‘Maar als je dichter bij de Friezen komt dan is alles mooi rechtgetrokken.’

REMCO DE VRIES – 

Oardel oere op it wetter. Dêr moat skriuwer en dichter Maarten Inghels út België it mei dwaan. Hy moat der ek noch acht oeren foar yn de trein sitte mei fjouwer oeren hinne en fjouwer oeren werom. En as ik him net op tiid yn Ljouwert krij, wurdt it in lange rit mei him nei Antwerpen ta. Al is it gjin ferkeardenien om mei te reizgjen want der komt al gau in nuveraardige ynformaasje-útwikseling op gong, al foardat wy mei it hierde boatsje út Earnewâld De Alde Feanen yn farre. Fragen wurde steld en de blik reizget oer it lânskip ûnderweis. Dat is logysk want yn it koarte skoftke tiid hjir yn Fryslân moat Inghels genôch yndrukken opdwaan foar in gedicht passend by ien fan de plakken dêr’t in marboei leit.

“Wat mij daarnet opviel is dat de randen van de plas hier nogal wild zijn, rommelig en begroeid. Maar als je dichter bij de Friezen komt dan is alles mooi rechtgetrokken.”

In wettersporter is hy net, it yn lykwicht bliuwen yn it boatsje is dus wat in wrakseling, mar de Belch genietet wol. Fan de earste kear dat er yn ús provinsje wie wit hy neat mear, want doe wie er noch lyts. Mar in resinter ferbliuw yn Blauhûs en omjouwing stiet him noch goed by. Dat ferbliuw hat foaral op it lân west. Dochs lit ik him al gau farre mei it fjouwer pk twatakt motorke. Dan kin ik filmje en fotografearje. It fêstmeitsjen fan de boat oan de marboei lit ik ek oan him oer. En no’t er flink oefene hat, leit de fraach foar de hân oft hy it ek sitten sjocht om in nacht oan sa’n boei te lizzen. Inghels: ‘Ik weet niet of ik voor lange tijd aan zo’n boei zou kunnen hangen. Ik heb na een tijdje toch liever vaste grond onder mijn voeten. Maar zo’n huisje of hutje naast het water hier, dat zou ik wel toejuichen. Om daar een tijdje te kunnen schrijven zou ik wel fantastisch vinden.’

Hy mei dan wol in man fan de stêd wêze, Inghels omskriuwt himsels as in natoerleafhawwer. Hy hâldt foaral fan de bosk. Dizze koarte besite oan De Alde Feanen moat syn earste natoergedicht opsmite. Inghels: ‘Wat mij daarnet opviel is dat de randen van de plas hier nogal wild zijn, rommelig en begroeid. Maar als je dichter bij de Friezen komt dan is alles mooi rechtgetrokken. Rechte oevers! Heel erg op zijn Nederlands gedaan. Alles moet recht zijn! Dat zie je ook in de weilanden. De sloten moeten recht door het weiland lopen. Die ordelijkheid valt op; alles wat krom is zal rechtgetrokken worden. Misschien dat ik daar iets mee zal doen.’ Oer de foarm wit Inghels net folle mear te fertellen as dat it in gedicht wurde sil: ‘Waarschijnlijk een heel recht gedicht, zoals de oevers hier, heel symmetrisch en met de lineaal afgemeten. Maar nee, ik weet het nog niet. Het moet nog komen. Straks op de lange, lange treinreis naar huis zal ik eraan werken.’

Wylst Inghels yn Antwerpen út syn trein stapt, stap ik wer om yn De Alde Feanen. De grûn fearret ûnder myn fuotten en de djerreblommen oan de wâlkant dogge harren bêst om it lêste jûnsljocht te fangen. De himel wurdt read en de guozzen komme werom út ’e greiden op syk nei harren sliepplakken. It konsert fan de kikkerts wurdt lûder en lûder en de sluter fan myn kamera klikt mei om it foarbygean fan wer in dei yn ljocht en foarm fêst te lizzen.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014),  3 (juny) s. 36-37.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.