Moarn in wike

HENK WOLF – 

Yn it Nederlânsk kinst sizze dat der “over een week” wat te gebeuren stiet. Yn it Frysk kin dat fansels like goed: “Oer in wike is it klear”. Kinst ek oanjaan dat dy wike hjoed yngiet, lykas yn de folgjende sinnen:


(1) Vandaag over een week zijn je schoenen klaar.

(2) Hjoed oer in wike binne dyn skuon klear.

 

Kinst de wike ek op in oar tiidstip begjinne litte, bygelyks moarn, om oan te jaan datst praatst oer in saak dy’t acht dagen yn ‘e takomst leit:


(3) Morgen over een week zijn je schoenen klaar.

(4) Moarn oer in wike binne dyn skuon klear.

 

No kinne in protte Friezen yn sokke sinnen yn it Frysk it wurdsje ‘oer’ ek fuortlitte:


(5) Hjoed in wike binne dyn skuon klear.

(6) Moarn in wike binne dyn skuon klear.

 

Ik hie de yndruk dat dat yn it Nederlânsk net sa maklik wol, sels net yn it Nederlânsk fan Friezen. In lyts ûndersykje op Facebook befêstiget dy yndruk. Hoewol’t in flink oanpart fan ‘e Fryske respondinten sin (6) prima fynt en guon sin (4) sels noait brûke, fynt net ien sin (7) goed:

 

(7) *Morgen een week zijn je schoenen klaar.

 

Yn it Nederlânsk liket ‘over’ dus ferplichte. Dat is wat apart, want de grammatika’s fan it Frysk en Nederlânsk binne ûnderling faak nochal trochlitber en seker yn ynformeel gebrûk wurdt der in soad útwiksele.

Yn it ferline moat de konstruksje ek oan it Nederlânsk eigen west ha. Sa kaam ik yn in âld berneferske de folgjende rigel tsjin:

 

(8) Lou, Lou, trek aan ’t touw, vandaag een week is ’t kermis.

 

It ferske stie op de website fan it Meertens Instituut en de ûndersiker dy’t it opslein hat, hat der as modern-Nederlânske oersetting by skreaun: “Louw, Louw, trek aan het touw. Over een week is het kermis.”

Yn it Ingelsk komt in ferlykbere konstruksje foar. Ast acht dagen de takomst yn bedoelst, dan kinst sizze: “a week tomorrow” of “tomorrow week”, lykas yn sin (9) en (10):

 

(9) Your shoes will be ready a week tomorrow.
(10) Your shoes will be ready tomorrow week.

 

Mei deselde konstruksje kinst yn it Frysk trouwens ek nei it ferline ferwize, lykas yn de folgjende sinnen:

 

(11) Juster in wike wienen myn skuon al klear.
(12) Hjoed in wike wienen myn skuon al klear.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.