fotografy: Jacob van Essen

Mienskip!

WILLEM WINTERS – 

Mienskip! Dat joech de trochslach. Ljouwert KH 2018! Mienskip! De sjuery wie unanym: de Mienskipsgedachte, dat is wat nedich is! By it wurd Mienskip begûn der eat yn my te triljen. Eat dat al hiel lang yn djippe rêst wie. Ik waard wekker, sa fielde it: ‘Dit is myn kâns, dit is ús kâns. Wy, de lêste sosjologen. Wy dy’t yn de jierren santich fol goeie moed nei de universiteit gongen, derfan oertsjûge dat we dêr leare soenen hoe de wrâld te ferbetterjen.’

Wy hearden dat iene Ferdinand Tönnies de maatskiplike strukturen bestudeard hie; hy kaam ta: Gemeinschaft vs Gesellschaft. Gemeinschaft, dêrmei doelde hy op de hechte struktuur fan de alâlde doarpsmienskip. Dêrút ûntjoech him – ûnder ynfloed fan in feroarjende ekonomy – in maatskippij, mei as skaaimerken tanimmende yndividualisearring, mobiliteit en in ferskaat oan sosjale rollen: Gesellschaft! Gemeinschaft, dat wie hechte sosjale ferbannen, dat wie buorreplicht en sosjale kontrole. En in fanselssprekkende sosjale oardening – fan leech ta heech.

Och, wat skriuw ik hjir, de boeken dêr’t alles folle better en wiidweidiger yn stiet, lizze foar in pear sinten by de kringloopwinkel. Want sosjology wie út en is dat noch: mar oardel prosint fan de Grinzer studinten docht sosjology. Guon boeken fan de grûnlizzers fan de sosjology binne sels dêr net mear te krijen. Sa as Suicide fan Emile Durkheim. In hiel fûneminteel, mar ek in skitende krekt ûndersyk, ûnmisber fanwegen de metoades dy’t er tapast.

Wy hienen muoite mei Auguste Comte, de man dy’t sosjology as wittenskip ponearde. Wat bedoelde hy krekt mei syn trije stadia fan maatskiplike ûntjouwing, it teologyske, it metafysyske en it positieve stadium fan it minslik tinken?

Hiel oars seach Karl Marx, filosoof en ekonoom en ek wol sosjolooch neamd, tsjin de maatskippij oan: hy propagearre de klassestriid en de kommunistyske takomstmaatskippij, in heilsteat. De measte dosinten sosjology stapten hjir gau oerhinne. Dat wie dochs gefaarlike ûnsin wat dy Marx bewearde? Yn in omsjoch soe de hiele wrâld in kommunistysk paradys wurde. In utopy: moarns jeie, middeis fiskje en jûns it fee berêde. Dat soe foar elkenien yn de takomst weilein wêze. Dat wie dochs gjin wittenskip? Der wie ien útsûndering: Pim Fortuyn, dy’t himsels Marx-adept neamde en ús ynsjoch joech yn de wurking fan Das Kapital. Wy witte hoe’t it him fergong…

Ljouwert Kulturele Haadstêd stiet foar Mienskip, mienskip, mienskip. Hjir lizze prachtkânsen om wat er noch oer is oan mienskip yn de doarpen, mar ek yn de stêden en de wiken, te bewarjen, út te bouwen en te fersterkjen. De sosjolooch kin hjirfoar materiaal, feiten, ûnderfinings en ûndersyksrisseltaten oandrage.

It earste wat in sosjolooch docht is it begryp mienskip definiearje, sadat it yn statistiken te fangen is. Operasjonalisearje, seit de deskundige. Oant no ta waard it foar fan alles trochinoar brûkt. Is dat klear, dan kin de sosjolooch der op út mei in enkête; hy stelt lange listen mei fragen op en siket dêr de statistyske prosedueres by en giet op ’n paad. Dat lêste is it aardichste fan it ûndersykjen. Do komst by minsken binnen. Do hearst ferhalen, krigest gebak as it tafallich immen jierdei hat.

Soms komst foar rare dilemmas te stean. Sa moast ik op in kear foar it NIPO enketeare. Ik kaam by stokâlde minsken terjochte, earne yn de wrâld achter Aldhoarne. Ik moast ûnder mear freegje nei it gebrûk fan spree foar de tredde oksel. Ik slokte in pear wurden yn en sloech de fraach oer, wat fansels net mei fan it NIPO. Sok freegjen is typearjend foar Gesellschaft, manipulaasje fan behoeften, massakonsumpsje, yndividualisearring.

Immen freget my: is dy útsinnige mannichte by it bekend wurden fan LKH2018 no in foarbyld fan Gemeinschaft of Gesellschaft? Ik sis him earlik dat ik der neat fan sizze kin sûnder neiere stúdzje. It feit dat men elkoar letterlik om ‘e hals fleach, wiist op in fierweihinne fielde ûnderlinge gelikens. Dizze om ‘e nekke fleanderij is sels in stikje kultuer yn ûntjouwing. Wie it koartlyn noch beheind ta famylje, der kamen al gau freonen en kunde by en no is it al safier dat sa’n kliber minsken dy’t itselde feestlike barren ûndergeane om inoars nekke hingje.

Sa smyt in yngeand event in noflik nij stik kultureel gedrach op. Boppedat liket de omearming yntimer te wurden en langer te duorjen. Deputearre Jannewietske de Vries sprong wol in heale meter omheech om in grutte keardel te omearmjen. Dúdlik dat hjir tal fan ‘schone taken’ lizze foar de sosjolooch!

Mar pas op mei pleinen mei minsken. It is net altyd feest. En oan dy man dy’t fan achteren hieltyd ropt: ‘Gemeinschaft, dat is Staphorst!’ jout nimmen omtinken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.