Yn memoriam Ari van Tienhoven

JANNEKE BERGSMA, HANS BRANS – 

Sûnder kultuer gjin mienskip. Sûnder Frysk gjin Fryslân. En wêr moetsje taal en mienskip elkoar yntenser as foar it fuotljocht fan it Frysktalich toaniel? Lykwols is de iennichste literêre priis foar oarspronklik, Frysktalich toaniel – de Fedde & Martha Bergsma Priis – net ynsteld troch de provinsje, in gemeente of in Fryske kulturele stifting, mar troch in Hollânske partikulier. Wa wie prof. Ari van Tienhoven en hoe komt it dat hast net ien yn Fryslân dat wit?

Ari van Tienhoven waard berne op 22 april 1922 yn Den Haach. By it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch stie hy ynskreaun by de Lânbou Hegeskoalle yn Wageningen. Yn 1942 stie hy, lykas alle studinten yn die tiid, foar de kar om de loyaliteitsferklearing fan de Dútske besetter te tekenjen of oars ûnder te dûken. Want wa net tekene waard oppakt foar de ‘Arbeitseinsatz’ yn Dútslân. Van Tienhoven keas foar ûnderdûke en sadwaande kaam hy yn 1942 te lâne by de famylje Sytsma yn Wurdum.

Yn Wurdum rekke hy foar it earst yn syn libben fereale. Syn lok mocht lykwols mar koart duorje. Syn leafde dy’t hy tusken de ‘houtsjes’ (brechjes) fan Wurdum en Wytgaard jûns stikem moete, rekke siik en stoar oan diftery. Om’t it yn Wurdum net mear feilich wie, moast hy by de Sytsma’s, dêr’t hy it sa nei it sin hie, wei. Der waard om in nij ûnderdûkersplak socht en Ari kaam telâne by Fedde en Martha Bergsma op de pleats yn Jellum. It jonge pear hie yn 1944 trije lytse bern ûnder de fjouwer jier. Dat Ari koe der wol by.

Doe’t Fedde Bergsma it grutte fertriet fan de jonge man seach betocht hy: dizze moat in doel ha, oars wurdt der hjir gek by ús op de souder. Martha soarge foar de emosjonele kant om Ari wer wat op it spoar te krijen. Ari fertelde letter dat hy soms ferlegen fan Martha waard, mei al har blidens, leafde en fragen. Thús yn Den Haach hie hy in hiele kâlde opfieding hân. Fedde joech Ari de opdracht de stambeam fan syn fee út te sykjen. Sa rekke hy ynteresseare yn de erfelikheidslear. De genetika hie him sa beet dat hy nei de oarloch fan stúdzje feroare. Nei’t hy yn 1947 nei Amearika emigrearre, waard hy heechlearaar yn animal physiology oan de universiteit fan Cornell yn Itahca yn de steat New York. Yn 1959 waard er Amerikaansk steatsborger.

Fedde Bergsma fan syn kant rekke ynspirearre troch it tragyske libbensferhaal fan Ari en skreau dêr syn earste stik oer: ‘Har lêste winsk’. Doe’t hy de smaak te pakken krige folgen der noch folle mear stikken, wêrûnder syn bekendste stik ‘Mariandel’. Troch dizze tafallige krusing fan libbenspaden setten de beide mannen elkoar dus op in oar spoar. Martha en Ari’s lettere frou Ans koene it ek goed mei elkoar fine en der ûntstie in freonskip foar it libben tusken beide húshâldings.

Doe’t yn 1991 Martha krekt stoarn wie en in heal jier letter Fedde syn libben ek ta in ein komme soe, kaam Ari mei it foarstel om Fedde en Martha te earen en in priis yn it libben te roppen dy’t nei harren neamd waard. Doel fan de priis wie: it befoarderjen fan it skriuwen fan oarspronklik Frysk toaniel.

Peter te Nuyl, doetiids artistyk lieder fan Tryater en ek bestjoerslid fan de Stifting Stimulearing Frysk Toaniel pakte it útstel op en sa kaam der in dochter-stifting fan de SSFT dy’t de priis oant no ta seis kear útrikt hat. In betingst wie lykwols dat de oprjochter fan de priis ûnbekend bliuwe soe. Dat hie ek wer net sa folle om ‘e hakken, want by de twadde kear sieten Ari en syn frou stil op de earste rige. Mar no mei elkenien it wol witte: de oprjochter fan de priis foar Fryske toanielskriuwerij is in Hollanner út Amearika mei in Frysk hert.

Ari van Tienhoven stoar op 31 jannewaris 2014 yn Ithaca.

 

 

Comments
Ien reaksje oan “Yn memoriam Ari van Tienhoven”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.