Meartalichheidswille

ATE GRYPSTRA – 

Noch net sa lang lyn fertelde in man my dat hy in kollega hie dy’t tweintich (20!) talen behearske, wêrûnder floeiend Russysk en Bulgaarsk. Potdoarje, tocht ik, dêr kin Ivo Niehe noch in puntsje oan sûgje.

Sels kom ik net folle fierder as in taaltsje as seis en de behearskingnivo’s binne nochal … wikseljend. Mar dochs: seis (6!) talen. Dêr hoege jo jo yn ús hjoeddeistige Global Village net bepaald foar te skamjen, tocht ik sa.

 

 Ik typte ‘Grutte Pier’ yn as fertaling fan ‘Pier the Great’ en seach yn in omsjoch ‘Pier el Grande’ en ‘большой пьер’ ferskinen.

 

As wy de rynsk oer ús hinne struide meartalichheidsmantra’s fan de lêste jierren leauwe meie, soenen multylingwale minsken net allinne de grutske besitters fan in stel ferskriklik fleksibele harsens wêze, mar ek nochris aardich minder kâns op Alzheimer ha, yn fergeliking mei dy earme stumpers fan ientaligen. Kognitive foardielen by de rûs dus, mar meartaligens kin ek simpelwei in soad ‘fun’ opleverje.

Om in foarbyld te neamen: ik bin no al in goed jier ferslave oan Duolingo. Ast it Ingelsk in bytsje yn ’e macht hast, kinst mei dizze ynnovative en ynspirearjende taalapp yn ‘no time’ de begjinsels oppikke fan in hiel skala oan talen.

‘Jag lärar mig Svenska’, ‘frische mein Deutsch auf’ en yn it Italjaansk wit ik no einlings ek ris wat ‘ragazzi’ binne (moai wurd is dat: sis it mar ris in pear kear achterinoar en jo fiele jo fuort in heale Italjaan).

Myn eigen jonges hawwe harren earste stapkes yn it Dútsk en yn it Frânsk dien mei Duolingo. Mar dan wol fanút it Ingelsk wei. Lit it mar ris efkes yn jo omgean wat der dan allergear yn dy kopkes bart. Ja, ferrekte moai, sa’n taalapp. En noch fergees ek.

De absolút grutste meartalichheidswille haw ik oant no ta lykwols belibbe troch it oersetwurk dat ik okkerdeis dwaan mocht foar it meikoarten te ferskinen kompjûterspul Cross of the Dutchman.

Dizze ferhaalrike aventoeregame giet oer ús lokale folksheld fan formaat, Grutte Pier. Mei in oersetterke as acht wienen wy allegear op itselde momint oan it wurk yn it Google Docs-dokumint fan Triangle Studios út Kammingabuorren (‘of all places’ …).

Der wie werklik sprake fan simultaan oersetten. Ik typte ‘Grutte Pier’ yn as fertaling fan ‘Pier the Great’ en seach yn in omsjoch ‘Pier el Grande’ en ‘большой пьер’ ferskinen. Ik sette ‘Rest in peace’ oer yn ‘Rêst yn frede’, mar seach fuortdaliks ek dat it ‘Hvil i fred’, ‘Descansad en paz’, ‘Vila i frid’ en ‘Ruhet in Frieden’ wie.

Wat in wûnder fan ynternasjonale kollaboraasje. En wat in taalgeniet!

Comments
Ien reaksje oan “Meartalichheidswille”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.