Moai sûnder wjergea

BERT LOOPER – 

Ofrûne moandei wie der in moaie en entûsjasmearjende byienkomst yn de Harmonie oer de ynhâld en de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. In protte folk, nijsgjirrige projekten en ik leau dat elkenien der in protte nocht oan hie. Ik leau ek dat KH2018 no al belangrike djipperlizzende effekten krijt. It belangrykste is wol dat in nije en jonge generaasje tweintigers en tritigers in kreative takomst yn Fryslân sjocht en net fuortendaliks nei Grins, Amsterdam of Berlyn ta fleant. Ik slút sels net út dat yn de kommende jierren de Berliners, Amsterdammers en Grinzers nei Ljouwert ta komme sille om in geastlike en artistike groei meitsje te kinnen. Wêrom soene wy ús dat soarte fan doelstellings net foar eagen hâlde. Nei 2.000 jier meie wy wolris troch de beskiedenheidsmuorre hinne brekke. No is de kâns.

De Kulturele Haadstêd giet dus oer in tema dat ús al twahûndert jier yn de besnijing hâldt: nammentlik de relaasje Fryslân en de wrâld. Generaasjes lang, benammen sûnt Douwe Kalma út Frysksinnige en Frysk-literêre fermiddens wei besocht dy relaasje te definearjen en stal te jaan. Dat is nea goed slagge en no liket it der op dat ynienen dy relaasje wol foarm en ynhâld krijt, troch it dwaan en tinken fan in nije generaasje, dy’t net op foarhân Frysk of Frysksinnich is, mar wol it Frysk tsjinkomt, ûntdekt en brûkt yn ferskate keuntsfoarmen, festivals en taaluteringen.

No is in kollum net it medium om al te djip en serieus op dingen yn te gean, mar ik meitsje hjoed in útsûndering. Ik wol yn ferbân mei de Kulturele Haadstêd in serieus punt oan de oarder stelle. It moat in kear sein wurde en der moat wat oan dien wurde, oars foarsjoch ik in twadieling en úteinlik federalisaasje fan Fryslan.

It grutte probleem dat driget is de útsluting fan de Wâlden en de Waldpiken yn de Kulturele Haadstêd. Dat hawwe sy sels noch net murken, mar as sy dat merke dan sil dat in bedriging foarmje foar de ienheid fan Fryslân. Wat je ek lêze of hearre oer de Kulturele Haadstêd, it giet altyd oer de klaai, oer it wetter, oer de horizon. Al dy romantyske aspekten fan Fryslân dus dy’t ús sûnt it ûntstean fan de VVV’s en de ANWB yn it begjin fan de tweintigste ieu op efsterstân holden ha. De fitaliteit, de dynamyk, de fernijing, it modernisme fan Fryslan sit yn de Wâlden. Fryslân kin dêr net sûnder yn de kommende jierren. Helje ús der by!

Ik sla de ensyklopedy fan Fryslan fan 1958 noch efkes iepen en lês dêr oer it ferskil tusken de Wâldtsjers en de Klaaikers: ‘In het algemeen is in de Wouden de gemeenschapszin groter dan op de klei; de Woudfries is meer op de collectiviteit ingesteld. Minder geremd is de Woudfries, ook minder verstoken van levenskunst, men is levendiger, geeft meer blijk van fantasie…’

Wa soe ús der no net by ha wolle. Fryslân, nee Europa hat ferlet fan Wâldpiken.

 

Dizze kollum wie ôfrune snein te hearren yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Comments
3 reaksjes oan “Moai sûnder wjergea”
  1. Arjan Hut schreef:

    Dizze Wâldpyk hâldt him beskikber.

  2. Anneke Douma schreef:

    Dizze klaaiklùt stiet hielendal efter dit ferhaal!!!!!

  3. josse de haan schreef:

    De foarste opdracht fan Looper, is, tinkt my om dat Tresoar mear wâldsker en frivoler te meitsjen – dat hat er yn eigen hân. Fierder ûnderskriuw ik syn oprop om de wâlden wat mear as foarbyld te neamen en dy stive yntroverte klaaikers wat fjoerwurk yn de kont te stekken.
    Fan 1991 oant 1999 haw ik mei nocht op De Himrik wenne, en haw it ferskil meimakke. Yndied, iepen en tige libben, maklik kontaktmeitsjend. Hast sudlik sa’t ik dat hjir yn Sud-Europa ûnderfyn. In draaioargel is by definysje al ferskillend fan in tsjerkeoargel, en dêr giet it hjir om yn dit stik fan saken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.