de Moanne – Live

No tiisdei 18 febrewaris om 20.00 oere yn Tresoar wer in de Moanne Live! Dizze kear stean op it poadium:

Maartje Roos
Siebe de Boer
Jose Witteveen

de Moanne Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin of skerp tinkt. 

Opjefte graach foar 18 febrewaris by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl.

Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst!

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.