Myn België

Publisearre op 1 november 2004

THOM MERCUUR –

Ik hâld fan België en fan de Belgen. Dat hat ûnder oare te krijen mei hoe’t se mei keunst en keunstners omgeane. Keunstners binne dêr gjin ‘outcasts’, mar hearre derby. Se nimme, lykas de pastoar, in spesjaal plak yn. Yn de kroech fan Machele aan de Leije, it wenplak fan de skilder Roger Raveel, hinget syn keunst. De minsken binne der grutsk op. Yn Watou wurdt elts jier in dichtersfestival holden. It hiele doarp fynt it leuk, se dogge allegear mei. As ik by kafee Overwijk op ’e Tynje in skilderij fan Boele Bregman ophingje soe, krige ik fan alle kanten kommentaar.

Fan de earste kear dat ik yn België wie, heuge my inkeld de Belgyske frieten, de moksels en it lekkere bier. Ik wie in jier of achttjin, doe’t ik mei myn maten nei de fuotbalwedstryd België–Holland gie. Nei de wedstryd ha we noch yn it kafee fan skilder Tames Oud yn Deurne sitten, mar dy koe ik doe noch net. Oud wie in ‘kleurrijk’ man, dy’t oan boksen en hurdfytsen die. Hy wie befreone mei Piet Moeskops, in grut hurdfytser. Dêrneist hie hy in kroech by it fuotbalstadion en makke hy fiskdobbers, dy’t er yn België ferkocht. Dat hie grif mei syn Amelân-ferline te krijen. Hy is berne op it waadeilân, mar doe’t hy yn ’14-’18 as militêr by de grins lei, hat er ferkearing krigen mei in Belgysk famke. Mei har is hy troud en sa kaam er yn Strombeek telâne. Hy moast syn brea fertsjinje, it skilderjen brocht neat op. Op syn nammekaartsje stie ‘maître imitation de bois & marbres’. Dat betsjutte dat hy houte en moarmere, in âlde technyk.

Ik groeide op op It Hearrenfean, mei Abe as myn grutte jeugdheld. Fandêr dy earste reis nei België. Ik wit der net in soad mear fan. Parys makke mear yndruk, België wie dan inkeld in tuskenstop. Yn Antwerpen bygelyks hie ik noch nea west. Letter waard ik troch Boele Bregman op it spoar set fan Flaamske skriuwers lykas Louis Paul Boon, Richard Minne en net te ferjitten Willem Elsschot, dy’t alles fertelle koe oer de lytse foarfallen yn it libben yn in prachtich sober taalgebrûk, in jefte dy’t Simon Carmiggelt ek hie.

De skilderkeunst yn België hat in persoanlike belibbing. Dat mis ik faak by Nederlânske skilders as Jan Sluyters en Leo Gestel. Hiel moai, mar ik mis de moederaasje, it gefoel by de minsken om harren hinne. Se hiene it nea oer harren sels. Dat fûn ik wol by harren Belgyske kollega’s lykas Gustave de Smet, Constant Permeke en Jacob Smits út De Kempen. Se skilderen de earmoed. Ien generaasje fierder is it no Roger Raveel, dy’t de ‘achterdoar’ skildert.

De Smet koe faak de drank net betelje en beskildere dan in paneeltsje foar de kroechbaas. De soan fan dy man is, doe’t syn heit ferstoarn wie, yn ien klap ryk wurden. Syn heit hie wol fyftich fan dy paneeltsjes neilitten, dy’t letter in soad jild opsmieten.

Skilders meitsje yn België diel út fan de maatskippij. Se kamen mei in hazze dy’t se sketten hiene of in amer fisk yn it kafee. Se binne totaal net elitêr. Yn dy wrâld fiel ik my thús. By in keatspartij seach ik in boargemaster rinnen mei in blêd fol bier, omdat de tsjinsters it sa drok hiene. Net op in wize fan ‘sjoch my ris sosjaal dwaan’; hy holp gewoan mei.

Ik bin ek in grut bewonderer fan James Ensor. Hy wie fan Ingelsk komôf en wenne yn Oostende. Syn heit hie in winkel yn maskers en prullaria. Ensor hat syn jeugd skildere. Hy sil him iensum field ha, lykas Tames Oud. Dy skildere ek de bylden út syn jeugd. Oud hat ek skilderijen oer België makke. Dy binne lang sa goed net, wat op himsels gjin skande is. Eltse goeie skilder makket ek minne skilderijen. Oud waard in hiel lyts bytsje beynfloede troch de Belgyske skilders, mar krekt net tefolle. Yn België skildere hy syn Amelân. Hy hie in grut artistyk gewisse.

