fotografy: Paul Hoes

Mansholt

EELCO VENEMA – 

Doe’t ik njoggen wie, wie it libben dúdlik en oersichtlik. Ik soe boer wurde, krekt as ús heit, dêr wie gjin twifel oer. Doe noch net. Wat ik net wist, wie dat myn heit al lang de striid ferlern hie yn de ‘voortrazende’ trein fan ûntwikkeling en ynnovaasje op agrarysk gebiet. It wiene de tiden fan ‘boterbergen’ en de ‘superheffing’. Us heit – de boer tsjin ‘wil en dank’ – koe net mei yn de race fan grut, grutter, grutst en moast úteinlik belies jaan. Myn libben waard in stikje yngewikkelder. Al wie ik like min yn ‘e widze lein foar it boerelibben.

Ien fan de meast bysûndere teaterstikken fan dizze simmer.

It teater bliek mear geskikt en fia teater kom ik telâne yn it plakje Bears. Dêr spilet dizze simmer Helmert Woudenberg, in ferneamd Hollânsk akteur, de rol fan Sicco Mansholt. En fia Sicco Mansholt kom ik wer werom by it boerelibben. Want it wie dizze figuer – in markant man, oorlochsheld en sosjalist – dy’t it lânboubelied nei de oarloch foarm joech. Yn de neijierren fan syn karriêre sjocht er werom op syn wurk mei in dûbelt gefoelen. Wat binne de grinzen oan de groei dy’t hy mei mooglik makke hat? Mei hokker gefolgen wurde wy no konfrontearre?

Mansholt is in man fan ynterne konflikten; a troubled man. En dat is fansels altyd nijsgjirrich op toaniel. Boppedat spilet it tema, syn wrakseling mei it ferline en de diskusje oer de grinzen fan groei, yn dizze tiid in wichtige rol. Reden genôch om in kaartsje te keapjen foar ien fan de meast bysûndere teaterstikken fan de simmer fan 2014. It hat al te sjen west op festivals Oerol en Karavaan en sil de kommende moannen rûnreizigje troch ferskate provinsjes op boerepleatsen. Yn Bears te sjen fan 11 oantemei 19 july yn it Aldahûs.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.