Monaco

EELCO VENEMA – 

‘De Jongens wolle ek graach it teater yn’, lês ik yn it programmaboekje fan ‘e Harmonie. En dat fyn ik in prachtige sin. As meie se net en stean se balstjurrich mei de fústen op ‘e doarren fan it teater te slaan. Wy wolle der ek yn! ‘De Jongens’ meie der om my wol yn. Graach sels.

‘De Jongens’ is in kollektyf fan fjouwer jonges. Mads, Taco, Maarten en Jan Joost. Earder wie der ek noch in Hans. Elkenien neamde se ‘De Jongens’ en dy namme is hingjen bleaun. Underwilens binne it gjin jonges mear mar mannen mei dochters en hypoteken, mar de enerzjy is der net minder om.

‘De Jongens’ binne benammen te finen op festivals as Oerol en de Parade, mei tiidsleaze absurde, fysike en hilaryske foarstellings. Mar no wolle se ek graach it teater yn en se komme werom mei harren earste foarstelling: Monaco, oait noch by Tryater spile en makke yn gearwurking mei ûnder oaren Peter ‘Maxi’ de Jong. Spesiaal foar it tsienjierrich bestean fan ‘De Jongens’.

Yn Monaco komme fjouwer skoalfreonen wer by elkoar en folget der in frjemde en hurde konfrontaasje wêrby’t de freonskip stevich op de proef steld wurdt. In moaie tapasselike foarstelling foar de fjouwer jubliarissen.

Monaco is te sjen op 12 novimber yn de Harmonie yn Ljouwert. Doch mar iepen. Se wolle der yn!

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.