Jonkheer Sandberg fûn syn wurk prachtich en hat mei Oud skreaun. Troch de opkomst fan Cobra, flak nei de oarloch, dêr’t Sandberg de hannen fol oan hie, is it kontakt ferwettere. Ik sjoch it as myn taak om skilders lykas Oud, mar ek Tinus van Doorn, dy’t troch omstannichheden tusken de wâl en it skip rekke binne, de ‘credits’ te jaan dy’t se fertsjinje. Van Doorn hat Tames Oud nea moete en dat wylst se himelsbreed mar in pear kilometer fan elkoar ôf wennen.

It earste skilderij fan Van Doorn seach ik yn 1964-1965 by keunsthanneler Leendert van Lier yn Veere. Ik koe de skilder net, mar dy man skildere nei myn hert. Ik seach der itselde yn as yn it wurk fan Herman Kruyder: in geweldich inerlike striid. Dat utere him net sa yn de wize fan skilderjen en yn de kar fan de ûnderwerpen. Der sprekt in sosjaal begien-wêzen út, hiel ierdsk, in gefoel fan kwetsberheid yn alle opsichten. Einliks binne it selsportretten.

De ‘Rode stier’ fan Van Doorn bygelyks: yn it foarste plak hat hy dy bolle goed besjoen. Hy skildere it bist sûnder keunstsinnige trúks. Knalread, de emoasje fine jo werom yn de kleur. De bolle is sterk en fêstset. Dat jout in machteleazens wer, yn wêzen de moedstastân fan Van Doorn, dy’t – doe’t de Twadde Wrâldkriich yn 1940 útbruts – mei syn frou in ein oan it libben makke. Sa hiene se it ôfpraat.

Kruyder hat himsels op in hynder skildere. Hy is letter fan in dak ôf sprongen. Dat is yn it portret te sjen, oan de eagen.

Permeke skildere de arbeiders op it lân. Guon minsken sizze dat hy de fuotten te grut ôfbylde hat, mar mei dyselde grutte fuotten stiene se yn it lân te bealgjen. Hy skildere rjocht út syn hert, sûnder patetysk te wurden. Mei in ynboud artistyk gewisse, it waard nea in smertlape. Dat is geweldich. It is in ynderlik begien-wêzen dat echt is. Dêr ha ik te faak om socht. De eksposysje fan syn wurk yn it Haags Gemeente Museum is krekt net goed. De ferkearde affysje, de ferkearde kar fan skilderijen. Dat docht my sear. De skilder wurdt gjin rjocht dien.

Dat jildt ek foar Gerrit Benner. It is in skande dat der yn Fryslân noch noait in goeie Benner-tentoanstelling west hat. Hja ha net yn ’e gaten wat hja yn hûs ha. Der hawwe allinnich mar eksposysjes west dy’t makke binne troch keunsthannelers, minsken dy’t der better fan wurde. Eltsenien is grutsk op Fryslân, se ha der de mûle fol fan, mar Benner is noch nea rjocht dien.

In skilder as Benner, mar ek Sjoerd de Vries, hie yn België al lang ferneamd west. It is sa eigen, it binne twa eksponinten fan Fryslân. Se drage mear út as de eigen taal ea dwaan sil. It byld is folle universeler as it wurd, it draacht fierder. In Japanner lêst gjin Frysk boek, mar as hy in dei yn ús provinsje omrint, begrypt hy de skilders.

Arsjitekt Aldo van Eyck seach dat wol. Hy fûn Oud, De Vries, Van Althuis en Benner geweldich. Hy sei: ‘Die mensen schilderen met de ziel, dit type schilders zijn er niet veel in Nederland.’ Hy wist ek dat gjin museumdirekteur se op doarde te hingjen, ‘omdat ze bang zijn om van hun voetstuk te vallen’. It paradoksale is dat dy skilders altyd op dy tinne tried libbe hawwe. Se doarden risiko te nimmen, op syk nei it ultime skilderij.

