Midfrysk Goud

REINIER SALVERDA –

Dit is in boek dat jim lêze moatte, in boek fol prachtich moai Frysk, mei in grut en nijsgjirrich ferskaat oan sântjinde-iuwske gedichten, ferhalen, deiboekfragminten, twapetearen, sprekwurden en siswizen, yn teksten fan Gysbert Japix (waans 350ste jier fan ferstjerren wy yn 2016 bezinken), mar ek fan in tal oaren út syn tiid dy’t net minder fleurich skriuwe kinne, ûnder oaren Jacques Vredeman, Titia Brongersma, dûmny fan Hichtum, en de Boerealmanak fan 1676. Der is in soad te genietsjen yn dit boek. Dat, lês it at jim fan poëzy hâlde, of fan ryk en prachtich Frysk, at jim fan frije en wakker frijmoedige teksten hâlde, of niget hân oan lyryske en ûndogenske ferskes, eroatyske sankjes en dialogen.

Lês dit boek benammen ek om Eric syn kommentaren. Sa’t er seit: literatuerskiednis heart altyd kultuerskiednis te wêzen (p.16). En sa makket er, bygelyks by it stik Ansk en Houck fan dûmny Fan Hichtum, dúdlik hoe’t wy út dizze diskusje tusken twa Fryske froulju in soad leare kinne oer de Fryske frijery, oer hoe’t doedestiids de houlicks- en trouwerasiegewoantes wiene, benammen dan fan de Fryske jongfeinten. It is wol dúdlik dat de Friezen doedestiid der tige fan hâlden en der wakker frijmoedich oer songen, dichten, sprutsen en skrean hawwe. Yn de eroatyske literatuer dy´t Hoekstra ús hjir biedt, leit de klam net sasear op de died mar krekt op ferlieding en op it foarspul, op sankjes fan langstme en it brûken fan leave wurdsjes.

Dat wie doe yn hiel Europa sa. De literêre mode fan de 16e iuw wie dy fan de neolatynske Basia, de tútsjes, de titel fan de ferneamde bondel út 1541 fan de dichter Janus Secundus út Mechelen en Den Haach. Mar yn kontrast ta dy neolatynske tútsje-gedichten, skreaun as mannemonologen oan en oer de o sa leave famkes, meast ferklaaid as klassike nimfen en goadinnekes, fine wy hjir in Fryske dialooch, dêr’t twa froulju, Ansk en Houck, yn pleite foar earlikens: net nee sizze ast ja bedoelst, en opkomme foar de frou en har plesier yn de leafde. Dermei liket dit stik fan dûmny Fan Hichtum, mei syn eroatysk realisme en libbene taal, wol in kritysk Frysk en frij frouwenandert op dy gelearde tútsjes fan Janus Secundus dy’t net fan it papier ôf komme.

Oars sein, wat hjir yn dizze Fryske poëzy beweecht is – sa’t Hoekstra it formulearret – frijmoedige eroatyk en regionaal bewustwêzen giene hân yn hân (p.13). Dat makket Midfrysk Goud ta in ryk boek, foaral ek om’t hjir ús taal en ús literatuer fan trije, fjouwerhundert jier lyn refitalisearre en op ‘e nij tagonklik makke wurden troch Eric Hoekstra, sa lêsber as mar kin, krekt as waard it allegear justerjûn spesjaal foar ús skreaun.

It binne teksten dy’t hast fan de blêdside ôf spatte. It stik fan Ansk en Houck “kin sa opfierd wurde!”. De villanellen van Vredeman, de gedichten fan Jan Starter en dy fan Gysbert kinne daliks songen wurden. Leafde en langstme meitsje yn Fryslân datst fansels te sjongen giest. En dat wer makket it mooglik dat fia dizze poëzy âlde en hast ferjitten Fryske wurden op it mêd fan frijen en leafde – lykas ‘lylje’, ‘pea’, ‘patsje’ en ‘paaie’ – hjir in nij libben krije yn it Frysk fan no.

 

Leafde en langstme meitsje yn Fryslân datst fansels te sjongen giest.

