Moed om te deadzjen

Publisearre op 21 september 2005

ROMKE DE LEEUW – 

Yn 1989 soenen wy by Tryater it stik Moed om te deadzjen spylje, fan Lars Noren. Jan Arendz, Marijke Geertsma en myn persoan. As regisseur wie Ursul de Geer oanlutsen. Nei de fakânsje die bliken dat Jan fanwegen in hernia een skoft útskeakele wêze soe. Sadwaande koe it net trochgean en moast der wat oars komme. Doe kaam Guido Wevers mei it idee om in monolooch te bringen en dêrby tocht hy oan Gust fan de Dútske skriuwer Herbert Achternbusch.

In monolooch siet ik no net bepaald op te wachtsjen en dan ek noch in lape tekst fan oardel oere. Mar tagelyk wie it ek in grutte útdaging. Wy wienen mei it oare stik al in hiel ein hinne en dan moatte jo je yn in hiel oar stik ynlibje. De ynhâld fan it stik is frij ienfâldich. Gust is in âld man fan 83 jier. Foarhinne wie hy terskbaas, mar no hâlde hy him noch wat mei syn bijen dwaande.

By it stjerbêd fan syn twadde frou Lies (Marijke Geertsma) dy’t hy by him yn it bijehûs helle hat, fertelt er it ferhaal fan syn libben. Dêrby lûkt er him neat oan fan syn twadde frou, ek al kreunt sy noch sa fan de pine. Hy sleept mei har om, prûmkjend, rocheljend, kwitsend, giet nei it húske en fersoarget syn bijen. Underwilens fertelt er syn libbensferhaal, fan foaren nei achteren, fan achteren nei foaren, alles troch elkoar. Ferskriklik dreech om te learen.

Ursul de Geer woe net dat it publyk sizze soe: dêr stiet Romke de Leeuw. Doe kaam er oansetten mei de metoade Muskin, neamd nei de liedster fan teater de Soleil yn Parys. Dat hâldt yn dat jo de rolfiguer fergelykje mei in bist. Earst hienen wy it oer in hynder, mar dat wie it dochs net hielendal. Al pratendewei kamen wy op in bok. Ik ha de earste wiken oars net dien as op de flier omkrûpe en mekkerje as in bok. Ik hie op ’t lêst de blierren op de knibbels. Oeren rûn ik mei de nekke foarút en besocht ik de mûle yn de stân fan in bokkebek te krijen. Alle spieren diene my sear en ik gie twa kear wyks nei de masseur.

En dan dy lape tekst. Hielendal gjin teatertaal mar sa’t in âld man praat, mei fersprekkingen en faak wurden werheljend.

Wy hienen it idee dat de man echt libbe hie en dat Achternbusch him in mikrofoan foarhâlden hie en sa ta it stik kaam wie. It oare jier binne de frou en ik nei Beieren reizge om ris yn it plakje Mietraching om te strunen, dêr’t Gust tahâlden hie. Neffens de ferhalen út it stik dan.

En yndie, wy hawwe syn grêf fûn, mei syn skoansoan en dochter praat en op de buorkerij west dêr’t Gust taholden hie en dêr’t no in soan fan him wenne. In bysûndere ûnderfining as jo hast alles fan de heit fan fierder frjemde minsken ôfwitte. Alles kloppe, útsein dat syn twadde frou, dy’t op it toaniel stoar, dêr noch skruten en demint omrûn.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 4 (2005) 7 (septimber) s. 25.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]