As jo de moaiste Benners byinoar hingje, dan witte jo net wat je sjogge. Dan hoege je gjin Willem de Kooning te sjen. Benner hie in grutte ynderlike behoefte om te meitsjen wat hy seach en fielde. Dy oprjochte emoasje bliuwt altyd bestean. Dat is mar foar in inkeling weilein, dy skilders geane troch alle moades hinne. Dat fiel ik ek as ik wurk fan Jan Snijder of Christiaan Kuitwaard sjoch, twa echte ûndersikers.

Ik krij in soad stipe út België. Yn Nederlân is alles, hiel forsearre, relateard oan fernijing. Wy sjogge op tsjin Amerikanen. Prakapas, in keunsthanneler út New York dy’t Thijs Rinsema eksposearde, socht my as hy yn Fryslân wie altyd op. Hy ergere him deroan dat hy yn it Stedelijk Museum wol Rauschenberg en Newman seach, mar gjin Nederlânske skilders. Dêr wie hy benijd nei. Dy Amerikanen koe hy thús wol sjen, hy woe Kruyder, Benner of Mankes sjen. De musea keapje wol wurk fan Fryske skilders oan, mar de skilderijen komme yn de kelders telâne. It binne faak ek sosjale oankeapen, se dogge der neat mei. Dat is ek myn krityk op it Fries Museum. Se doare Fryske skilders hjir net op wearde te setten. Ut dy krityk wei is Museum Belvédère ûntstien. Ik praat in soad mei Belgen oer wat my beweecht. Mei dichter Roland Joris, de konservator fan het Roger Raveel Museum bygelyks. As ik der kom, prate we net altyd oer skilderkeunst, ek oer literatuer, mar foaral oer de ‘bewogenheid’ fan de skilder, de emoasje. Wy fiele ús der faak ûngemaklik ûnder, de Belgen prate deroer en it is ek dêrom dat ik fan België hâld.

It binne dan ek faak skilders dy’t mear har eigen paad folge ha, dwers troch de hearskjende moades hinne. Ienlingen, balansearjend op de tried fan de tiidsgeast en kwetsberens. Yn Fryslân sjoch ik dat faak werom.

 

Myn moaiste museumbesite oan België

Yn de tachtiger jierren haw ik mei Bouke van der Sloot, Peter Karstkarel en Cor van der Ploeg ek yn België west. Bouke sei altyd, dy Belgen binne folle better. Hy bedoelde dan de skilders fan ‘de school van St. Martens Latem’, de skilders fan de Leijestreek en natuerlik Permeke. Ik hear Bouke noch sizzen, doe’t hy nei dy grutte fuotten seach dy’t Permeke skildere hie: ‘Moet je eens zien, moet je die grote poten eens zien, veel te groot, je moet het maar durven’. Mei Bouke yn België, dat ferjit ik noait wer.

As we moarns betiid fuortgiene en it stopljocht stie op read, dan spruts hy Cor, de sjauffeur, deropoan, flokte en sei dat we trochride moasten, want der kaam dochs neat oan. ‘Direct zijn we te laat, is het museum dicht, we moeten ook nog eten onderweg.’ It gie Bouke om twa dingen: lekker ite en keunst sjen. Bouke die dat sa oertsjûgjend en plastysk, dat we him allinne mar gelyk jaan koene.

Ik haw ek in kear mei Willem van Althuis yn België west. It wie in donkere dei, let yn ’e hjerst en we sochten de wenning fan Gustave de Smet, dêr’t de gemeente in lyts museum yn makke hie en dêr’t je rûnlaat waarden troch de húshâldster fan Gustave, dy’t yn it museum wenne. We kamen tsjin fiven oan en ferûntskuldigen ús dat we sa let wiene.

Sy ferûntskuldige har tsjinoer ús dat we de skilderijen net mear sjen koene, omdat it ljocht útfallen wie. No, dêr steane je dan. ‘Mevrouw,’ sei ik, ‘nu komen we helemaal uit Friesland om Gustave de Smet te zien. Dat kan toch niet waar zijn?’ ‘Wacht u even’, sei se, rûn fuort en kaam efkes letter werom mei yn har hân in wite emaljen blaker en in brânende kears. ‘Volgt u mij maar, heren, dan zal ik u het werk van Gustave laten zien, maar kijk wel goed uit dat ge uw hoofd niet stoot.’ Elts skilderij ha we doe by kearsljocht besjoen. In museumbesite dêr’t einliks alle besites by ferbleke. Soks meitsje jo allinnich mei yn België.

 

Earder ferskynd yn de Moanne 3 (2004), 9 (novimber), side 30-32.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels