsitter Lourens Oldersma fan de Ottema-Kingma Stichting. By de musea is minder omtinken foar ûndersyk. It tal minsken by musea dat dêrmei dwaande is, hat yn 25 jier in flinke tebeksetter krigen, ek by de Fryske musea.

Oldersma freget krekt no omtinken en stipe foar it fûnemint fan de wichtige kolleksjes kultureel erfgoed: ‘It is wichtich dat der ûndersyk dien wurdt.’ Foar de arguminten ferwiist hy nei it krewearjen fan Nanne Ottema. ‘Hy sammele foar ûndersyk. It gie him ynearsten net sasear om museale objekten. It wie foar him wichtich om de ferhalen fertelle te kinnen. Syn kolleksje wie residu fan ûndersyk.’

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 17 (2018), 2 (maart)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.