 

De Fryske Akademy hat, sa lang at sy bestiet, altyd krewearre om de Fryske literatuer beskikber te meitsjen foar de minsken fan no, yn wittenskiplike boarne-útjeften en stúdzjes, yn blomlêzingen en oersettingen. Eric Hoekstra syn Midfrysk Goud is – sa’t bliken docht út de Bibliografy – mei ta stân kommen op basis fan eardere FA-útjeften, bygelyks fan Philippus Breuker oer Gysbert Japiks, fan Frits van der Kuip oer Burmania, en benammen ek fan âld-direktuer Jelle H. Brouwer, dy´t yn de jierren tritich oant sechstich al foar fiif fan de njoggen skriuwers yn dizze bondel de teksten útjûn hat.

Sa wurdt ús taal- en kultuererfgoed fan lang lyn, tagelyk mei de wittenskiplike tradysje fan de FA, hjir no nij en fernijd trochdien oan ús. En dat wurdt dien yn in foarm fan dizze tiid, troch de online útjouwerij Elikser fan Jitske Kingma, en har winkel op ‘e Ossekop, dy’t no al in pear jier lang de Fryske literatuer beskikber makket as e-book, tegearre mei echte boeken fia printing on demand.

Dernjonken neam ik noch de bydragen ta dizze bondel fanút de Wurkferbannen fan de FA, dizze kear twa tagelyk sels, it Musikologysk en it Literêr-histoarysk wurkferban, dêr’t Eric foarsitter fan is. Wy hawwe hjir te krijen mei in fruchtbere formule foar wittenskiplike gearwurking, dy’t safier´t ik wit únyk is yn it nasjonale ynstitútenlânskip. Mei publikaasjes soks as dit boek leverje de Wurkferbannen in weardefolle bydrage ta de wittenskiplike produksje fan de Fryske Akademy.

Ta einbeslút noch in koart wurd oer Eric Hoekstra. Fia de Akademy koe ik him fansels al as in tige warbere kollega op it mêd fan de taalkunde, mei kreaze artikels op syn namme oer Fryske grammatika yn top ynternasjonale faktydskriften; ek is hy ien fan de triuwende krêften achter it Taalportaal Nederlânsk-Frysk, it grutte NWO-projekt foar in taalkundige ynfrastruktuer foar de twa offisjele talen fan ús lân.

Boppedat is Eric skriuwer, fan Fryske gedichten en romans, fan filosofyske essays en Liwwarderse kollums. En eltsenien kin him wol as de Fryske Diogenes, as de filosoof dy’t begjin 2007 yn syn Ljouwerter ton foar boekhandel Van de Velde op ‘e Nijestêd de Guardian yn London helle hat.

Mar wat net eltsenien witte sil, Eric is ek de inisjator fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF), de webside mei Fryske oersettingen fan klassiken út ‘e wrâldliteratuer – mei wurk fan Shakespeare, Erasmus, Dante, Thomas More en Gorter. En hy hat sels ek kreaze Fryske oersettings op syn namme, fan Nietzsche (Oarekant Goed en Kwea, 2003), fan it Sanskrit-epos de Bhagavad Gita (2012), en meikoarten, dizze moanne noch, fan de Tao Te Ching, it grutte wiisheidsboek fan de sineeske filosoof Lao Tze.

En sa begripe wy hoe’t er no ek de Fryske literatuer fan de 17e iuw oerset nei ús eigen libbene Frysk, yn dizze bondel dy´t wier de goudenste Fryske teksten út de 17e iuw foar ús wer hielendal nij en fers en frij en lêsber makket.

Ik wol him hjir graach tank sizze foar dit jewiel en ik bin der wis fan dat dit boek fertúten dwaan sil, dat it in soad nocht en wille jaan sil oan eltsenien dy’t dit frije en frijmoedige frijersgoud yn it Frysk mar yn hannen krijt en lêze sil.

Eric Hoekstra, Midfrysk Goud. It bêste út ‘e 17e iuw yn goed lêsber Frysk. Elikser uitgeverij, Ljouwert 2015.

 

Tankwurd by de presentaasje fan it boek Midfrysk Goud fan Eric Hoekstra, Akademydei Fryske Akademy, freed 11 septimber 2015, WTC Ljouwert

Comments
2 reaksjes oan “Midfrysk Goud”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.