Marijke Roskam – de keunst fan it fêsthâlden

BART KINGMA –

Frijbliuwend, dat is miskien wol it iennichste wurd dat se net ken. Marijke Roskam hat in flinke vocabulaire, wit wat se sizze moat tsjin baaskes en buorlju, mar it wurd ‘frijbliuwend’ sil se net faak brûkt ha yn har libben. Neat is frijbliuwend. Wurk net, relaasje net, Fryslân net, famylje net.

Dat lêste, dêr knypt it wat. In heit dy’t har achterliet doe’t se lyts wie, in styfheit dy’t samar ynienen stoar, it sette de bile oan de woartel fan it fertrouwen yn duorsume relaasjes. It kin altyd samar foarby wêze. Dat besef stiet as in tatoeaazje yn har hûd kerve. En dêr hannelt se neffens. Troch har ta te rieden op it eventuele ferlies, troch harsels altyd oeral rêde kinne te wollen. En foaral troch elkenien om har hinne goed en stevich fêst te hâlden salang’t it kin.

Sa besiket se elk te helpen dy’t har stipe brûke kin, besiket se der te wêzen foar har neisten, besiket se in tsjinjende rol te ferfoljen yn de maatskippij. Mei ynmoed en fleur, om safolle mooglik goeie mominten te garjen dêr’t se de mindere tiden mei te liif kin. Dêrom nimt se in ynspirearjende tekst mei nei de Fiel de Nacht studio op Amelân, en fleurige muzyk. Om te praten en te sjongen oer de moaie dingen fan it libben. Dat moat, as in elikser. Want neat is frijbliuwend.

Fiel de Nacht mei Marijke Roskam. Tiisdei 2 jannewaris op Omrop Fryslân Telefyzje, 17.15, 18.15, 19.15 oere ensafh.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.