Mediakeunst foar de gewoane minsk

Publisearre op 17 november 2014

MONIQUE FLINKER – 

De omkearde wrâld, dêr liket it wol wat op. Mei in spegel op de noas rin ik troch de hal fan de Kanselarij yn Ljouwert. De rûte dy’t ik folgje moat, stiet útstippele op it plafond. Mar dan ferspringt it plafond. Doar ik noch fierder te rinnen? Hiel foarsichtich set ik noch in stap. It liket as stap ik de ôfgrûn yn, mar gelokkich rint de flier gewoan troch. In hiel aparte ûnderfining.

It is ien fan de publykslûkers op it Media Art Festival yn ús haadstêd: ‘de Wentel’. It festival dat al bestiet sûnt 1994 is no foar it earst trije wiken lang te sjen en te belibjen. Jonge keunstners toane hjir harren wurk mei moderne mediatechniken. “We wilden het vooral toegankelijk maken voor een breed publiek. Normaal moet je echt een bepaalde kennis hebben om dergelijke exposities te bekijken. Dat is hier niet. Dit is laagdrempelig”, fertelt direkteur Andrea Möller fan it Media Art Festival.

‘Dit binne de Willie Wortels fan de mediakeunst.’

Grutsk lit se sjen wat der allegear tentoansteld wurdt, mar benammen ek te dwaan is. Der is socht nei in goeie miks, leit se út. It is net de bedoeling dat besikers allinnich foar in keunstwurk stean, der nei sjogge en dan wer fierder rinne. Minsken moatte aktyf meidwaan. Sa steane wy ynienen foar in grutte swarte boks. Hjir kinne je muzyk fiele. Ik krij in soarte fan harnas om, mei allegear sensoaren derop. Ik mei sels in nûmer kieze dat ik hearre wol. De koptelefoan giet op en dan stean ik dêr, allinnich yn in tsjustere romte. De muzyk begjint en de sensoaren op it fest trilje mei op de melody fan de muzyk. It jout in apart gefoel, mar is ek wol ûntspannend.

Fierderop yn de kelder stiet in kast mei in ferskaat oan servys deryn. Inkelde kopkes lizze lykwols al yn tûzen stikjes op ‘e grûn. It docht bliken dat de kast ferbûn is mei in earmbân fan de keunstner út Letlân. Har emoasjes meitsje dat de kast trillet. En dêrtroch falt der wolris wat út de kast, seit Möller. In opfallende wize fan it brûken fan mediatechniken, fynt se.

En dat is krekt wêr’t nei socht is. De eksposanten, sawol út Nederlân as Letlân, binne de Willie Wortels fan de mediakeunst. De scouts hawwe it ôfrûne jier alle eineksamens fan de keunstopliedings yn Nederlân ôf west, op syk nei ynventive, bysûndere en ferrassende projekten. Harren wurk stiet ferdield oer rûchwei trije romtes yn De Kanselarij. De isolaasje tsjin it lûd en ljocht bestiet út kartonnen doazen. In duorsume oplossing, neffens de direkteur.

Ek de kantine, as je dat sa neame meie, stiet fol mei doazen. Hjir dogge se tsjinst as tafels. De romte wurdt oer de trije wiken dat it festival plakfynt, stadichoan fold mei keunst en oar guod. It binne benammen artikels dy’t oerbliuwe as in part fan de eksposysje wikselet. Sa wie de earste wike de Public Painting masjine fan Niklas Roy en Kati Hyyppä in grutte hit. De skilderijen dy’t mei dizze masjine makke binne, waarden ferlotte ûnder it publyk. Guon winners hawwe de keunstwurken earst noch yn de kantine stean litten as dekoraasje.

Geande de kommende wiken komt in grut ferskaat oan gasten oer de flier. Sa stie der healwei it festival ynienen in Japanske delegaasje op ‘e stoepe. It wie in ferrassingsbesite fan de gasten fan de provinsje. Mar ek in soad skoalbern komme lâns. Sy kinne ûnder oaren sjen hoe’t elektrisiteit opwekt wurdt út in stikje appel of in bak mei bledsjes. Sâltkristallen ûnder de mikroskoop soargje efkes fierderop foar moaie, kleurrike plaatsjes.

Mar der is ek sport: it projekt fan Jerome Daly, The Swarm, is bysûnder popular. It giet oer in fuotbalwedstriid yn Keulen. Dêr gong in reekbom ôf. Yn stee fan de gebrûklike bylden fan de tv-kamera yn it stadion, keas Daly derfoar om alle bylden dy’t makke binne mei mobile telefoans, op te spoaren en te brûken. Mei-inoar jout dit in folle kompleter byld fan de sitewaasje yn it stadion, fynt er.

Daly is mei syn projekt ien fan de Young Masters. Al dizze fêste eksposanten, 16 yn totaal, binne nomineard foar de Wim Bors Award. Dizze priis wurdt takom wike sneon, 22 novimber, útrikt. Dat is ek de lêste dei fan it festival.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels