fotografy: Maartje Roos

Monumint foar Minnertsgea

THEO KUIPERS – 

Bestjoerders fan keatsferienings wurde somtiden in bytsje wyt om ‘e kop as der in merkeljier op komst is. Want jubilea betsjutte ekstra wurk en grutte finansjele útjeften foar de min of mear ferplichte festiviteiten. Der moat in oansprekkende keatspartij organisearre wurde, reunykeatserij, aktiviteiten foar de jeugd, in bysûndere feestjûn en fansels in jubileumboek. Guon bestjoerders sjogge der, mei it weromrinnend tal frijwilligers en it skrabjen om jild by sponsers en oerheden dan ek, lykas in baarch tsjin it slachtsjen, tsjin oan om grut út te pakken. Mar net yn Minnertsgea. Ik wol my hjir beheine ta in skôging oer it jubileumboek.

Yn it ljocht is daliks al in bysûnder jubileumboek. It is fuort dúdlik dat hjir kosten noch muoite sparre binne om der wat unyks fan te meitsjen. Sawol formaat, 23,5 by 27,5 sm., de stylfolle foarmjouwing en ek de haadtitel binne net trochsnee. De ûndertitel, op beskieden wize rjochtsûnder, fertelt dat it giet oer ‘100 jier keatsen yn Minnertsgea’. Mar sublym is de foto op it omslach dy’t op sterk symboalyske wize de ferbining leit tusken keatsen en doarp. De keatsbal tsjin en yn it ljocht fan tiid en plak. In prachtich en treffend byld.

Yn syn ferantwurding skriuwt de kommisje dat it doel wie om de histoarje fan de fusearre keatsferienings VvV (neutraal) en Nocht en Wille (tsjerklik) te fertellen oan de hân fan ynterviews mei haadrolspilers. Want ‘het zijn de verhalen die blijven hangen in de hoofden van de mensen’. Dochs ha se ek – terjochte – in gronologysk oersjoch jûn fan de meast oansprekkende saken fan de ôfrûne 100 jier. It is fansels wol in ferieningsdokumint.

Mar dit ferieningsdokumint is gjin op ‘e kop holden en leechskodde notuleboek. Nettsjinsteande de persoanlike ferhalen fan bestjoerders, frijwilligers en keatsers út Minnertsgea, stiget it boek út boppe it nivo fan nijsgjirrich en ynteressant foar minsken út eigen fermidden.

De ynterviews geane oer algemien werkenbere sitewaasjes, sa as it ta stân kommen fan bestjoerlike beslútfoarming, frijwilligerswurk, seleksjeperikelen foar ôfdielingspartoeren, ferieningssuksessen ensafuorthinne. It binne ferhalen oer winst en ferlies mar ek oer de ûnfoarsisberens fan sport.

En it bliuwt yn dit boek net by it feitlik beskriuwen fan dy sitewaasjes. De skriuwer/-ster  – dat wurdt spitigernôch net dúdlik fermeld –  is der yn slagge om ek it gefoel fan wat soks teweechbringt te ferbyldzjen ta in nivo fan algemien minsklike emoasjes. Pronkjes binne wat dat oanbelanget de ynterviews mei Tinus Boomstra en Simon Vis oer harren twadde priis op de Freulepartij fan 1967: ‘Ik wit noch dat wy ús opstelle moasten foar de tinte. En dat der seistûzen minsken oerein kamen om it Frysk folksliet te sjongen. Dat wie prachtich. Ik hie oeral pikefel!’. En mei Arjen de Vries, Jelle Vrieswijk en Jouke Zuidema oer de winst op de Jonges Bûnspartij fan de CFK yn 1980. ‘Jelle hie in dei, net in bal wie him fertroud. Hy sloech se allegearre yn ‘e beammen. En dat wylst er net iens in want oan hie.’

Moai, binne ek de lytse anekdoates: ‘Der wienen trije famkes dy’t ús de krânse omhongen. Ien dêrfan – de moaiste – hie fan tefoaren al tsjin my sein dat se my de krânse jaan soe as ik winne soe. En dat barde. Ik wit it noch goed. Letter ha ’k har noch wolris yn Berltsum sjoen, mar it is nea wat wurden.’

Mar it meast bysûndere oan dit jubileumboek binne doch wol de foto’s fan Maartje Roos. De fotografe is der yn slagge om hert en siel fan it keatsen op stylfolle wize te fangen yn prachtige bylden. Moai binne de foto’s fan persoanen mar har grutste krêft leit doch yn it fêstlizzen fan ferstille bylden lykas in krânse mei beker dy’t wachtet op in winner, in keatsbal op in troch de tiid oantaaste keatsmof en – symboalysk – medaljes fan de CFK op in read fluwielen kleed yn de tsjerke fan Minnertsgea. De redaksje hat der goed oan dien om der gjin ûnderskriften by te pleatsen. De foto’s sprekke foar harsels.

Om doch ien skaadkantsje te neamen ha ik my ôffrege wêrom’t de haadtekst fan it boek net hielendal yn it Frysk skreaun is. As der ien plak is dêr’t it Frysk gjin inkeld punt fan diskusje is en as in fansels sprekkende fiertaal brûkt wurdt dan is dat wol yn en om it keatsfjild. En yn Minnertsgea seker net it minst. De gearstallers litte troch de sitaten yn it boek sjen dat hja it Frysk yn ‘e macht ha en ek foar de ferkeap hoecht it Frysk gjin beswier te wêzen. De kosten foar sokke jubileumboeken binne meastentiids al yn it foar ôfdutsen mei subsydzjes en foarynskriuwen. It brûken fan it Frysk hie de eigenheid fan dit jubileumboek fersterke en it plak fan it keatsen yn Minnertsgea rjocht dien.

Keatsferiening Minnertsgea hat op treflike wize trochpakt mei it slachtsjen fan de baarch. Se ha in keatsmonumint neilitten dêr’t se grutsk op wêze kinne. Om it yn keatstermen te sizzen, in boppeslach!

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.